Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 8] [p. 8] [pagina 9] [p. 9] Utfanhûs fan Durk van der Ploeg Yn it jier nul de ierde bêd en alle bêdden sé ik fear by god en beppe yn 'e weach en lei yn har waerme lijte letter gyng ik mei pake de wrâld yn by de sé lâns pake friet tabak en spij allegedurigen yn 'e kristenjoad jouns lies er mei triljend lûd út 'e skrift hy rôp wel godfordomme doe't se my yn 'e blikke delhouden mar bea oanhâldend om it ôfbrekken fan ús ierdske tabernakel trou knibbele ik jouns foar de matsjestoel dy't sa stonk op 'e konten fan de geande en kommende man hwant de lucht hâldt sa oan tusken it bies. Vorige Volgende