Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Tiny Mulder / Wenning de lea myn lea, mei ik njonkenlytsen wol sizze, wurde my hwat langer hwat fortrouder. se bigjinne einlings lekker to sitten; it fel mei hwat ronfels en tearen foar de ekstra romte dy't in minske noflik fynt. njonkenlytsen drukke de lytse spierkes út hwat ik altyd al bidoeld haw. ik kin suver de takomst al aerdich foarsizze út de tearen dy't ik, dan waerm dan kâld, sels foarme haw. ik soe net graech yn nije lea stappe, nou't ik my einlings nei't sin ynrjochte haw. en hwat moat dat skielk wurde mei dat nije lichem dat ús tasein is; hwa moat dêryn wenje? ik? uitgez. 4-2-'70 Vorige Volgende