| |
| |
| |
| |
| |
| |
In ûndersiik mei inkelde struktueraspekten fan
de
hite
simmer
fan Tr. Riemersma
troch A. van Hijum
Foar dit ûndersiik is gebrûk makke fan de 1e printinge fan ‘De Hite Simmer’, sa't dy yn 1968 by Utjowery N. Miedema & Co. to Ljouwert útkaem is.
‘It giet net om de smaek fan jan en alleman, mar om de literaire mjitstêven (...)’
Tr. Riemersma yn trotwaer nû. 11/12/69.
| |
Ynheding
De hjir folgjende skôging oer ‘De hite simmer’ fan Trinus Riemersma is opset mei de bidoeling ien fan de mooglike manearen oan to jaen, hwerop't it fenomeen dat roman hjit (hwat men dan ek presiis biflappe wol ûnder it begryp roman) binadere wurde kin.
Troch to stellen ien fan de mooglike manearen ha ik al oanjown dat foar my noch diskutabel is hwat foar binadering de bêste wêze soe, as it al sinfol wêze soe om yn dit forbân oer goed en minder goed to praten.
Om gjin misbegryp op to roppen: fan ien ding bin ik oertsjûge, en dat is dat men de roman yn syn algemienheit allinnich dan min ofto mear rjocht dwaen kin, as men de roman lêst en dan ek analysearret fanút in theorétyske achtergroun; in theorétyske achtergroun dy't allinnich dan yn 'e fingers to krijen is, as men der muoite foar dwaen wol. Bygelyks troch ris nei to gean hwat der oer dizze matearje yn oare literaturen as de Fryske sein is. En dat is noch al hwat.
Dizze skôging sil, nei't ik hoopje, sjen litte dat it yndie de muoite wurdich wêze kin in literair kunstwurk theorétysk to binaderjen.
| |
| |
In tael kin allinnich dan folweardich en libben neamd wurde as men de literaire produkten fan dy tael oan in serieus en dan ek kritysk ûndersiik bleatstelle wol. En dan komt men der net mei miskien wol nijsgjirrige, mar yn dit forbân nou net direkt relevante opmerkingen as: dit is wol/net myn smaek, hwat binne de motiven fan de skriuwer om krekt dit ûnderwerp oan 'e oarder to stellen, ensafuorthinne. Men moat net stúdzje op it mêd fan sosiology, theology, politikology of skiednis fortize mei literatuerstúdzje. It iene kin fansels net bistean sûnder it oare, mar men moat al it iene ûnderskiede fan it oare. En per saldo hinget yn dizze wrâld alles mei alles gear.
It soe, neffens my, saek weze, dat inkelde ynstânsjes yn Fryslân (ik tink bygelyks oan de Fryske Akademy en de Provinsiale Underwiisrie) en ynstânsjes bûten Fryslân as de Fryske Ynstitúten oan de universiteiten meielkoar ûndersochten hwat de mooglikheden binne om to kommen ta in adekwate les: theorétyske) oanpak fan de literatuerstúdzje Frysk. Neffens my moatte der grif mooglikheden wêze om dy oanpak, ek hwat it jild oanbilanget, fan 'e groun to krijen.
It soe net allinnich saek wêze dat er praet wurdt oer in adekwate oanpak fan de literatuerstúdzje Frysk, dat wurdt ek de heechste tiid nou't it, binnen it kader fan de Mammoet-wet, mooglik wurdt Frysk as eksamenfak to nimmen oan de middelskoallen.
| |
Point of view
Alle kennis dy't de lêzer fan in roman krije kin fan de wrâld dy't yn 'e roman skepen wurdt tanket er oan de ‘forteller’ fan it forhael. Dizze ‘forteller’ is net identyk mei de auteur fan it forhael, allikemin as it byld identyk is mei de byldhouwer.
De struktuer fan de roman wurdt yn it foarste plak bipaeld troch it perspektyf, it ‘point of view’ dat de forteller ynnimt neffens it forhael dat er fortelt: Hy kin folslein bûten de roman stean, objektyf werjaen hwat er fan bûten ôf sjocht. Oan 'e oare kant is it ek mooglik dat er midden yn it forhael stiet, sels ien fan 'e dramatis personae is.
Franz K. Stanzel makket yn syn boek ‘Typische Formen des Romans’ ûnderskied tusken:
| |
| |
A. | Aukturiele romans. Hjirby wurdt in prosedé tapast dat yn de 18-e en 19-e ieu bisûnder graech brûkt waerd troch de skriuwers; de forteller stiet yn dit gefal min ofto mear bûten it forhael, is sels net ien fan de persoanen dy't in rol to spyljen hat yn it forhael. Hy ‘ûnderbrekt’ soms it forhael mei essayistysk of moralistysk-didaktyske skôgingen en sprekt sa út en troch de lêzer ris oan yn 'e trant fan: ‘Hoe't dit komme sil, leave lêzer, sille we yn it folgjende haedstik gewaer wurde’. |
B. | Ik romans. De forteller is sels ien fan de persoanen dy't yn de roman in rol spylje. Yn dat gefal kin de forteller de haedpersoan fan it forhael weze: ‘I’ as protagonist (de term ha ik fan N. Friedman). In oare mooglikheit is dat de forteller mar in ûnderhearrige rol hat yn it forhael: ‘I’ as witness (wer in term fan Friedman). By de ‘I’ as protagonist is it perspektyf folslein koppele oan de forteller: De lêzer kin net maer witte as de ‘Ik as haedpersoan’ wit. By it ‘I’ as witness prosedé binne de mooglikheden, perspektifysk sjoen, foar de skriuwer hwat greater: De ‘Ik’ kin troch gesprekken mei de oare forhaelpersoanen de lêzer hiel hwat ynformaesje jaen dy't de ‘Ik’ net fan himsels ha kin. |
C. | Personale romans. Yn dit type romans komt de forteller net mear eksplisyt nei foaren. It forhael fortelt himsels. Dit hat fansels fan gefolgen dat der, yn forliking mei de aukturiele en ik romans, yn sekere sin in objektivearring ta stân komt. |
J. Pouillon is yn syn boek ‘Temps et roman’ hwat djipper yngien op de problemen dy't gearhingje mei it bigryp ‘point of view’.
Hy makket derby in ûnderskieding tusken it psychologyske point of view en it temporele point of view. In tige wichtige ûnderskieding, sa't we yn it forfolch fan dizze analyse sjen sille.
a. | Psychologysk point of view: Under psychologysk point of view moat forstien wurde it punt hwerwei't de lêzer mei it forhael yn kontakt komt, ynsjoch kriget yn it forhael. Pouillon ûnderskiedt:
1. | ‘vision de dans’: it forhael wurdt sa forteld dat de fisy fan de lêzer biheind bliuwt ta de fisy fan de persoan (persoanen) fanút hwa't de forteller syn forhael docht. Mei oare wurden: It perspektyf is koppele oan in bipaeld figuer (oan bipaelde figuren). |
2. | ‘vision dehors’. De lêzer sjocht alle romanpersonages fan bûten út. De kennis dy't de lêzer opdocht is net ôfhinkelik fan it
|
|
| |
| |
|
| sicht dat hwa dan ek fan de romanpersoanen hat op datjinge hwat der yn de roman bart. |
Kin men sizze dat de ‘vision de dans’ in subjektyf perspektyf is, de ‘vision dehors’ is in objektyf perspektyf. |
b. | Temporeel point of view. By it psychologyske point of view is útgien fan de lêzer en is bisocht oan to jaen op hokker wizen de lêzer it forhael presintearre krije kin. By it temporele point of view lykwols wurdt útgien fan de forteller. Pouillon makket by it temporele point of view de ûnderskieding:
1. | ‘vision avec’: De forteller rint net foarút op de takomst, hy jowt gjin oanwizingen hoe't it forhael ôfrinne sil. Dit hat fansels fan gefolgen dat de forhaeltakomst foar de lêzer yndie takomst is, de lêzer rint lyk op mei de foarfallen dy't yn de roman tekene wurde. |
2. | ‘vision par derrière’: De forteller fortelt syn forhael nei't dat al pleats hawn hat. Hy is op 'e hichte mei de ôfrin fan it forhael, en hoewol't de ôfrin fan it forhael de lêzer meastentiids ynearsten net fuortendaliks dúdlik makke wurdt jowt de forteller dochs, mei't er wit hoe't it forhael ôfrinne sil, al oanwizingen foar dy ôfrin. |
|
Oan 'e hân fan it theoretyske exposé dat ik hjir oer it point of view jown ha, sil nou it point of view fan ‘De hite simmer’ ûndersocht wurde.
Earst lykwols sil ik hjir yn it koart werjaen hwat der eins yn dizze roman bart; hwat der hjir opmerkt wurde sil nei oanlieding fan it point of view moat nammers sjoen wurde yn it ramt fan datjinge hwat der yn 'e roman bart.
Yn ‘De hite simmer’ wurdt biskreaun hoe't yn in lyts doarpke, Blauwier, in goed kristlik doarp lykas de measte doarpen yn Fryslan, op in bipaeld stuit sahwat alle ynwenners op seksueel gebiet losslagge fan de âlde, tradisionele noarmen. Dit boek bisiket de redenen oan to jaen en de oarsaken op te spoaren dy't laet ha kinne ta dit loslitten fan de âlde, tradisionele noarmen en wearden.
De lêzer kriget it forhael fan Blauwier's sedelike forwyldering en de oarsaken fan dy sedelike forwyldering to hearren fan:
A. | In kristen út Blauwier. |
B. | In forteller. |
C. | In skriuwer mei fakânsje, dy't mei achttjin doarpsbiwenners in fraechpetear hat. |
| |
| |
Op dizze manear wurdt de saek Blauwier de lêzer op trije forskillende wizen oanbean; it is sels mooglik om to praten oer trije forskillende forhalen, ek al omdat fisy A, B en C net forwurke binne ta ien forhael dêr't dan alle trije fisys yn elkoar teleskopearre binne. Elke side fan it boek jowt de trije forslaggen ûnderelkoar. Ik bin der fan útgien dat de lêzer net de trije forhalen trochelkoar lêze sil, mar elk forhael ôfsûnderlik. Dit is neffens my ek de meast foar de hân lizzende manear fan lêzen, om't de trije forhalen lang net altyd lyk op rinne yn de tiid; in oare reden dy't oanfierd wurde kin om de trije forhalen efterelkoar yn pleats fan ûnder elkoar to lêzen is, dat de minske nou ynris libbet yn de tiid en net op eksakt itselde momint de fisy fan A, B en C lêze of oanheare kin.
Yn it forfolch fan dizze analyse sil ûndersocht wurde hoe't it stiet mei de ‘points of view’ yn de forhalen A, B en C. Dêrnei sil bisocht wurde oan to jaen, hwat foar de lêzer de wurking is fan de points of view dy't yn de forskillende forhalen brûkt binne, en hoe't it brûken fan de forskillende ‘points of view’ wurket yn de roman as gehiel; hwant dat is per saldo it útgongspunt: de hiele roman ‘De hite simmer’.
| |
Points of view yn A, it forhael fan in kristen út Blauwier.
Direkt al by it earste headstik fan ‘forhael’ A wurdt de lêzer eksplisyt konfrontearre mei de forteller derfan: ‘Dy't hjir de pinne opnimt om to skriuwen oer Gods wûnder bimuoijenis mei it doarp Blauwier, hy is gjin skriuwer fan professy. Nea earder hat hy him weage oan literatuer en hy sil it wierskynlik nea wer dwaen. Mar him tinkt dat dit bysûnder eksimpel fan Gods lieding, fan Syn moanjend, straffend, mar by einslúten rêddend dwaende wêzen mei de wrâld net yn it forburgen bliuwe mei’. (side 7) Hjir is al yn in pear sinnen oanjown hoe't de forteller fan ‘forhael’ A tinkt oer de saek Blauwier. Yn it forrin fan it forhael wurdt dan ek wol dúdlik hoe't de saek foar him, de Blauwierster kristen sit. Evelyn Tysling, de dochter fan Joukje en Rients, minsken dy't sels al net passe yn de bisûnder kristlike Blauwierster mienskip, is de earste oarsaek fan de seksuele forwyldering fan de Blauwiersters. Hja is it, dy't de Blauwiersters op it forkearde paed brocht hat: ‘Mar de leidige Evelyn Tysling forsmiet alle earberheit en seedlikheit en alle libbenswet en alle wet fan God. Hja klaeide har huorrelichem út en toande
| |
| |
har geile bigearlikheden oan it hiele doarp Blauwier. En hja lokke mei boarsten en mei kante, glêdde billen’. (side 84) It wie, neffens de forteller fan forhael A, Evelyn dy't de foarstap naem yn it kwea, dat frije bioefening fan de seksualiteit hiet, en hja helle de oare Blauwiersters oer har foarbyld to folgjen: ‘Mar wer griep de Hoer, Evelyn Tysling, har kâns, en hja flústere it jongfolk yn om net nei hûs to gean, mar yn it tsjuster fuort to slûpen en inoar yn it geheim to moetsjen. Hja nou diene dit (...) En de Hoer sei: Lit ús pearje’. (side 146) Der komt oan de sûndige praktyken fan Evelyn pas in ein, sa birjochtet ús de forteller fan forhael A, as de Blauwiersters sjogge hokker helkse relaesjes Evelyn ûnderhâldt: ‘(...) de Hoer (rôp) om har helske breugeman. En hy kaem fjouwerjend út 'e loft delsaeijen, en de Hoer gyng him yn 'e mjitte en rop mei in útset lûd en knibbelde foar him del. En de Seksewalleteit bisprong har (...) En doe't (...) hja ynein oer de groun siigde, doe merkbiet hja dat hja noch mar allinne wie. Hwant de jongfeinten en jongfammen, dy't hja forlaet hie, wiene yn deadsangst flechte doe't de Seksewalleteit middenmank harren forskynde. Hwant hja wisten dat it de Fijân wie, de Satan’! (side 147/148) Evelyn, as oansetster ta it kwea, wurdt dan troch fjouwer jongfeinten fordronken: ‘(...) de jongfeinten forflokten har en staetten har yn it wetter’. (side 156) Dizze died wie folslein yn oerienstimming mei hwat de Blauwiersters woenen: ‘En doe't hja (= de fjouwer jongfeinten) weromkamen yn Blauwier, waerd it harren ta in eare rekkene’. (side 157)
Yn forhael A sjogge we, neffens my, in foarbyld fan it prosedé dat troch N. Friedman neamd is: De ‘I’ as witness. De forteller, in kristen út Blauwier, hat wol in rol to spyljen yn dit forhael, mar hy is gjin haedpersoan; sintrael stiet Evelyn Tysling en de fúneste ynfloed dy't hja op it doarp Blauwier hawn hat. De forteller hoecht oars neat to dwaen as har rol breed út to mjitten en oan to jaen op hokker wize God tuskenbeide kaem en it doarp Blauwier fan 'e ûndergong rêdde.
Typearjend foar de rol fan de forteller yn forhael A is it feit dat faek en folle gebrûk makke wurdt fan de wurden wy en ús. De saek giet de forteller wol oan, hy is der tsjûge fan.
Temporeel point of view yn A. Temporeel sjoen ha we yn A to krijen mei de ‘vision par derrière’. De forteller is al fan it bigjin ôf op 'e hichte fan de ôfrin fan syn forhael: ‘Dy't hjir de pinne opnimt om to skriuwen oer Gods wûnder bimuoijenis mei it doarp Blauwier (...)’. (side 7) Dit hat fan gefolgen dat de lêzer al yn de rin fan it
| |
| |
forhael oanwizingen kriget foar de ôfrin: ‘Lykwols wie hja ek troch God predestinearre om in oerhoerich en leidich libben to lizzen, opdat Hy oan har mem, dy't dat net fortsjinne hie, en oan it doarp Blauwier, syn greate Genede toane koe’. (side 38). As de forteller nammentlik net al fan to foaren op 'e hichte west hie fan de ôfrin fan it forhael, hie der nea witte kinnen dat Joukje, Evelyn's mem, nei de dea fan har dochter wer nei tsjerke gean soe. In noch dúdliker foarbild fine we op side 73: ‘Mar soms komt God del en hâldt rjochtdei en skuort it kwea mei woartel en al út en docht it wei, lykas wy sjen kinne yn it forhael fan 'e hite simmer A.D. 1966 yn Blauwier (...)’.
Psychologysk point of view yn A. Psychologysk sjoen sjogge we yn A de ‘vision de dans’. De forteller biljochtet syn persoanen fan binnen út: ‘Mar wol wittend dat it hiele doarp in ôfgriis fan har (Evelyn) krigen hie en alle omgong mei har bisocht to mijen, gyng Evelyn Tysling tige fynynlein en slûchsum as de paradyslike slang - dêr't hja dan ek yn wierheit oan bisibbe wie - to wurk’. (side 98) ‘De fammen nou en en har memmen doarsten it oerhoerige frommis net ôf to stegerjen, om't hja mienden dat de Kristlike Leare foarskreau dat men mei huorren en tolgearders omgean moat as bruorren en susters’. (side 98) De forteller kin allinnich dan werjaen hwat de romanfiguren witte - doare - miene as der dy figuaren fan binnen út biljochtet, as syn orientearringspunt binnen de romanfiguren leit. Dit bitsjut fansels dat it orientearringspunt fan de forteller algedurigen forskouwe kin.
Wy ha nou sjoen dat der yn ‘forhael’ A sprake is fan:
1. | ‘vision par derrière’. |
2. | ‘vision de dans’. |
Boppedat ha we konkludearre dat yn forhael A it ‘I’ as witness prosedé tapast is. Neffens my is it nedich yn de lêste stelling in lytse nuansearring oan to bringen. As nammentlik steld wurdt dat we yn A to meitsjen ha mei in kristen út Blauwier dy't, as ‘I’ as witness, fortelt hoe't it er yn dy hite simmer fan 1966 yn Blauwier oan wei gie, wurdt foarbygien oan it feit dat dit ‘forhael’ A in dûbbelde boaijem hat. Achter de kristen út Blauwier om komt nammentlik sa út en troch in oare forteller even om 'e hoeke, en hwat my oanbilanget mei men dy forteller de auteur fan dit boek neame. Ik kom ta dizze stelling op groun fan twa arguminten:
1. Irony. Oer irony hat Katherine Lever yn har boek ‘The Novel and the Reader’ û.o. sein: ‘A good reader... thinks as he reads
| |
| |
(...) He wonders if the characters and the novelist mean what they on the surface say. He probes beneath the surface and interpretes the meaning of ambiguous remarks. When a good reader enters in the world of a novel, he enters with his whole attention and responds to everything in that world as if he were there’. As we nou yn forhael A fan ‘De hite simmer’ ‘probe beneath the surface and interprete the meaning of ambiguous remarks’, dan moatte wy op forskate plakken ta de konklúzje komme dat datjinge hwat de kristen-forteller ús meidielt alhiel net/net alhiel striket mei dat hwat wy fan in kristenforteller forwachtsje soenen. It is bygelyks, my alteast, net goed mooglik oan to nimmen dat in kristen-forteller, as der it hat oer in mooglike sûntfloed sizze soe: ‘Hwant wy wisten jit net hwat de Heare oer ús bisletten hie, en wy eangen syn straf en wy sieten yn noed dat de Heare Syn Geweldich Orgaen ûntbleatsje soe om, de ierde biwetterjend mei syn Wetter, ús yn in twadde sintfloed to fordrinken’. (side 109) Allikemin wol it my oan dat in kristenforteller, as er it hat oer ‘vleselijke lusten’ fan froulju, sizze soe: ‘(Hja) beaën gjin wjerstân oan 'e godslêsterlike lusten dy't har troch it skamhier kidelen’. (side 103)
Achter de kristen-forteller komt dus, bygelyks op de krekt oanhelle plakken, de werklike skriuwer foar it ljocht. En dat makket de saken foar de lezer ekstra komplisearre.
Dr. A.L. Sötemann seit derfan yn ‘De structuur van Max Havelaar’: ‘Het is toch duidelijk dat de ironiserende schrijver - in tegenstelling tot een ironiserende figuur binnen een verhaal - de totale situatie-met-dubbele-bodem hanteert als element van zijn literaire spel. En de “discerning reader” moet nu eenmaal bereid zijn het spel mee te spelen op de voorwaarden van de auteur. Kan hij dat niet of wil hij dat niet; dan is hij, al of niet bewust, spelbreker. En dat betekent dat er geen “spel” meer is’.
2. Stavering. Op twa plakken bin ik yn forhael A de stavering habbe yn sté fan hawwe tsjinkaem, nammentlik op side 88: ‘God wol it net habbe, hwant him bringt it neidiel en lêst’ en op side 126: ‘En yn dizze ieu, (...) hawwe de godfordwaelde, duvelbisibbe spygiloagen de forkearde, natuerlike driften fan it bern hillich forklearre, en hja habbe útroppen: Kear ôf (...)’.
As de forteller nou, hwannear't er God rjochtstreeks oanhelle, habbe brûkt hy ynsté fan hawwe dan hie men faeks noch prate kind fan in soarte stavering reverentiae, mar dat is net it gefal yn de twa hjir oanhelle sinnen.
| |
| |
De iennige, neffens my, akseptabele forklearring is dat hjir, krekt as yn de ironyske passages fan forhael A, de forteller achter de kristenforteller efkes om 'e hoeke komt.
Ik soe dan ek de stelling dat we yn forhael A to meitsjes ha mei in ‘I’ as witness forteller, mei it each op hwat boppe sein is ad irony en stavering, oanfulle wolle mei de opmerking dat achter dy ‘I’ as witness forteller sa út en troch de werklike forteller him sjen lit. En dat hat fan gefolgen, dat de lêzer dat, hwat de ‘I’ as witness forteller (i.c. de kristen út Blauwier) seit, net alhiel au serieux nimt, alteast as de lêzer sjocht dat de skriuwer ‘de totale situatie-met-dubbele-bodem hanteert als element van zijn literaire spel’. Sjocht de lêzer dat net, dan bitsjut dat dat er spulbrekker is, en dan is der gjin spul mear.
| |
Point of view yn B, it forhael fan in forteller.
Wylst de forteller fan forhael A, de kristen út Blauwier, alle skuld foar de seksuele forwyldering fan de Blauwiersters siket by Evelyn Tysling, sjocht de forteller fan forhael B de saek al oars: ‘En om it nou fuort mar dúdlik to meitsjen: ik bisiikje safolle mooglik gjin rjochtstreekse ynljochtingen to jaen oer it frommiske. Ik bisiikje har to tekenjen sa't se troch it doarp sjoen wurdt. De doarpsmienskip is haedpersoan, en Evelyn net. Sy is de katalysator fan 'e gefoelichheden dy't yn in doarpsmienskip bisteane. Evelyn ropt gefoelens op en stimulearret se, mar se docht yn eigentlike sin sels neat. Mar de doarpsmienskip, - sa wol ik it foarkomme litte - biskuldiget Evelyn derfan de gefoelens dy't fierderop ta in útbarsting komme net stimulearre, mar ynplante to hawwen’. (side 52) De forteller fan forhael B giet er dus, oars as de forteller fan forhael A, fanút dat net Evelyn Tysling de skuld krije kin fan de seksuele forwyldering fan de Blauwiersters, mar dat de skuld, as der al oer skuld praet wurde kin yn dit forbân, socht wurde moat yn de Blauwiersters sels. Dizze forteller giet dan ek hwat djipper yn op Evelyn har dea en de oarsaek dêrfan. Sei de forteller fan forhael A eksplisyt dat Evelyn troch fjouwer jongfeinten yn it wetter treaun wie, de forteller fan forhael B seit dat net, hy lit dat yn it midden. Wol fortelt er dat Evelyn foar har dea forkrêfte is: ‘In pear dagen letter hienen se fjouwer feinten to pakken dy't tajoegen dat se Evelyn de tongersdeitojouns opwachte hienen om in gekheitsje út to heljen. Se hienen
| |
| |
har keard en doe wie fan it iene it oare kommen. Twa joegen op't lest ta dat se har forkrêfte hienen. (...) Se krigen alle fjouwer selstraf, twa hwat mear en twa hwat minder. De forkrêfting waerd biwiisd achtte, de moard net’. (side 155/156/157)
Neffens my is forhael B in moai foarbyld fan in aukturiele roman. De forteller fan dit forhael sprekt op forskate plakken de lêzer, troch it forhael hinne, oan: ‘Mar bêste minsken, dat wie't him nou krekt, dat earlik tajaen, ja, ik haw fan 'e kruk west, dat fret in doarp net’ (side 8) en: ‘Ach, de stomme ûnderstelling dat men binnen de fjouwer muorren fan jins eigen hûs jins eigen libben nei eigen goedfinen llibje mei’! (side 23)
Hoewol't forhael B dus in foarbyld fan in aucturiele roman neamd wurde kin, sa't út 'e sitearre sinnen blike mei, is it dochs net sa dat de forteller min ofto mear bûten it forhael stiet. Hy is sûnder mis ien fan de persoanen dy't yn dit forhael in rol spylje. Ik mei, om dizze stelling to adstruearjen forwize nei de boppe sitearre passage op side 52 hwer't de forteller fan dit forhael syn wurkplan oan 'e lêzer meidielt. Sjoch ek bygelyks side 54: ‘Hwant ik haw al in inkelde opmerking makke oer it ynboarst fan Evelyn en ik sil dat miskien fierderop noch wolris dwaen moatte, om foar to kommen dat se harsels in identiteit taëigenet dy't my net gaedlik (foar dit boek) taliket’.
As ik it goed sjoch giet it yn forhael B net allinnich om de saek Blauwier, mar krekt allike goed om de wize hwerop't de forteller it oan 'e lêzer presentearret.
De forteller fan it forhael, dy't yn forhael A forskûle siet achter de kristen-forteller, komt yn forhael B eksplisyt nei foaren. En yn safier stiet de forteller net bûten it forhael, mar komt foar de lêzer nei foaren as ien fan de persoanen dy't yn it forhael meispylje.
| |
Temporeel point of view yn forhael B.
Yn forhael B ha we to meitsjen mei in ‘vision avec’. De forteller rint, oars as de kristen-forteller yn forhael A, net foarút op 'e takomst, hy jowt gjin oanwizingen oer de ôfrin fan it forhael. Dit hat, we ha it yn 'e theorétyske skoging oer it ‘point of view’ al sjoen, fan gefolgen dat de forhaeltakomst foar de lêzer yndie takomst is. Op dizze regel fan ‘vision avec’ bin ik eins mar ien útsûndering tsjin- | |
| |
kaem, nammentlik op de siden 52-55. Dêr hwer't de forteller de lêzer útleit hoe't er it forhael opset. Sjoch bygelyks op side 52: ‘(...) gefoelens dy't fierderop ta in útbarsting komme (...)’.
| |
Psychologysk point of view yn B.
It psychologysk point of view yn B is in ‘vision de dans’. De forteller biljochtet de forhaelpersoanen fan binnen út. Hy seit hwat hja tinke en wolle: ‘(...) se leauden doe hast sels dat se withwat bilibbe hienen’ (side 84) en: ‘Mar sok útfallen joech neat, tocht Joukje letter wol’. (side 37)
| |
Point of view yn C, it forhael fan de skriuwer-ynterviewer.
It greatste part fan forhael C wurdt foarme troch achttjin fraechpetearen, dy't in skriuwer dy't op fakânsje is, hat mei Blauwiersters. Dizze skriuwer, ús forteller, jowt al gau oan hwer't er op út is: ‘Koartby bin ik yn 'e kunde kommen mei twa forhalen - ûnôfhinklik fan elkoar skreaun as ik myn sin siz oer ien en itselde ûnderwerp: de reboelje dy't der twa jier lyn yn Blauwier west hawwe moat om in frommiske dat har net neffens de doarpssede gedroech. (...) Hwat feiten oangiet haw ik eigentlik swak moed dat ik folle gewaer wurde sil, mar út hwat sein en hwat forswijd wurdt kin men wol in mentaliteit ôflêze, en dat is ek wichtich’. (side 8/9) De forteller fan forhael C bisiket, middels fraechpetearen, achter de achtergrounen fan de saek Evelyn Tysling contra Blauwier, of leaver de saek Blauwier contra Evelyn Tysling to kommen. De forteller is fan de saek sels op 'e hichte kaem middels twa forhalen dy't deroer skreaun binne.
Nei myn bitinken ha we yn forhael C to meitsjen mei in roman fan it ‘I’ as protagonist type. De forteller fan forhael C kin, neffens my, sûnder biswier de haedpersoan neamd wurde. Hy dielt de lêzer mei hoe't it him al/net slagget achtergrounen fan 'e saek Blauwier to fordúdlikjen. De fraechpetearen binnen werjown yn 'e direkte rede, de forteller is de man dy't by dy fraechpetearen optreedt as ynterviewer; yn dat part fan forhael C dat net bistege is oan it werjaen fan fraechpetearen jowt de forteller wer hoe't er mei de saek Blauwier
| |
| |
yn oanrekking kaem is, hoe't de Blauwiersters op him, de man dy't, troch fragen to stellen oer in saek dy't in pear jier dêrfoar yn Blauwier spile hie, dy saek wer opreakele, reagearren ensafuorthinne.
| |
Temporeel point of view yn C.
Temporeel sjoen ha we yn C in ‘vision avec’: de forteller rint net foarút op 'e forhaeltakomst, sadat de forhaeltakomst foar de lêzer ek yndie takomst is. It leit fansels ek wol in bytsje yn 'e reden dat in forhael, dat foar it greatste part bistiet út fraechpetearen, werjown wurdt mei in ‘vision avec’. It is nammers de bidoeling fan fraechpetearen dat se ynformaesje út 'e earste forskaffe.
| |
Psychologysk point of view yn C.
Psychologysk sjoen is it point of view, foarsafier't dat koppele is oan 'e forteller fan dit forhael C, in ‘vision de dans’: ‘Yn it doarp haw ik my net fortoand, ik woe de sfear net brekke, (...) (side 30) en bygelyks ek: ‘Dochs leau ik dat it troch middel fan fraechpetearen mooglik is hwat fan 'e “doarpsgeest” op it spoar to kommen’. (side 34)
Hwer't de forteller fan forhael C fraechpetearen werjowt is dat bard yn 'e ‘vision dehors’; dit leit alwer, by it werjaen fan fraechpetearen q.q., al yn 'e reden, seker as dy fraechpetearen yn 'e direkte rede werjown binne.
| |
Resumé.
Yn forhael A is der, sa ha ik konkludearre, in forteller, dy't optreedt as ‘I’ as witness. Wy ha lykwols ek sjoen dat achter dizze forteller sa út en troch de werklike skriuwer fan forhael A to sjen is (sjoch it haedstik Irony).
Temporeel point of view: ‘vision par derrière’.
Psychologysk point of view: ‘vision de dans’.
Forhael B is in aucturiele roman, de forteller stiet lykwols net min of to mear bûten syn forhael, mar is ien fan de persoanen dy't yn it
| |
| |
forhael in rol spylje.
Temporeel point of view: ‘vision avec’; allinnich op de siden 52-55 ‘vision par derrière’.
Psychologysk point of view: ‘vision de dans’.
Forhael C is in forhael fan it type hwer't de forteller optreedt as ‘I’ as protagonist.
Temporeel point of view: ‘vision avec’.
Psychologysk point of view: hwer't it perspektyf koppele is oan 'e forteller ‘vision de dans’,
hwer't de fraechpetearen werjown wurde ‘vision dehors’.
| |
Forwurking fan de forhalen A, B en C ta de roman ‘De hite simmer’.
Yn de skôging oer it point of view en it plak fan de forteller yn de trije ûnderdielen hweryn't de roman ‘De hite simmer’ to fordielen is, ha ik bisocht de trije ûnderdielen safolle mooglik as op har sels steand to bisjen. De roman as gehiel lykwols docht men net alhiel rjocht as men it dêrby litte soe. It gehiel is nammers mear as de som fan de ûnderdielen.
De skriuwer sels seit yn in soarte fan foaropwurd: ‘De hite simmer - in trije-slachtige roman - oer it libben en de dea fan de seksbom tsjin wil en tank Evelyn Tysling en de reboelje yn it doarp Blauwier neffens de wiere feiten forhelle foar kristenen biarbeide en fan kommentaer foarsjoen troch Tr. Riemersma’. En hjirmei is yndie wol sa ûngefear oanjown hwat it ûnderwerp is fan dizze roman. Ik bin lykwols fan bitinken dat er yn 'e loop fan it forhael hwat it ûnderwerp oanbilanget in lytse forskouwing pleats hat.
It forskynsel is niisgjirrich genôch om der hjir noch ris hwat djipper op yn to gean. De fortellers út resp. forhael A, B en C sizze nammentlik sels al hwer't hja it oer ha sille en hwat hja fan doel binne:
A. | De kristen út Blauwier: ‘(...) om it boadskip fan Gods formoedsoenjend handeljen to bringen (...) set de skriuwer dit forhael op priemmen’. (side 7/8) Wy, as ‘discearning readers’, ha lykwols al sjoen dat de forteller achter de forteller dit boadskip nochal hwat relativearret. |
B. | De forteller: ‘De doarpsmienskip is haedpersoan (en) (...) biskuldiget Evelyn derfan de gefoelens dy't fierderop ta in
|
| |
| |
| útbarsting komme net stimulearre, mar ynplante to hawwen’. (side 52) |
C. | De skriuwer-ynterviewer: ‘Botsingen tusken ienling en mienskip hawwe my altyd boeid, en in frommiske dat har net steurt oan 'e doarpsmorael hat yn't foar myn sympathy. Hwat feiten oangiet haw ik eigenlik swak moed dat ik folle gewaer wurde sil, mar út hwat sein en hwat forswijd wurdt kin men wol in mentaliteit ôfleze, en dat is ek wichtich’. (side 8/9) |
It is de forteller fan forhael A der om to dwaen sjen to litten hoe't God in ein makke oan de sedelike forwyldering yn Blauwier troch de boarne fan alle sedelike kwea, Evelyn Tysling, to deadzjen. En dêrmei it doarp to redden fan 'e sedelike undergong.
Yn forhael B stiet net Evelyn Tysling yn it sintrum fan 'e bilangstelling, mar it kristlike doarp Blauwier mei syn dûbbelde morael.
De forteller fan forhael C forwachtet net noch in nij ljocht oer de saek Blauwier skine litte to kinnen, mar wol tinkt hy mear to witten komme to kinnen oer de mentaliteit fan 'e Blauwiersters, en dêr is it him ek om to dwaen.
It sintrum fan bilangstelling forskout dus hiel geleidelik fan Evelyn Tysling nei de Blauwiersters.
Lyk op rinnend mei dit forskouwen fan it sintrum fan 'e bilangstelling is der ek sprake fan in sekere objektivearring dy't optreedt op it nivo fan de feiten dy't de lêzer oanbean wurde: Yn forhael A wurde de lêzer konfrontearre mei de tige persoanlike en subjektive miening fan in kristen-forteller - in miening dy't troch de irony-searjende forteller achter de forteller fuort al diskutabel steld wurdt. (Psychologysk point of view: ‘vision de dans’)
Yn forhael B wurdt de lêzer konfrontearre mei it tige subjektive relaes fan in oare forteller - mar in relaes dat, oars as yn forhael A, net al yn it relaes sels diskutabel steld wurdt. (Psychologysk point of view: ‘vision de dans’)
It relaes fan 'e skriuwer-ynterviewer yn forhael C makket de yndruk dat it folle objektiver is. Yn dat part fan forhael C dêr't de fraechpetearen oan 'e oarder komme, en der draeit it dochs om yn forhael C, is it ‘vision dehors’ tapast. En foarsafier't it ‘vision dehors’ tapast is, kin dat oanspraek meitsje op in sekere objektive jildichheit.
Dizze objektivearring op it nivo fan de feiten dy't yn ‘De hite simmer’ ta stân kaem is, is in min ofto mear natuerlik gefolch fan it feit dat ien en itselde ûnderwerp troch trije forskillende fortellers biskreaun wurdt.
| |
| |
En dat is krekt it niisgjirriche fan dit soarte romans.
| |
Fansiden
Ik soe nou noch yngean kinne op de fraech of, en sa ja ynhoefier't de fortellers fan de trije forhalen dy't meielkoar de roman ‘De hite simmer’ foarmje werom to bringen binne op ien man, de auteur fan dizze roman. Ik wol dat hjir net dwaen om't ik fan bitinken bin dat it hjir net de tiid of it plak om my to stoarten yn metafisyske skôgingen. Skôgingen dy't net thús hearre yn de strukturele analyse fan of in ûndersiik nei inkelde strukturele aspekten fan in literair kunstwurk. Wol soe ik der hjir noch efkes op wize wolle dat de roman sels ús oanwizingen jowt, dy't er op wize, dat de forteller fan forhael A - it manlike of himelske part sa't Riemersma it sels neamde - faeks wol de kristen út Blauwier liket to wezen, mar dat yn feite net is. En ik ha doe sein dat, neffens my, sûnder biswier de auteur fan de roman de feitlike forteller fan forhael A neamd wurde kin. De auteur dy't ek yn 'e forhalen B en C oanwêzich wêze moat, al is dat dêr dan ek minder dúdlik as yn forhael A. W.C. Booth seit dêrfan yn syn boek ‘The rhetoric of fiction’. ‘(...) The author's judgement is always present, always evident to anyone who knows how to look for it. (...) We must never forget that though the author can to some extent choose his disguises, he can never choose to disappear’.
Evaluaesje. Op in evaluaesje, in weardeoardiel, is net it alâlde kriterium wier of net-wier, verum aut falsum, tapasber. In weardeoardiel kin nammers foar de ien oars útfalle as foar de oar. Wol kin men oan in weardeoardiel de eask stelle dat it kontrolearbaer is, dat de redenen oanjown wurde dy't laet ha ta dit of dat weardeoardiel. Dit jildt ek foar weardeoardiel dat útsprutsen wurdt oer in literair kunstwurk. Soe in kunstwurk oan 'e kant skoud wurde mei de opmerking: ‘Ik kin it net iens weze mei de mentaliteit dy't derút sprekt’, of sokssahwat, dan is dat in heechst subjektyf oardiel dat net of nauliks to kontrolearjen is. En dêrmei soe ek it weardeoardiel syn wearde forlieze, hwant net mear ynteressant wêze foar oaren. Itselde jildt fansels as it oardiel posityf wêze soe.
As ik nou bisiikje moat in weardeoardiel út to sprekken oer ‘De hite simmer’, dan moat ik yn't foarste plak sizze dat dat oardiel net oars
| |
| |
wêze kin as relatyf. En dat om de ienfâldige reden dat lang net alle strukturele aspekten fan ‘De hite simmer’ yn dit artikel oan 'e oarder kaem binne. En dêrtroch soe mooglikerwiis myn evaluaesje fan dizze roman biynfloede wurde kinnen wêze. Oan de oare kant is dizze evaluaesje ek wer net sa relatyf, om't nammers yn dit artikel it point of view fan ‘De hite simmer’ oan 'e oarder steld is. En is it point of view normaliter al it earste struktuerprinsipe fan de roman, dan jildt dat nammersto mear foar ‘De hite simmer’. It mei dúdlik weze dat in skriuwer, dy't ien ûnderwerp troch trije forskillende fortellers oan 'e oarder stelle lit, it himsels net maklik makket. Hy hat der dan nammers foar to soargjen dat de trije forskillende fortellers elkoar op it nivo fan 'e feiten net tsjinsprekke. Oars leit dat fansels mei de ynterpretaesje fan dy feiten; it is nammers earst dan sinfol om trije forskillende fortellers oer ien en itselde ûnderwerp gear to litten, as harren ynterpretaesje fan de feiten forskillend is.
Ik kin sizze dat de trije fortellers op it nivo fan de feiten net mei elkoar yn tsjinspraek binne. Dat dy fortellers oer de ynterpretaesje fan dy feiten nochal forskillend tinke kin elke lêzer konstatearje. Yn dat opsicht sit ‘De hite simmer’, neffens my, dan ek goed yn elkoar.
In tige wichtige eask dy't steld wurde kin en, neffens my, ek steld wurde moat is, dat de points of view, sa't de skriuwer dy keazen hat, yn 'e roman funksjoniel wurkje.
Dat is, neffens my, yn ‘De hite simmer’ yndie it gefal. De lêzer kriget trije kear it forhael fan de saek Blauwier ûnder eagen, elke kear fortelt troch in oare forteller. En kin men fan de fortellers út forhael A en B sizze dat se de saek Blauwier tige subjektyf binaderje, de forteller fan forhael C bringt syn forhael mear objektyf. Eat hwat ta útering komt yn de psychologyske points of view dy't brûkt binne: yn forhaelstream A en B de ‘vision de dans’, yn forhaelstream C foar in great part ‘vision dehors’. En dat kin net oars as tige funksjoniel neamd wurde. Hwant de objektivearring, dy't ta stân komt trochdat trije fortellers har fisy oer in bipaelde saek jowe, wurdt stimulearre en yntensivearre krekt trochdat yn 'e lêste forhaelstream de ‘vision dehors’ tapast wurdt.
Ek it temporeel point of view is op forantwurde wize tapast. Al freegje ik my of oft it romantechnysk needsakelik wie dat yn forhaelstream B, dy't skreaum is yn de ‘vision avec’, op de siden 52-55 oergien is op de ‘vision par derrière’. Dizze lytse oanmerking
| |
| |
wol ik lykwols sels al wjerlizze troch to wizen op it bisûndere effekt dat de forteller birikt troch, yn 'e roman sels, út to lizzen neffens hokker prosedé hy wurkje wol.
Dat allinnich yn forhaelstream A konsekwent de ‘vision par derrière’ tapast is, hat fan gefolgen dat de lêzer al yn 'e rin fan forhaelstream A de ynformaesje (al is dy ynformaesje dan ek tige subjektyf: ‘vision de dans’) kriget dy't it him mooglik makket de saek Blauwier to rekonstruearjen. It tapassen fan de ‘vision avec’ yn forhaelstream B en C hat dan fan gefolgen dat elk nij stikje ynformaesje dat de lêzer ta syn biskik krijt en dat de earder krigen ynformaesje oanfult dan wol nuansearret foar de lêzer bisûnder forrassend wurket. En yn dy sin is ek it temporeel point of view tige funksjoneel yn dizze roman. Net dúdlik binne my de redenen wurden, dy't laet ha ta it oanbieden fan ‘De hite simmer’ yn dizze foarm. Ik bidoel hjir mei dat ik der net achter kommen bin hwat de funksje wêze kinne soe fan it feit dat op elke side fan dizze roman in partsje fan de trije forhaelstreamen stiet. De forhaelstreamen rinne nammers, al steane hja underelkoar, net synchroon. De iennige formele oerienkomst dy't ik foun ha, is dat de earste twa haedstikken fan alle trije forhaelstreamen sjoen wurde kinne as in soarte fan prolooch. Mar dat liket my net in ôfdwaende reden om dizze roman krekt yn dizze foarm to presintearjen. Hoe wol't er oan 'e oare kant ek net safolle redenen oan to fieren binne om de trije forhaelstreamen achter elkoar oan to bieden. Of it soe wêze moatte it argumint dat de lêzer it wend is om syn lektuer sa oanbean to krijen. En dat is net sa'n oansprekkend argumint: It soe wol ris sa wêze kinne dat de skriuwer krekt dy dingen dwaen moat, dy't syn lêzer net forwachtet.
As ik nou in weardeoardiel útsprekke moat oer ‘De hite simmer’, dan moat ik konkludearje dat ‘De hite simmer’, sjoen fanút de strukturele aspekten dy't dizze skoging oan 'e oarder steld binne, in tige goede roman neamd wurde kin.
Rottum, peaske 1970.
| |
Neiwurd.
Ik bin net fan bitinken dat yn dizze skôging alle strukturele aspekten fan ‘De hite simmer’ oan 'e oarder steld binne. Dat wie nammers de bidoeling ek net. Wol bin ik yn dizze skôging nochal djip yngien op it altyd wichtige mar yn dizze roman nammersto
| |
| |
wichtiger struktuerprinsype dat point of view neamd wurdt.
Ik hoopje dat út dizze skôging dúdlik wurden is dat it mooglik is it fenomeen dat roman hjit oars as op in metafisyske manear to binaderjen. As dit ûndersiik nei inkelde aspekten fan de struktuer fan ‘De hite simmer’ dúdlik makket dat it mooglik is oer literatuer rationeel en dus kontrolearbaer to praten, dan biantwurdet dizze skôging oan it doel dêr't er foar opset is.
Rottum, peaske 1970.
| |
Rieplachte Literatuer:
1. | W.C. Booth, The rhetoric of fiction. Chicago 1963. |
2. | N. Friendmann, Point of view in fiction, yn: The theory of the novel, edited by Philip Stevick. New York 1967. |
3. | W. Kayser, Das sprachliche Kunstwerk, Bern 1968. |
4. | E. Lämmert, Bauformen des Erzählens, Stuttgart 1968. |
5. | K. Lever, The novel and the reader, Londen 1961. |
6. | J. Pouillon, Temps et roman, Parijs 1946. |
7. | A.L. Sötemann, De structuur van Max Havelaar, Utrecht 1966. |
8. | P. Stevick, The theory of the novel, New York 1967. |
9. | F.L. Stanzel, Typische Formen des Romans, Göttingen. |
|
|