hjoed-de-dei forlet fan in hurdere oanpak. As Smit en oaren der inkeld in froalik meitsjen yn sjogge, dan is dat har goed rjocht.
Hawar, Smit syn krityk jildt yn haedsaek myn taelgebrûk. Smit seit sels dat oer somlike gefallen wier wol to tsieren falt. Ik wol der net oer tsiere, mar ik sil bisykje to fordúdlikjen hwerom ik soms dy foarm of dat wurd foar kar neam ha. Ik ha wiswier flaters makke, út ûnkunde, sloardigens, mar ek wol moedwillich. It hat ek net myn bidoeling west altiten gongber Frysk to brûken.
By it skriuwen fan ‘Komme dy kepers?’ ha ik my fan in pear taelkundige wurken rieplachtsje litten. Ik forwiis nou wer nei dy boeken en brûk de folgjende ôfkoartings:
Frysk Wurdboek, twadde diel Nederlânsk-Frysk, Osinga, Bolswert 1952. (WB)
Beknopte Friese Spraakkunst, door dr. K. Fokkema, Wolters, Groningen 1948. (FS)
Op 't Aljemint I, fan J.K. Dykstra, Laverman, Drachten 1961. (Al) Ik gean nou de tolve punten fan Smit bylâns. Dêr't ik oer swij, stim ik yn mei.
I. | ‘hwat stiest dêr (s. 7) bitsjut: hwat stiestou dêr; twifelje en twivelje (s. 82) mei allebeide (WB 2. 317). |
II. | ‘Ut namme fan hiel Amearika’ (s. 20). It adjektyf foarmt hjir mei it haedwurd ien bigryp, ik tocht dat it dan sûnder bûging koe: fgl. it mâl fel, de âld tafel (FS s. 49). |
III. | Nei in petearke mei Trinus Riemersma wie ik fan bitinken dat it Fryske ‘je’ foar ‘Jo’ en ‘men’ brûkt wurde mocht. Yn myn fersen ha ik dat om reden fan it metrum ek wol dien. ‘Jo’ krige my dan tofolle klam, foaral as der in tiidwurd op folge. En ‘men’ easke in oare tiidwurdsfoarm, dy't soms net sa moai wie. Fgl. de earste rigel fan myn ballade: ‘Je meitsje in smak, sannen makken je nea’. Dat fyn ik moaijer klinken as: ‘Jo meitsje in smak, sannen makken Jo nea’, of: ‘Men makket in smak, sannen makken men nea’. ‘geande’ (s. 11) bitsjut: aan de gang (WB s. 92). |
IV. | ‘It kin der troch’ (s. 102), er op door kunnen = der troch kinne (WB s. 92). |
V. | ‘Doch krekt ast slim siik bist’ (s. 13), bitsjut net: doe net of je erg ziek bent, mar: doe alsof je erg ziek bent. ‘Alsof’ is û.o. ‘krekt as’ (WB s. 23), al hie in foarm mei ‘beare’ wol moaijer west. ‘In lawibus dy't in katûle út'e sparrebeam docht trûzeljen’ (s. 10). Ynsté fan ‘docht’ is ‘lit’ better. Mar de wurd- |