| |
| |
| |
- Fryslan: status kwo -
De 50 fan de slach by Warns
(twa jier ‘Operaesje fers’ en noch hwat)
troch Josse de Haan
Fryslân kin sizze dat hjir nou al twa jier eat dwaende is op it literaire mêd dat nearne oars is bigoun: OPERAESJE FERS. It is de wolbikende stifting dy't de lju dei en nacht fan fersen forsjocht, en ek noch wol op bifel. Om't ik goed twa jier lyn mei noch twa heale gekken - sa meije sokke lju rêstich neamd wurde - de opset en de organisaesje fan it idé útwurke en trochfierd ha, like it my wol aerdich foar nijsgjirrige lju nou by myn ôfskie (1 jan. '70) hwat oantekens op papier to setten. Of better, hwat ‘inside-information’ oer persoanen en ynstellingen to jaen mei hwa't wy kontakt hiene. Fierder is it ek wol dúdlik dat hjir en dêr konklúzjes lutsen wurde dy't soms aerdich en fatsoenlik bliuwe, mar it bart ek dat der ris hwat skerpere opmerkings delsetten wurde. Twa jier lang krewearjen mei in stifting as boppeneamde - jin yn de kultuer to bijaen om sa mar to sizzen - makket jin net daelk myld. Ik tink fan krektoarsom.
| |
I. It ôfgean as redaksjelid
Ôfskie nimme is in bytsje stjerre wurdt der wol sein, en sa sil it yn wêzen ek wol in bytsje wêze. Men bliuwt úteinlik in fordomde romantyske Fries net wier?? Nettsjinsteande dat stjerren haw ik op 31 desimber, krekt om nul ûre nul, in romer fol mei neat dronken op 'e nije frijheit. Hwant frij bin'k wer minsken. De hiele rotsoai, fan Fryske Akademy oantenmei de K.F.F.B., kin ik wer fan in distânsje bisjen. Fryske Biweging en Trotwaer, ik bin der wer los fan. Troch jin yn to setten foar in organisaesje mei jins hiele hûd lit men in great stik frijheit sjitte, binammen as men ek noch mei Fryske saken to krijen hat. Lange, seare, brike, krûme en wit ik hwat foar teannen, der binne yn Fryslân bulten fan. Oeral moat men om tinke, en dan krijt men noch to hearren dat men tomin oan oarmans eigenaerdichheden tinkt. Ja, it is fordeald slim, mar it leit
| |
| |
der hjir wiswier eigenaerdich hinne, tocht my.
It ynsetten foar in organisaesje is net slim as dêrtsjinoer de bifrediging fan in bytsje sukses stiet. En dat wie oanwêzich nettsjinsteande allegearre swierrichheden op it mêd fan de finânsjes, organisaesje en oare kwestjes. Mar nou is it út. Hwant hoe lizze de feiten.
Yn't foarste plak is yn de redaksje dúdlik steld dat de redakteuren ien foar ien om it jier plak meitsje soene foar nije krêften. Der moast romte wêze foar fornijing. Geart van der Zwaag wie de earste dy't gong, ik bin de twadde fan de âlde ploech. To lang deselde minsken op it selde plak jowt forstarring en bringt in stik antydynamyk. Op it kultuermêd hjir in Fryslân is dat dúdlik to merkbiten oan bgl. ynstânsjes as de Fryske Kultuerried, it Frysk Museum, de Fryske Akademy en fierders de sit kultuer op it Provinsjehûs dy't nou ek net op in wize forsoarge wurdt dat men sizze kin: nou, dêr bart hwat. In stik antydynamyk fyn ik ek werom yn de lieding fan de RONO en de gewestlike TV. Inventive en kréative persoanen binne spitigernôch op dizze posten net to finen (ik kom hjir aensens op werom).
It twadde punt om der nou in punt efter to setten leit alhiel yn de persoanlike sfear: de finansjele bilêsting waerd my to folle. Al ús wurksumheden wiene en binne pro deo (en god de ear), hwat op himsels nou daelk net sa slim is, mar hwannear 't ik birekkenje dat ik yn twa jier tiid in lytse 2000 goune út eigen bûse der by lein ha, dan is it wol dúdlik dat soks net to lang kin. Fansels bigjin ik net to skriemen on dy rúdige sinten - biskôgje it deagewoan mar as hobbyjild - mar ik kin it net litte en wiis op de diskrepânsje dy't der leit tusken de forgoeding fan de kosten fan de fêstige kultuerynstellingen en de yn embryonael stadium forkearende ûndernimmings. It jild bihearsket de wrâld, mar dat it jild ek de kultuer foar in great part yn hannen hat is my nou wol goed bybrocht. En binammen de oerheit, lannelik sawol as provinsjael, rint op dit stik fan saken foargoed efter de muzyk oan (kopermuzyk fansels, en net efter de eksperimintele elektroanyske muzyk). Der bistiet gjin kultuerfrijheit mar kultuertwang. Troch de to forparten jildmiddels blykt men de kultuer to dirigearjen nei dy hoeken hwer't it establishmint it ha wol. De kristlik ynspirearre en liede deputearre fan kultuer yn Fryslân hat dit goed yn 'e smizen. It is to hoopjen dat dizze figuer aensens it plak rommet foar in oar dy't de saken hwat reëler ynterpretearje kin. En it punt Frysk praten of skiten soe men nou ris forjitte moatte. Kwaliteit giet boppe hobbyistysk
| |
| |
amateurisme.
In tredde punt fan ôfgean as redaksjelid leit yn it feit dat ik my hwat langer hwat mear ûnbifredige fielde oer it net oan tiid hawwen foar oare dingen (bgl. fersen skriuwe). Alle frije tiid waerd hast opfretten troch Operaesje Fers. De fersen dy't ik yn dy twa jier skreaun ha binne op tsien fingers to tellen. Foar greatere dingen ûntbruts alhielendal de tiid om jin to konsintrearjen. De organisatoaryske problemen rounom it telefers frieten alle kreativiteit. Soks kin twa jier, mar dan moat ik ek ophâlde, hwant oars wurdt men kroangek.
Fierder fielde ik my hwat toloarsteld oer foar my essensjele dingen. To faek moat men as lid fan in organisaesje lykas Operaesje Fers kompromissen slute. To faek easket it bilang fan it gehiel dat men jin de bek hâlde moat wylst wichtige punten oan 'e oarder binne. Nei twa jier wurket soks forrekte frustrearjend. Ek hie ik tocht dat de klimaetsforoaring hurder forrinne soe hjir yn Fryslân, trochdat mear jonge en jongere minsken har solidair forklearje soene, en mei oparbeidzje woene oan de foroaring dy't sa branedich is. Der is in tsjil yn biweging setten, mar it is nou ien kear in feit dat it min rôljen is tsjin de berch op. Hurd sil soks yn elts gefal net gean, fandêr dat ik leaver praet oer it ôfgraven fan de berch. Ûndergrave is miskien noch better.
| |
II. It kultuerpatroan is steryl
De rop fan fornijing, foroaring en krityk kin eltse dei heard wurde yn parse, foar de TV en oer de radio. It is nedich, it kin net faek genôch barre. Alles moat ôfbrutsen wurde foar't de nije foarmen fan libjen ûntstean kinne. Ek yn Fryslân sil dit wêze moatte. Ek hjir sille de fêstspikere boargerbaenfiguren it plak romje moatte. De Van der Marken, Poortinga's, De Vriezen, Dammen, Faber-Hornstra's, Jo Smitten, Sikkema's en in bulte oare parasitaire figuren, forkalke oan it rêchpiid ta, moasten allang op 'e dongbult fan de kultuer-AOW lizze. Fryslân sit mar raer oanklaud mei sokke a-visionaire figuren dy't de natuerlike fleksibelens fan de mins ûntkenne en yn't plak dêrfoar in reaksjonair tinken delset ha.
Harren latinte drift ta foroarjen leit yndamme yn it deistich patroan fan acht oant fiif, wetlik fêstlein yn see-a-oos mei fakânsjetaslach.
Kultuerbilangen bihertigje op basis fan fakânsjetaslach, it biwiis fan de antydynamyk.
| |
| |
It liket raer, mar hjir yn Fryslân komt it autoritaire gesach noch hyltyd, kalvinistysk stjûrd, fan boppen. De oerkristlike taktyk om nije en nijere dingen tsjin to hâlden hat Operaesje Fers tige goed field: gjin jild en fierder deaswije. Wy libje hjir op it kultuermêd noch ûnder patriarchale strukturen, of better sein, it is hjir in olychargy fan freonen op frysknasjonale of/en godstsjinstige basis. De 200 fan Mertens, woe'k ha, kinne yn Fryslân rêstich oersetten wurde as de 50 fan de slach by Warns. Dizze patriarchale nasjonalistyske heechmoed hâldt yn dat tagelyk de ekonomyske en de ynherent kulturele ûntjowing tsjinhâlden wurde. Oer de reggen fan it folk hinne, hwant dat hat dochs gjin bilangstelling foar sokke saken. Né fansels net, de bilangstelling wurdt ek net wekker makke. It lytse rountsje allinne profitearret. It is to hoopjen dat yntylt in natuerlik ein makket oan de situaesje. It sil dan wol nedich wêze dat de kommunikaesjeorganen har hjir yn Fryslân dochs hwat oars opstellen gean: kritysker bigelieding fan forskynsels. Binammen de Ljouwerter Krante soe better en eksakter ynformaesje jaen kinne, objektiver en justjes mear bikommentariëarjend. De RONO moat op dit flak noch hielendal wekker makke wurde. Dêr sliepe se al minstens tsien jier. It medium radio wurdt yn de Prinsetún net brûkt, mar gewoan forsliten.
It is wenst dat men hjir dan krekt yn biweging komt as it net oars mear kin, as de mooglikheit bistiet dat it sa treflike eigen gesicht forlern wurde kin. It is nijsgjirrich to wizen yn dit forbân op de publisiteitsstunt fan Operaesje Fers fan septimber '68, doe't oankundige waerd dat de stifting opstjerren nei dea wie. Der soe binnen fjouwer wike jild wêze moatte, oars wie it fuortbistean fan it medium net seker. Fansels wie dit allegearre hwat oerlutsen, mar wy woene de pommeranten nouris twinge to sizzen hwer't se stiene. De bek fol moaije praetsjes, mar as it op dieden oankaem, hou mar. De hiele Hollânske parse spruts syn toloarstelling út oer it feit dat de provinsjale oerheden it fordomden sa'n inisiatyf stipe to jaen. Sels morele stipe hie neat fan to merkbiten west. Ek de ryksoerheit hie noch neat heare litten. Wol wie minister Klompé út Amearika kommen mei de meidieling dat binammen eksperiminten oanmoedige wurde moasten, mar lykas sa faek wiene ek dit wer holle wurden. Of wie Operaesje Fers to eksperiminteel? It is hast net to leauwen. Mar hawar, de Ljouwerter Krante wie ré ús klachten oangeande it subsydzjebilied oan to hearen. Wy skouden de pommeranten hjirre en yn Den Haech laksheit yn 'e skuon,
| |
| |
en boppedat dat der totael gjin fisy bliek to bistean op it kulturele mêd. Doe soe't heve. Der kaem in telefoantsje fan ús kultuerkeninginne út 'e Prinsetún: soe der ek efkes oerliz wêze kinne? Wy waerden mei syn trijen ynhelle troch boargemaster Van Tuinen himsels, Ûnderwiisynspekteur Elzinga, Mefr. Faber, en Tiny Mulder (yn hwat foar funksje is nea dúdlik wurden). Se woene graech de swierrichheden witte. Der is in ûre praet oer ditsjes en datsjes, en by eintsjebislút waerd in taktyk útstippele hoe't it frege bidrach fordield wurde moast oer de ûnderskate subsydzje forlienende ynstellingen. Dat wy mei de kulturele amtner fan Ljouwert al kontakt hawn hiene seine wy mar net, binammen doe't mefr. Faber bigoun to lullen oer taktysk opstellen ensafuort. It moast aerdich spile wurde. Wy krigen wol de idé dat men der fan útgie dat as wy jild hiene de greatste pine foarby wie. Uteinlik ynteressearde ús dat gjin byt. Wy woene graech partisipaesje fan de reginten. Dy is der dan kommen, mar op in wize sa't men in lyts bern in dropke jowt. It stimulearjen en stypjen fan nije inisiatieven, sa't yn't blazoen fan de kultuerried stiet, wurdt útlein as: jow se hwat jild en de pineholle is wer oer. Après nous le déluge.
Yntusken is it in tige tryste oangelegenheit dat sa'n kultuerried yn wêzen mei kultuer likemin hwat út to stean hat as bygelyks in flesse fol rum. Ja, hie it mar hwat fan in flesse rum. It hat nou mear fan in fles fol deasean wetter. Hwat docht sa'n kultuerynstelling nou krekt.
Bistiet der in reële fisy. Wol men ûberhaupt mei in fisy wurkje of tinkt men, wy rotsoaije mar hwat oan. Ik soe sizze, meitsje der dan ek in goeije rotsoai fan. Ik freegje my ôf hwat dizze ynstelling, dy't alhiel bûten de maetskippij stiet, nou wurklik docht ta de stimulearring fan de kultuer. Mei oare wurden, soarget dit ynstitút derfoar dat de kultuer yn breder forbân demokratysearre wurdt, dat mear minsken har der by bitrutsen fiele. De konklúzje kin allinne wêze: né. Fanút dit orgaen bart neat wêzentliks, hwat syn oarsaek mei fynt yn it passive bilied fan it direktoraet. Rjochtút sein: hwat dogge Jo, mefr. Faber; hwat spylje Jo klear. Men soe ek freegje kinne: hoe is it yn 'e goedichheit mooglik dat sa'n avisionair figuer dêr sitte kin. Of soe it net sa tafallich wêze?
De funksje as sadanich moat breanedich yn diskusje setten wurde, hwant troch it net adekwaet réagearjen, it iderkear wer misklunen fan dizze frou, wurde in soad wichtige kultuerúteringen smoard, net opfongen of gewoanwei negearre. Hwannear sil nouris útein setten
| |
| |
wurde troch de direktrise hwat sy eigentlik wol. Hwannear sil de provinsje middels dit lichem útiensette hwat it wol op it kultuermêd. Ja, hwannear sil ris út 'e doeken dien wurde oft der yn wêzen wol in kultuerbilied is yn Fryslân.
Neffens my is nearne eat fan in bilied to finen, dat wol sizze, in trochtocht bilied foar in bipaelde tiid. De betonnen blokken yn 'e Prinsetún, op it Coulonhûs en yn it Provinsjehûs wane har to hearlik feilich yn har ivoaren réaksjonaire bousels. De porsleinkast soe nedich ris in kear útmjukse wurde moatte. Ik bin bang dat gewoane kroaden hjirfoar to lyts wêze sille.
| |
III. Nij revolúsjekader as gongmakkers/iepenbrekkers
Yn syn nijsbulletin yn it ‘Nieuwsblad van het Noorden’, ‘Frysk fan de Lever’, skriuwt Pieter Terpstra dat Ype Poortinga de moedfearren hingje lit. Hy, Poortinga, mient twa groepen ûnderskiede to moatten, dy't elkoars tael net sprekke noch bigripe wolle. Lokkich foar him dat er dit tominsten yn 'e smizen hat, it sil him foar in soad ûnfrede biwarje. Hy, en ek oaren hiene lykwols al folle earder witte moatten dat de jongeren it gewoanwei fordomme yn de âlde biwende patroanen to tinken. Syn lok, en fan mear pommeranten hjirre, hat west, dat Fryslân in brek hie en hat oan jonge minsken dy't it intuïtive fielen omzette koene yn dieden. Allinne in mânske fûst koe dat dwaen.
Operaesje Fers hat hjirmei, tocht my, in bigjin makke, net yn't minst troch help fan bûten de nauwe Fryske grinzen. De opteinens yn Hollân wie helte greater as hjirre, hwat ús stimulearre om troch to gean, om yn pún to houwen hwat delslein wurde moast, en tagelyk oppenij op te bouwen hwat wy nedich founen. It literaire tiidskrift Trotwaer hat fan ús de stipe krigen dy't wy founen dat it nedich hie, en net allinne troch it ôfstean fan twa fan ús redakteuren, suksessivelik Geart van der Zwaag en Reinder van der Leest. Yn dit forbân wiis ik noch op it Operaesje-Fersnûmer en op it printsjen fan de fersen dy't op 'e linen fan O.F. stien hawwe yn de moannelikse ôfleveringen fan it tiidskrift. Wy fan ús kant hawwe reëel bisocht, troch mei to wurkjen oan it tiidskrift yn positive sin, it klimaet fan it blêd as sadanich mei rjochting oan to jaen. Spitigernôch kin dat fan bulte oare lju net sein wurde. Foroaring sil der allinne dan komme hwannear't men meidocht (it soe ynfiltraesje- | |
| |
polityk neamd wurde kinne, hwat neffens my alteast opbouwender is dan holle wurden en negearjen).
Ik leau stelle to kinnen dat twa jier Operaesje Fers in soarte fan mentaliteitsforoaring oanbrocht hat, sawol by de kûnstners as by it publyk. Yn elts gefal hat de telepoëzij der foar soarge dat bûten Fryslân binammen by jongeren it nou gewoan foun wurdt dat der ek yn it Frysk fersen skreaun wurde. Mei oare wurden, men sjocht it net allinne mear as in tafallich regionael taelforskynsel. De goodwill foar it Frysk is bifuordere. Minsken lykas Tjitte Piebenga dy't easkje dat bgl. in Mulisch Fryske fersen lêzen giet, kinne soks fansels aerdich wer tobek skroeve. It sil dan ek saek wêze dizze nasjonalistyske isolearders dúdlik del to setten hwer'tse thúshearre: it rariteitenkabinet fan de histoarje.
De mentaliteitsforoaring dy't boppe oanhelle is kin noch net helder en skerp formulearre wurde, hwant it is noch amper yn 'e fierte to merkbiten. Dat it trochsette sil stiet foar my as in peal boppe wetter. De organisaesje Operaesje Fers hat âlde forrotte strukturen bleatlein, mar dat net allinne, it hat der tagelyk foar soarge dat der alternativen op it aljemint kamen.
O.F. lansearre it bigryp ‘fretfers’, mei oare wurden, kultuer moat konsumeard wurde troch mear minsken as nou wenst is. De toarre kultuertimpels binne troch ús ôfwiisd as skimmelnêsten fan konservatyf tinken.
Operaesje Fers hat it kranksinnige subsydzjebilied oan 'e oarder steld, en tagelyk pleite foar de demokratisearring fan de kultuer yn syn gehiel. En noch binne der in bulte saken dy't foroare wurde moatte yn ús leave lantsje mei syn aparte tongfal. Inkelde foroaringen binne hurd gien: poëzij is út it hillige húske staet; dichters binne gjin heale goaden mear (bihalven Douwe Tamminga dan, dy't syn lêste mis opdroegen krigen hat en dêrmei testamintair op 'e kultuerdongbult riden is); poëzij leit nou op strjitte (broadtsje healom, yngreep, poëzijbussen, telefoanpoëzij, poëzijfestivals, undergroundheppenings, kreative poëzijpraetmiddeis lykas Allingawier, it oantaesten fan literaire prizen sadat it folk ek ris hwat merkbyt fan it elitaire rountsje: Gysbert-gedonder en it oernimmen fan de Relyrally troch hwat jongere minsken); Poëzij is hast in gewoan ûnderdiel fan libjen wurden, sa ûnmisber aensens dat men der net mear foar wei kin, nettsjinsteande de high-literaire Dammen esf.
Yn itselde artikel ‘Frysk fan de Lever’ (en hwat foar lever!) eamelt Piter Terpstra oer in irritante groep minsken rounom Operaesje Fers.
| |
| |
Jawis Terpstra, hwat irritanter hwat better, hwant earder sille bipaelde forrustke eleminten net bilies jaen. Wy sjogge gjin heil mear yn 'e wei fan de foroaring mei fordrach. Sokke yllúzjes kinne wy ús net mei dwaende hâlde. Wy dogge it hwat irritanter (foar Jo dan fansels) troch bgl. de konferinsje Koartehimmen to negearjen om't it gjin sin mear hat dêr to redekaveljen oer sekundaire feiten. En sûpen kin op oare plakken faeks better.
Wy nimme it frij en sette hwat oars op tou. En sjoch, hwat bart der, Koartehimmen kin net troch gean. Irritant? Miskien, mar wol effektyf fansels. Allinne der binne hjir tofolle dy't fan 'e greate bult frette, lykas Jo, en dan it publyk foarljochtsje op in tige subjektive wize. Jou saek, akkoard, mar nim ús net kwea ôf dat wy dit net langer frette. Fierder libje hjirre noch tofolle dy't sizze: ôfwachtsje, efkes sjen hwa't de slach wint. Haw gjin noed. It nije ‘révolúsjekader’ hat de balen fan slop geâldehoer oer prinsipes en sa. It kredo leit hjiryn: gewoan dwaen, en hjir en dêr hwat lange teannen byfylje.
| |
IV. Kultuerplan: alternative ideeën
Earder ha'k al sein dat ik toloarsteld wie oer it deasimpele feit dat de foroaring net sa hurd forroun as ik tocht hie. Ik hie my foarsteld dat nei twa jier de slach foar in great part wol slein wêze soe. Lykwols, ik bin der dochs wol lokkich mei dat in tal saken oan 'e oarder kommen is, en in lyts bytsje holpen hat ta de klimaetsforoaring. Der hat eat west fan in trochbraek. Hwer't Hessel Miedema him stikken roun yn't porslein, hwer't Paul Panhuysen stompsinnich tsjin de muorre roun is, dêr hat Operaesje Fers in lytse skuor slein, dy't sûnder mis trochrint en greater wurde sil.
It feit dat it hjir hiel traech forrint is foar my it biwiis dat it mitselwurk yn Fryslân noch hechter sit as hwat ik tocht hie.
Myn plannen gongen alhiel yn de rjochting fan de ynfiltraezje yn de fêstrustke organen. Ut it earste program fan Operaesje Fers (dés. '67) wie dit punt troch de mearderheit fan de redaksje út in eachpunt fan taktyk forwidere. My tocht dat in ûndermynjen fan ûnderen út slagje moast.
En op inkelde punten hat it fortúten dien. It idé hie noch better réaliseard wurde kinnen as oan inkelde primaire easken foldien west wie, en wol
a) | in mear kritysker parsebigelieding fan it kultuerbilied yn Fryslân; |
| |
| |
b) | in mear solidaire (minder materialistysker) hâlding fan 'e skriuwers yn Fryslân; |
c) | in mobilisaesje fan 'e publike opiny; |
d) | in omswaei fan 'e RONO op dit flak en |
e) | in opkommen fan de regionale TV. |
De RONO hat noch nea in mins wekker makke, lit stean fan in skok jown. Ik soe it program forgelykje wolle mei it praet yn in kapsalon, hwermei fan it lêste neat negatyfs sein is, mar fan de RONO krekt safolle dat dêr net radio makke wurdt. Technikus Klaes Tuininga fan O.F. hat hast in hiele middei praet oer aspekten op it mêd fan lûd en poëzij. Hy moast letter bikenne dat er it gefoel hie dat der yn wêzen neat oerkommen wie. Eigen ideeën wurde by de RONO net berne, in oar sines net sjoen.
Yntusken leau ik dat de ynfiltraezje op bipaelde punten tige goed slagge is: Koartehimmen hat himsels opjown; de Relyprizen binne foar in great part oernommen troch hwat mear engagearde lju as foarhinne, in soarte fan nijere generaesje; de Provinsjale oerheit hat dan einliks it réaksjonaire gesicht toand fan de autoritaire gesachs/ wetshanthavenster. In totalitair gesicht kaem om 'e hoeke kypjen: gjin Gysbert Japikspriis foar in groepke ‘nihilistyske’ burdapen. Ek Jo Smit pleatste him fanôf doe yn 'e hoeke fan de fêstige machten (in ûndefinearbere figuer, en hwat kleurloas, waerd hy yndertiid yn Vrij Nederland biskreaun). It wegerjen om de priis to jaen hie de energy om to foroarjen net greater oantrún jaen kinnen, wylst it wetmatige, net fleksibel wêzen fan in Van der Mark nochris wer foar 100 persint oantoand is: in healslachtich bilied is gjin bilied. Kultuerbilied is doare om to dwaen, ôfsjoen fan partypolitike of godstsjinstige motiven.
De erfaring fan twa jier krewearjen mei dizze saken en persoanen, it ompielen mei it totale gebrek oan fisy by de establishmintsfiguren hat my der fan oertsjûge dat it tige needsaeklik is, dat Fryslân op it mêd fan de kunst in soarte fan Rie fan de Kunst ha moat, hwer't alle persoanen en groepen yn ûnderskate seksjes yn meiprate kinne, en hwert binammen de kunstners in stim yn't kapittel krije. Dan allinne kinne de biliedslinen reël útstippele wurde. It falen fan de Kultuerried (in papieren organisaesje fol lucht) docht him yn dizze tiid to folle fielen. As men it der oer iens is dat de wrâld tagiet op in hwat ludiker maetskippij, dan sille der fordoary ris in kear plannen op poaten setten wurde moatte. Ik soe yn dit forbân pleitsje wolle foar in 5-jierrenplan foar de kultuer. Der sil in ynventarisaesje komme
| |
| |
moatte fan alle soarten fan kultuer (of hwat dan kultuer neamd wurdt, en dus ek jild fret) hjir yn Fryslân. De to kunstmjittich yn stân hâlden organisaesjes (dy't gjin respons, en dus gjin libbenskrêft mear hawwe) sille saneard wurde moatte yn dy fiif jier. Ek in jildfrettende organisaesje as it Frysk Orkest soe ris op 'en nij yn diskusje moatte. Oan statussymboalen kin men gjin kultuer ophingje (hwermei't ik net yn't foar biwear dat it Frysk Orkest allinne status-symboal is). De goedwollende, mar yn wêzen ympotinte buorrels drinkende lju fan de Kultuerried kinne rêstich mei pensioen stjûrd wurde, lykas de direktrise hwaens fisy mei't klimmen yn jierren efterút giet.
It 5-jierrenplan sa't ik dat boppe sketst ha soe ûnderbrocht wurde moatte yn in struktuerwurkplan om't ek in plan op langere termyn nou en dan byfile wurde moat. Yn dizze struktuerskets moatte fansels earst de prioriteiten oanjown wurde. Wurkgroepen yn forskate seksjes sille de situaesjes trochprate moatte. Nettsjinsteande kultuer útsoarte to krijen hat mei dynamyk soe it ek winsklik wêze plannen op papier to sketsen foar langere termyn. Der sil in kultuer-polityk kreëard wurde moatte, dy't in meardiminsjonael tinken op bringe sil.
| |
V. Ljouwert: kultuersintrum
Der fanútgeande dat alle lytse mienskippen gjin takomst hawwe, en op it kultuermêd alhielendal net meispylje sille, mien ik stelle to moatten dat der yn Fryslân ien kréatyf sintrum komme moat, hwer't de dingen barre, en barre sille. Per definysje is de stêd it bolwurk fan dynamyk. Fryslân hat mar ien stêd dy't oan it dynamysk aspekt foldwaen kin: Ljouwert sil it nije kréative bolwurk wurde moatte yn Fryslân. De stêd leit aerdich sintrael, it hat foldwaende ynwenners en it stêdsbistjûr hat in pear bistjûrders dy't wol hwat wolle sa't it liket. Binammen it punt kultuer krijt sa njonkelytsen it omtinken hwer't it rjocht op hat. De earste stappen binne setten. It feit, dat, doe't Provinsje en Ryk it sitte lieten op it punt ‘Operaesje Fers’ dea of libben, en Ljouwert der fuortdaelk mei hwat jild ynsprong, hat hope jown. Fansels it is mar in lyts oanwizinkje, mar de petearen dy't wy mei de gemeente Ljouwert hawn ha, yn de persoanen fan Brandsma en Ten Brug, ha ús der fan oertsjûge dat it reëel mienens is mei dizze lju. Se steane iepen foar ideëen fan oaren, mar hawwe tagelyk in bihoarlike fisy op 'e
| |
| |
takomst. Tagelyk mei de forlinging fan de iepeningstiden fan de bars binne de mooglikheden op it kultuermêd tanommen. Men wol graech meiwurkje oan de sa breanedige klimaetsforoaring. It image fan Ljouwert - jierrenlang skôge as in duf plattelânsstedtsje - wurdt better. Dit is net yn't lêste plak to tankjen oan de progressive opstelling fan de gemeentlike machten. Men hat troch krigen dat burokratysk geâldehoer forline tiid is. De frijheit om manifestaesjes to hâlden wurdt ynsjoen: forgunningen komme binnen trije dagen ôf, sûnder dat der restriksjes makke wurde (men moat de minsken eigen forantwurdlikheit jaen). Ek it feit, dat de gemeentlike oerheden persoanlik tsjûgden fan har bilangstelling, by manifestaesjes al of net biropsmjittich, is tige wichtich om't it dan folle better praten is oer de winsken dy't libje by forskate groepen en individuen. It papieren oardiel wurdt omsetten yn in reeël meitinken.
Der binne inkelde ideeën dy't sa njonkelytsen troch Ljouwert réaliseard wurde kinne. It is wichtich foar de stêd as sadanich, mar boppedat hat hiel Fryslân der bilang by dat it in sintrum krijt hwer't de fasetten spylje, en net allinne op bistjûrlik n ivo. De folgjende ideëen lykje my yn koarte tiid to réalisearjen, nettsjinsteande it feit dat folle noch mar yn statu nassendy ré lizze,
In wichtich punt foar de kultuerûntjowing leit yn de kwestje outillage. As der gjin gelegenheden binne hwer't men torjochte kin, jowe moaije ideëen net sa'n soad. De Harmonie, Sealen Schaaf en de Beurs binne yn hannen fan de gemeente. Dêrmei kin wurke wurde. As fjirde gebou + omkriten soe hjir oan toefoege wurde moatte de Prinsetún. Dit prachtige sintrum wurdt nou yn wêzen al jierrenlang net brûkt. As de Kultuerried in algehiele Rie fan de Kunst wurdt (earder útiensetten) dan komt it gebouw hielendal frij foar greate manifestaesjes (de tún heart hjir fansels by). De gemeente Ljouwert hat dan de biskikking oer fjouwer ynteressante objekten (oant salang in great opset kultuersintrum ûnmooglik is) dy't elts ‘rund’ wurde moatte troch kapabele minsken mei fisy op maetskippij en kultuer. In algemien kultureel wurker soe as koördinator tusken de fjouwer ynstellingen fungearje kinne en tagelyk de forbiningen mei't gemeentebistjûr kreëarje en ûnderhâlde moatte. Fanselssprekkend sil dit jild kostje, mar in libbene stêd sil jild stekke moatte yn it klimaet.
Ik ha de Prinsetún as in wêzentlik ûnderdiel fan it gehiel neamd. De earste reden leit der yn dat it gebou en de tún tige geskikt binne. It twadde punt is dat njonken de Prinsetún de RONO-studio's lizze.
| |
| |
My tocht dat it gaedlik wêze soe, lykas yn Ingelân, ek hjir to bigjinnen mei lokale radiostasjons.
Ljouwert soe der yn ús gewest mei úteinsette kinne. De RONO-studio moat omboud wurde ta in (twatalige) lokale stedsomrop dy't yn elts gefal in 8 ûren deis yn 'e loft is. Dat in manifestaesjegelegenheit lykas de Prinsetún flakby is, kin allinne mar posityf wurkje. Meidat sa'n lokale radio 8 ûren yn 'e loft wêze kin, sil birikt wurde dat de minsken net langer ûnwittend bliuwe fan saken hwerby't se bilang hawwe. Der kin in bulte ynformaesje jown wurde oer lokale, mar ek oer nasjonale en oare wichtige punten, dy't nou faek middels Hilversum yn't fordomhoekje lizzen bliuwe of alhielendal net bihannele wurde. It moat fansels net in forfanging fan de bisteande media wurde, dat hat gjin sin. Wol kinne de problemen oan 'e oarder komme as nou it gefal is. Ynformaesje dy't nou faeks allinne lâns de Ljouwerter Krante forrint, op himsels net slim mar wol iensidich fansels. Boppedat biedt de radio it diskusjemiddel: der kinne debatten komme tusken persoanen, dy't direkt útstjûrd wurde. It ynstjûrdestikkengeâldehoer kin forlein wurde ta in direkte konfrontaesje tusken ideeën. De radio kin oeral daelk opspringe. It foreasket wol ynventive forslachjowers en ynterviewers, dy't op 'e hichte binne mei de moderne wizen fan radiomeitsjen (de lakune by de hjoeddeiske RONO).
De stêd Ljouwert soe de lokale radio opsette moatte. De mooglikheden binne okkerdeis yn 'e wet fêstlein. De superfisy fan 'e NOS moat men gewoan negearje, ek op dit flak sil nou ris desintralisearre wurde moatte, tocht my. Fryslân wie de earste provinsje dy't de poëzij lâns de telefoanlinen forsoarge, lit it ek de earste wêze dy't in lokale radio oprjochtet. En net to binaud fan Hilversum en Den Haech. Tagelyk mei de lokale radio kin de stêd Ljouwert de regionale TV kleme foar in pear ûren wyks earst, letter deis. De opbringsten fan de reklame moatte direkt yn de regionale pot streame, in aerdich startkapitael. Mei it yn gebrûknimmen fan regionale TV bistiet de mooglikheit de bistjûrders hjirre mear oer it fuotljocht to bringen. Se stappe út har betonnen blokken om iepenlik it folk to birjochtsjen oer bislúten en dieden. Hwat is moaijer foar in bistjûrder om iepenlik forantwurding ôf to lizzen tsjinoer de kiezers. Ek by de TV bistiet de gelegenheit diskusjes del to setten oer problemen dy't yn dit gebiet spylje. Ik tink bygelyks oan punten lykas de stavering.
| |
| |
Hwat hie it aerdich west de foar- en tsjinstanners fan in fiergeande foroaring tsjinoerelkoar to setten. Ek de twatalichheit op 'e skoallen soe analysearre wurde kinne. Ik sjoch de programmablêdden al: minsken doch mei, eltse freed fan njoggen oant tsien twatalige tsierderij, jow Jo op, eltsenien kin mei dwaen! Mar alle gekheit op in stokje: ik hie graech mei Van der Mark yn in iepen petear wollen, en net lykas nou op 'e RONO: earst hy syn sechje en dan wy ús sechje. Soks is de feuilletonmethodyk fan de rubryk ynstjûrde stikken: it rint dea yn stompsinnich geswets. Direkte konfrontaesje, dêr ha wy forlet fan, om't it de minsken yn biweging bringt. Yn positive of yn negative sin, dat fordomt neat, as se mar rekke wurde, út 'e sliep helle wurde. Om koart to kriemen: der kin better ynformaesje jown wurde oer libbene dingen (fan gewest oant gewest tsjinnet nou as kuriositeitbringster foar Hilversum). Al to lang ha wy hjir libbe yn in situaesje fan: och, se sil't wol witte dêrre, dy bistjûrders en sa. Alternativen wurde net oandroegen (dit is gjin forwyt oan 'e L. Kr., mar in feit bliuwt dat 87% fan de bifolking oriënteard is op dit blêd, en dat is fordeald iensidich). Ek op it kultuermêd binne wekkermakkers needsaeklik.
It útstralingseffekt fan in lokale radio en TV sil op alle flakken to merkbiten wêze. In nij kréatyf sintrum sil ûntstean.
| |
VI. Gearwurking oare regio's
De kontakten dy't Operaesje Fers sa foar en nei hawn hat bûten de Fryske grinzen binne great west. Spile yn Hollân de fraech noch wolris fan: ‘Fryslân, kin dêr hwat goeds wei komme?’ Yn de oare provinsjes wie it fjûr faek folle spontaner. It like wol of wie men der bliid mei dat der nou ek ris hwat bûten de rânnestêd barde. It feit dat in groep dichters yn New York it idé fan de telefoanpoëzij direkt of yndirekt oernommen hat spile hjiryn fanselssprekkend ek in foarname rol. Mar it docht neat ôf oan it bleate feit dat de réaksjes spontaen kamen en ús mei stimulearden om troch to arbeidzjen.
Hwat it lêste jier spile yn Fryslân op it kulturele (literaire) mêd koene wy ek merkbite yn de greate line Grins, Drinte, Oeryssel, Gelderlân, Brabân en Limburg. Sels kin men sizze dat de line troch to lûken is nei Flaenderen, hwer't ek minsken tige dwaende binne lykas hjir signalearre is.
Yn al dizze kontrijen wurkje in bulte jonge minsken tusken de 20 en
| |
| |
de 40 oan de foroaring yn mentaliteit. It bart middels de poëzij, mar ek middels festivals, rounstruibrieven, heppenings, diskusjes, opposysje yn toanielsealen, it provosearjen fan de bistjûrders, esf., esf. Sy stelle mei ús dat de westelike (rânstêddelike) kultuer moai is, mar net allinnesealichmeitsjend. De regio kin oernimme hwat wichtich is, en fierder bisykje har eigen strukturen om to bûgjen ta nije patroanen. It eigene sil biwarre bliuwe moatte foarsafier it wearde hat. Oars is der mar ien remeedzje; op 'e dongbult mei it spul. Mar ek dêrre yn Limburg, Brabân, Gelderlân, Oeryssel en Drinte/Grins fielt men de âlde forkalke strukturen fêstsitten.
Yn petearen hin en wer is ús dúdlik wurden meielkoar dat allinne bûtenparlemintaire aksjes sukses garandearje sille. It spul moat gewoan oerrompele wurde. Men moat se soms foar in foldongen feit sette. Hwant it apparaet sels sil nea yn biweging komme. In needsaeklikheit is dan wol dat elke kunstner (skriuwers sawol as byldzjende kunstners) him solidair forklearet mei de to bisprekken taktyk en de wize fan operearjen. Elts sil him stelle moatte efter in nij kultuerprogram hjir yn Fryslân, dat meielkoar opset wurde moat. Fanselssprekkend sjuch ik dit alles bûten de politike partijen om, hwant ek dizze organen sitte tofolle fêst oan it systeem.
| |
VII. Winsken
a. | lokale stêdsradio en TV foar Ljouwert; twatalich opset; |
b. | in boykot fan it oparbeidzjen mei de fêstrustke organen; |
c. | mobilisaesje fan alle groepen progressive kunstners yn ien great petearorgaen; |
d. | bûtenparlemintaire aksjes (arguminteard) tsjin autoritaire bislúten fan boppenôf; |
e. | it easkjen fan meipraten yn de kultuerorganen en binammen yn de bipleite Rie fan de Kunst; |
f. | de kultuerried ombouwe ta in soart Rie fan de Kunst nei't fan to foaren de hiele kultuer reëel trochljochte is; |
g. | it oanlûken fan in kapabele kultuerfiguer, ynsté fan de avisionaire tsjintwurdige krêft; |
h. | de publike opiny ombûge ta in lukyk, kritysk kréatyf tinken; |
i. | de gemeente Ljouwert en de Provinsje sille reële literaire en oare kunstprizen ynstelle moatte, mei deskundige ûnôfhinkelike jury's. |
kredo: ‘leaver dea as slaef’ moat omfoarme wurde ta:
|
|