Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 40] [p. 40] Harm de Vos / Houtigehaege der stiet skreaun dat jezus libbet njonken ‘Huize Vrede’ oan in wei fan ‘Ljocht en Fjild’ tichteby in houten haege en dochs lykwols mar hwerfoar 2000 jier minsken stjerre troch minsketúch en minskehânnen sûnder needsaek hiel de wrâld oer troch de ieuwen hinne mûlen fol fan frede hânnen fol fan haet lykwols stiet der skreaun dat jezus libbet njonken ‘Huize Vrede’. leau it mar! it docht jim goed! uitgez. 6-5-'70 Vorige Volgende