Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 96] [p. 96] Jelle Kaspersma / doch dyn kleaun út bûsen kinst' ommers net brûke om wille en leafde to biwarjen foar in letter feest in letter bêd is in iiskast folle gaedliker o ja hjir stiet de sportwein fan de ivige nocht wy binne sa oan de rivièra bist' klear dan geane wy de door stiet klear om foar it lêst tichtsmiten to wurden hwat binne dyn brune boarsten sêft uitgez. 11-3-'70 Vorige Volgende