Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 93] [p. 93] Auck de Boer / Dyn hier wurdt al hielendal griis, sei er en doe't hja derom glimke kaem er mei swierder geskut dy brune plakken op dyn hannen âlde minsken hawwe dy gauris sei er hast wolris heard tink dat se dat deaplakken neame.... ik bin noch geweldich potint sei er net mear lykas eartiids doe spuite ik myn sied wol trije meter safier kon ik nou net mear hja glimke en tocht hwat in bern noch hwant hwat is trije meter foar in machtich skip dat wyld foar syn anker leit to riden op in hôlle siizjende sé. uitgez. 18-2-'70 Vorige Volgende