Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Anne Jousma / Ljocht en stof Ut dûnker hout stiigde de flammegloede as triljend libben út massive stof. Ik seach't yn mymring oan, bitinkend, hoe de flam dounsjend riist út hwat der dea en dof en swier en kâld nou oergiet yn in goede, goudblinkende forskining en lei ôf syn ûnforoarlikheit. Ik tochte: soe de stofskepen foarm sa sykje opnij it hôf, it paradys, dêr't 't al syn oarsprong foun yn ljocht? En hwat hjir foarm en lijen woun, soe't him yn brân wer ta it ljocht bikeare? De hurde stof, út 't ile ljocht formeare, wurdt hjir fan pine en fan langst forbarnd, oant hja opnij yn't selde ljocht toraent. uitgez. 15-4-'70 Vorige Volgende