Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 65] [p. 65] Tiny Mulder / Chanson oktober ik haw it ynlizjild kreake út de kearn fan myn wêzen en bitelle mei krûdich sykheljen yn heechgeberchte fan freugde, dy' stou skepen haste út in hânfol hert. sûnt bifar ik de stoarm fan myn tinken oermoedich yn myn lea elmusfjurren barnend op 'e neilen en swinke myn dagen yn it gelid nei de dou-tiid. Uit: ‘Oranje paraplu’ Uitg.: Laverman - Drachten uitgez. 30-9-'70 Vorige Volgende