Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 63] [p. 63] Stillibben / Meindert Bylsma de parren fan it skilderij njonken it wandmeubel fan nutehout doarre it to bistean op parren to lykjen yn in hoekje fan dit bistean swilet jan fan trijekwart de wurden byelkoar foar in ynteressant bitooch en filosofearret oer it rjocht fan kij hwat seit it kouke dan om boe te sizzen mem flintert ûnredsum har flerkjes binne oan 'e krappe kant fan it nunderskipke mei de mislearre seiltsjes nei it sjineeske faeske made in germany as de jirpels bigjinne oan to brânnen komt jin it aroma fan in kunstwurk tomjitte uitgez. tel. 18-1-'70 Vorige Volgende