Operaesje fers yn febrewaris en maert 1970
jildsaekjes.
wy ha it ein fan 1969 helle. as wy it jild fan de pseudo g.j. priis net hawn hiene, hie Operaesje fers earne yn 'e buert fan 'e styx syn fersen spuije moatten.
fan curema is it jild oer 1969 ynkommen: f 6.000, -!
by de gemeente ljouwert is men drok yn roeren om ús wer hwat ta to skikken.
ek by de provinsje kin men dy drokte fornimme.
it anjerfouns hat ús oanfreach ôfwiisd.
ús exploitaesje ha wy foar dit jier bigreate op sa'n f 10.000, - foar ynvestearringen kinne wy noch wol in f 15.000, - brûke. wy kinne hjirmei noch foarút.
it saldo op 'e bank, yn 'e kas, en op 'e giro is mei syn trijen op dit stuit noch likernôch f 200, - ek hjirmei kinne wy noch krekt in moanne foarút, as wy foar it gemak dan mar forjitte dat der ek deklareasjes binne, bureaukosten, ôfskriuwingen en neam fierder de hiele rattaplan mar op. lokkich komt dêr nou dy f 6.000, - by.
as de mountsjes mar hwat oan meale...