Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Jan Dotinga / Flerk yn it ljocht Boaten fol sinne binn' nei it lân reizge en hawwe harren in kening keazen. Manmachtich hawwe hja in lytse slankenien balansearjend yn it ljocht set. Dêr stiet er dan en wifket tusken wyn en weagen. Mar de sinne is in master: elke dei hat syn eigen tij, yn formannichfâldiging fan waermtes wurde de flanken trochsichtich as lucht - it boat seach him eagen út. Yn in romte fan harkjen ûntsteane reagen fan flústerjen, tikboartsjend tusken skaed en ljocht. Nei: WINGED FIGURE Barbara Hepworth uitgez. 1-11-'70 Vorige Volgende