Redaksioneel
Dit supplemint fan trotwaer tsjûget fan 'e jammerdearlike tastân, dêr't ús tydskrift troch finansiële swierrichheden yn forkeart. It tsjûget ek fan ús writen dêr hwat oan to dwaen. Fierders biwiist it dat wy yn in soarte fan ‘underground-foarm’ wol trochdraeije kinne. Wy wolle lykwols dat trotwaer in offisieel podium bliuwt, in koartsthermometer, mar tagelyk in fisitekaertsje fan 'e HJOEDDEISKE literatuer yn Fryslân.
Wy dogge in birop om meiwurking op elkenien, dy't him of har op hwat foar wize dan ek mei Fryske skriuwerij dwaende hâldt. Fryslân kin him de wielde fan 'e ûndergong fan trotwaer net permittearje.
Us tsjinstanners en haters wolle wy net bikeare, mar har der yn alle biskiedenheit op wize, dat se mei de forneatiging fan trotwaer har eigen kulturele glêzen yn smite. Sûnder trotwaer wurdt it Frysk binnen de koartste tiid in deade tael (foarsafier't it dan in tael is). Sels de Ljouwerter Krante bigjint dat lang om let (d.w.s. 2 jier to let) yn to sjen.
Trotwaer is in literair tydskrift en dus gjin kommersieel artikel. Wy moatte it lyk as alle literaire tydskriften ha fan subsydzje. Dy krije wy dan ek fan C.R.M.. It Frysk makket trotwaer noch minder kommersieel. Wy ha dus mear subsydzje nedich en dy forwachtsje wy fan 'e Provinsje. Wy dogge dêrom út namme fan alle Greate Pieren en binammen lytse wjirms yn 'e Fryske lettertún in birop op de provinsiale autoriteiten dy't oer ús subsydzje to kedizen ha, trotwaer net stikke to litten.
Om alle misforstân foar to kommen; trotwaer wol NET wêze:
In blomlêzend tydskrift, dêr't elkenien him mei konformearje kin.
In podium foar in lytse clan, dy't tafallich de macht forovere hat.
In reklamefolder foar bg. Miedema Pers, V.V.V. of F.N.P.