Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Hein Faber / De rounte Heit gyng ôf It findel strutsen. Ik kaem op. Heech sloech de flagge yn't sinneljocht. In ridder wie ik Tarist foar't tournoai. Myn moed omsleat my as in pantser. Spant wie de bôge fan myn geast Sterk de wil om fjuchtsjende to winnen De ljochtsjende glim fan frêle Fortuna. Mar net hie'k forwachte De lytse dingen fan al den dei Dy't nea ôflittend forsloppen de geast Weakken de wil, toraenden myn pantser En dôven it ljocht yn de loften. [pagina 33] [p. 33] It tij fan de tiid forsliet lichum en siel Nea keam it ta striid mei iepen fisier. Wol kaem ik to sjen de glim fan de frêle Meilydsum en drôf. Hja fierke oer myn skouder En omsjend seach'k myn soan Tarist foar't tournoai. uitgez. 12-4-'70 Vorige Volgende