It folgjende gedicht dêr't wy ús op fêst bieten, wie dat fan Jan de Vries ‘soasjale steat’, ynstjûrd ûnder it motto ‘protest’. Nou, lit my it mar planút sizze: dit gedicht is ûnder protest fan my by de bikroande fersen kommen. Wol singelier, om't de bikroaning fan De Vries syn ‘sicht op in flat’ my forline jier tige nei't sin wie en dit nije fers ek foar my in bifêstiging is fan De Vries syn talint. Ik soe der dan ek folslein frede mei hawn hawwe, as it ynstjûrd wie ûnder it pseudonym ‘gershipper’ en mei de titel ‘âlde eamelders’. It meilijen dat ik foar dit soarte fan ‘slachtoffers’ opbringe kin, hâldt de wanten wol oan en de bûsdoek foar de noas. ‘Hwa yt in stik fan syn libben op?’, freegje de stakkerds. Fordoarje, dogge wy dat alle dagen net? Wy kinne allinne ús bêst dwaen der hwat plesier fan to hawwen. Dêrom, leve de gershipper!
Oan 'e ein fan myn poëtyske rounfeart kom ik by ien dy't hjir gauris út en ynrint, Tiny Mulder, dizze kear mei ‘La mise en mots’, in titel dy't it goed docht as yntroduksje foar in gedicht mei esprit.
Hwat de forhalen oanbilanget kin ik al wer forwize nei hwat Lolle Nauta sein hat oer forhalen mei in fluts nijmoadrichheit deryn. Sa hienen wy fan't jier in nudistekamp yn in Frysk wetterlânsdoarp en in gefal fan homoseksualiteit mei tragysk gefolch. Sokke krûderij moat net birierd wurde yn âlderwetse boerekost. Fierder soe ik de rie jaen wolle hoeden to wêzen mei it oanheljen fan Sartre, Arthur Miller en sokken. It kin licht forgelikings oproppe, dy't foar it ynstjûrde wurk net gunstich útfalle. Earnstiger bidoeld is de warskôging: Lûk de hannen net to gau fan in stik wurk ôf. It is bigreatlik, as in forhael dat dúdlik literaire kwaliteiten fortoant, ûnder de priis bliuwt, om't it like dúdlik to min bihoffene is.
By de forhalen kamen wy oan 'e ein fan ús skifterij op trije dy't neffens ús trijen - gjin alwittenden - fortsjinnen. Fierder wienen der twa sketsen dy't de jury nei it hifkjen op har letterkundige wearden, lyk as de oprop it sa moai seit, foardroegen hat foar in bileanning, mar net foar it folle bidrach.
By it earste fan dy gefallen stie de kwantiteit it takennen fan de folle priis yn 'e wei. Yn 'e oprop stiet alle jierren wer dat it in priisfaech is foar forhalen fan net minder as likernôch 2000 wurden, net mear as likernôch 5000. Nou sit der wol safolle romte yn dat likernôch, dat de jury hoecht net to tellen, oft der ek krekt ien wurd tofolle of to min is. Mar as it hast de helte skilt, moat in jury wol konkludearje, dat net foldien is oan in dúdlik stelde eask. Fanwege