útfanhûzersbed. Dat is leaf fan har.
- Hat mem Andrea razen heard?
- Razen? Hoe komst der by, oars wie ik dochs wol wekker wurden? Ik sliep al sa licht. Dou hearst mei sok waer fansels wer allegear spoeken. Dat hiest as jonkje al. Kom.
Se loek jo mei har toarre meagere earm nei har ta en jo joegen har in tút op har foarholle dy't nei klonje rûkte.
- Lekker sliepe, hear, en my net wer wekker meitsje. Nou moat ik ek noch in slieppoeijer ynnimme, dat hastou op dyn gewisse.
En se skodde út 'e gek mei har wiisfinger as wiene jo in lyts bern.
- Goenacht, seine jo en gyngen nei de útfanhûzerskeamer dy't om 'e hoeke fan de oerrin lei.
Andrea stie mei de rêch tsjin de doarpost en hime, wylst se strak omheech yn de keamer seach.
- Hwat is der oan?
- Dêr, sei se toanleas.
Op de wite muorre siet in gielgriene feech slym mei donkerreade spatten. In stikmennich hierrige swarte poaten forweegden troch de siging.
- In spin?, fregen jo.
Andrea knikte, slokte. - Sorry, it wie in greatenien. It is al wer oer.
Se seach nei de smoarge efterkant fan it boek dêr't se it bist mei deadrukt hie en smiet it oer de flier.
- Sil ik by dy bliuwe?
- Ik kin mysels wol rêdde.
- Gean dou oars nei myn keamer, dy is droeger, dêr komme gjin spinnen.
- It is wol goed sa.
- Sil ik dy hwat to drinken bringe?
- Lit my mar gewurde.
Se hold de doar foar jo iepen en jo gyngen wer nei jou eigen keamer ta. Dêr leine jo noch in hiel skoft wekker, mei de hannen ûnder de holle, harkjend nei de nachtlûden, nitelich om de ôfwizing fan Andrea. Sa hie se altiten west. Se forwachte help, fuortendaliks, mar as jo dan byspringe woene, wegere se dy help heechhertich. Holpen jo har net, dan forwiet se jo letter dat se gjin omtinken krige. En as jo seine: sykje ien dy't wol foar dy soarget, andere se: dat soest wolle. Fordomme, se wie ek noch sa trou as de pest. Makke se marris in slûperke, lei se marris mei in oare keardel op bêd, dan soene jo har dêrmei nitelje kinne. Ynsté dêrfan kapsele se har yn, lies it iene boek nei it oare en kaem faek yn dagen de doar net út. De lêste tiid waerd se witer en plomper. God noch ta, in matrone fan amper tritich jier en gjin bern.
Jo moatte slûge ha, hwant op 'en nij skrokken jo fan in útgjalp wekker. Diskear wiene jo net fan doel helpfeardich nei har ta to gean om dan ôfstegere to wurden. Se koe harsels wol rêdde. Mar doe't it razen oanhold, ja, hieltiten fûler waerd, en doe't jo neat fan jou mem fornamen, dy't it dochs ek grif hearre