Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 66] [p. 66] Steven de Jong / Fersen Flecht moarn wurde de schizofrenen wer de baes mei leuzen fol neistenleafde sille se ús fleis ynblikke leverpastei cornedbeef en gehak ús hollen komme op sterk wetter en wurde yn steatsobligaesjes de nominale wearden fan 'e miljoenennota hwer moat ik mei frou en bern dan hinne yn 'e kelder fan 'e flat tusken de fytstsjillen sliepe de holle op in traper o hwat siigt it tusken de speaken gau de bern ûnder de snelbiners de poppe yn 'e fytstas sa fytse wy de wrâld út op syk nei in nij forline [pagina 67] [p. 67] Ein fan 'e dei nou binne wy yn 'e bernekeamer ûnder ús brânt it fjûr de doar kriget bewustzijn en sjocht ús forwitend oan dêr stiet de ierpelsortearmesine wy moatte der troch wy moatte bychtsje ik haw aeltsje har jierdei forgetten ús heit stiet al jierren forpakt yn in doaze op 'e solder fan 't pakhús ik ha der noait mear om tocht hwat is dyn holle blau giele ieren sjitte der bliksemfoarmich trochhinne dû moatst sliepe oars wurdst oerspand doch de radio mar út en kom by my sitten wy kinne hjir net mear stean de flier is to gleon hjir is in keammerke nêst mei in bêd sille wy bidde? miskien is it moarn wol wer dei [pagina 68] [p. 68] De greate brân ha je 't oait sa gek meimakke? it wetter hat fjûr yn en spielt gleonrea it strân op efter de dunen rekket in folkaen de himel en dêrefter forbarnt babylon cinemascope in technicolor tongerslaggen rôlje stereofoanysk nei de ivichheit ik bin in tige objektyf taskôger fan dit wûnderlik barren it lit my iiskâld dochs frekt knappe útfining de gleone weagen spiele hieltyd tichter nei myn bleate teannen ta SYKJE IT FORLERNE raest in hystearyske stimme ik haw s.v.p. wol hwat oars to dwaen NOCH TRIJE TELLEN DAN KOMT DE EKSPLOAZJE VIA IT A.N.P. dêr stiet in man rêstich to tellen is hy de forlerne? hy praet ljouwerters ien twa WHOEMM wy waeije ta it finster út [pagina 69] [p. 69] Chanson de lampe hong sûnder wêzen oan 't plafond sêft gie de foardoar, dû kaemst der yn dû seachst my net, gjin wurd hast sein wylst ik oan dyn fuotten to smeekjen lei doe 't der in kanon by dyn earen ôf gie stoarrestû yn djippe tinzen nei de útdôve peuk yn it jiskebakje se raesden it út, dyn bern, doe't se ien foar ien yn in tobbe sierende oalje dompele waerden mar dû siest to gapjen fan ôfgryslike forfeling ik waerd martele stadich waerden myn neilen fan fingers en teannen ôfskuord mei in gleone pook waerd dyn namme yn myn liif brând ik kerme om genede mar dû seachst neatsizzend by de rôze anjers lâns dy't ik fan myn lêste jild foar dy kocht hie doe't einlings myn lyk foar dy lei siestû stil to gûlen om 't ik dy nea bigrepen hie [pagina 70] [p. 70] Seks ik wachtsje op 'e bus myn geast is folslein fleis wurden de stêd ljochtet de eagen ûndogensk al heupedynjend sil hja de earms om my hinne slaen se komme út 'e flats út v & d út portiken en gatten gluorkje fjurrige langstmen nei sliepkeamers mei lústerjende ljochtsjes út tûzen famkeseagen skettert teenagermuzyk dêr bloeije de kapsels dêr draeije de heupen dêr prykje de boarsten ik wachtsje de bus hja rinne swart foar de reklameljochten de stjonkende grêft lâns fan ljouwert hja meitsje kofje nescafé uteraerd of moccona hja ‘make’ har ‘up’ foar de spegel [pagina 71] [p. 71] muorren forskouwe ik dounsje mei twa fammen om de oranjebeam oei oei in troude keardel mei twa fammen hja ha in goed figuer hja bin sa leaf hja bin noch faem de iene is hiel moai dan komt de plysje hy knypeaget ha jo it sinjael dan net heard? de hiele ploech sit al yn 'e kantine frekte kearel tink ik spitich en bring de fammen by har heiten en memmen de kantine is al ticht ik wrot my troch in klapfinster hinne de pin fan 'e heak skuort my de klean fan it liif [pagina 72] [p. 72] Evangelisaesje der kamen in pear evangelisten oan 'e doar ik moast my bikeare seine se doe haw ik de lantearnepeal (lucifer hiet er) dwars trochmidden riden 't is de auto min bikaem taestend yn 't tsjuster hearde ik dat myn sûnden forjown wiene mar it wie dochs better net wer in lantearnepeal dwarstrochmidden to riden [pagina 73] [p. 73] Fragmint och sa gewoan kin ik dy langút yn it gêrs lizze oan 'e kant fan 'e mar ik biskôgje objektyf dyn sierlike bou mar myn kimen tille fan libben ik sil mei de punt fan 'e finger mei de knipte neil fan 'e etikette de sinne fan dyn kosmos biroere o hear dochs op 'e boaijem fan 'e mar dy hongerige houn! wolst ús samar sinke litte? mei de greatste muoite hâld ik dyn holle boppe wetter dyn woartels sitte yn myn aorta Vorige Volgende