Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Parradys / Hein Faber Iepen allinne nei de stjerren Leit hymjend yn de simmernacht De binnenpleats fan't flatgebou En sûcht de koele nachtloft yn As wie't de koker fan in skip. De finsterglêzen bylkje as gril forljochte skilderijen oan donk're muorren. Mar de iepen fekken spuije har lûden as in wieljend stream fan klanken yn't muorrefjouwerkant. De jammerklacht fan in mishandelde fioele beart nuver by it rêd getinkel fan firtuoas pianospul. In gramofoan, dy't hieltyd op 'e nij it liet fan de Torero sjongt wol mar net strike mei it trochinoar fan radio's op't lûdst. Deun neist elkoar it geijend laitsjen en lûd petear fan lju by wyn en drank en nea ophâldend byljend hoastjen. Efter tichte ruten draeije sliepers har om en om. uitgez. 15-2-'70 Vorige Volgende