Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Freark Dam / Fatum? Wês wach en wês ré om to flechtsjen, as de Dea gjin ausweis jowt stiest' moarn oan 'e fronten to fjuchtsjen. - Massagrêf of in krús fan hout? Wês wach: op 'e hoek van 'e strjitten hâldt de Dea kontrôle en de wacht. - Hwat jowt it, werom to sjitten, - hwa heart dyn lûd yn 'e nacht? Wês wach, nou't de wolven gûle en de huzen to brânnen stean. De stoarm saeit granatehûlen: fruchten fan sels-siedde beam. Mar aenst, oan de ein, út it Easten riist misskien noch in oare Gloed? Wês wach, wês wach, hwant de measten stjerre foargoed. 1943 uitgez. 17-6-'70 Vorige Volgende