Trotwaer. Jaargang 2
(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 13]
| |||||||||||||
De kriteria fan it doarp (II) / Geart van der ZwaagMyn artikel yn it juny-nûmer fan ‘Trotwaer’, der't ik hjirmei op oanslút, hat gjin iepen petear of polemyk op gong bringe kinnen oer de fryske literaire saken fan optheden. Bihalven Tjitte Piebenga syn stik yn it desimber-nûmer is it stil bleaun yn ‘it doarp’. De implisite foarm, hweryn ik in stikmannich sitewaesjes binnen de fryske skriuwerij-mei-omballingen nei foaren brocht (de modellen) frege dêr faeks tomin om. Mar ik woe dan ek objektivearje en der dêrnei meiinoar oer prate, oer skriuwe, skreau: De modellen sprekke foar harsels, binne bidoeld as bijdrage ta in fierdere diskusje. Ik tocht, sa soe in skjinne, saeklike polemyk op gong komme kinne. Dat is'm dus net waern. Men soe oars ha wolle, nou't it rounom reast om meisizzenskip, wie it yn ‘Trotwaer’ goed losrekke oer dy skriuwerij. Soks soe ik yn elts gefal better pleatse kinne, as it gerop om in literair program.Ga naar eind*) It is fansels prachtich, as jo in program hawwe, in visy, mar as fiif man, ek al foarmje dy meiinoar de redaksje fan in tydskrift, soks útbringe moatte súnder dêr earst ris yn breder rounte oer to redendielen, dan rinne wy hjir mei it geastlik klimaet net alheel lyk. Dûmny is yn 'e sanearing, dokter seit: ‘hoe hiene jo tocht’ en boargemaster - nou ja boargemaster is ek efterop èn de fryske skriuwers fansels, hwant dy sykje om in autoriteit, nou ja... sa't liket. Tjitte Piebenga hat tominsten noch reagearre op myn artikel, dat is altyd noch hwat. Hy hat der gjin sprút fan snapt, dat is wôl wier, mar hawar. Soms is it wichtiger, dát jo skriuwe, dan hwát jo skriuwe. En dan moat it wêze → Trioel.Ga naar eind**) It modieuze en driftmjittige gerop ta spyt, gean ik fierder yn myn mear objektive wize fan binaderjen, gewoan omt dat minent is. Trouwens, de argewaesje rinne jo net frij, hoe't jo it ek dogge. Yn hwat nou folget, sil it nammers gean om struktueren en mecha- | |||||||||||||
[pagina 14]
| |||||||||||||
nismen, der't minsken in rol yn spylje, ja har soms slim mei identifisearre hawwe. Komme jo oan dy struktueren, dan komme jo oan de minsken. Nou, dat is dan net oars. It is fansels gâns nofliker en skriuw oer Vietnam, oer Biafra, de striid fan de studinten en arbeiders, sa't Noordmans wol.Ga naar eind***) Dat is yn mear dan ien opsicht tominsten fier genôch fuort. Dêr kinne jo hearlik frij yn bliuwe. Dat kostet jo gjin lêzers en jowt gjin lilke reginten. Jo binne it wol aerdich iens oer sokke ûnderwerpen. Gjin spul. Mar hwa rêdt mei de eigen krite? De sinezen dan wer, of de Ljouwerter Krante? En dy't de mínsklike tragyk sa oansprekt mei witte: yn de krapte fan ús doarpske formidden bart ek wol it ien en oar. Soks kinne jo yn dizze dagen, nou't elk yn draf is foar Biafra, net sizze fansels. Mar ik sil dúdlik wêze: as de minsklike jammerdearlikens objekt wurdt, tsjinje moat as remeedzje foar de ûnmacht om ûnder eigen in bytsje ridlik to kommunisearjen, dan is sa'n bitrutsenheit tige bitreklik. Wy moatte sèls mar ris in leave rjochtdei hâlde. Net om de nocht oan ûnnocht - hwêrom soene wy konflikten út 'e wei gean? Net om it isolemint - mar slim is soks ek net. Net om de fryske skriuwerij sa wichtich is - it is uzes. Al omt de sitewaesje fan de fryske skriuwerij - lit ús mar sizze - gâns plezieriger kin. Myn modellen, dy't ik ideael-tipen neamde, in bigryp út de sosiology, haw ik gearstald út gegevens fan in pear jier aktiviteit yn Operaesje Fers en Trotwaer. Neam se om my oars trochsneedsitewaesjes of karakteristiken. It gie der my om hjirmei bisteande noarmen en wearden, hâldingen en gedrach, prosedueres en sfear to uzes oan to wizen. As sadanich binne se fansels ûnfolslein, iensidich, nammers fan myn kant bisjoen. Mar hwat soe dat hinderje. It hindert to minder as der oer to praten foel en to polemisearjen. Ik sil de oanstriid wjerstean en stal nou - in heal jier letter - fannijs en oanfoljend wer hwat fan dizze tafrieltsjes. Ik wol bisykje de sitewaesje fan de fryske skriuwerij nou hwat konkreter oan to wizen. | |||||||||||||
[pagina 15]
| |||||||||||||
De kleine Tuyet en Hoa, gewond bij een luchtaanval; hun moeder werd gedood toen ze trachtte hen te beschermen. Een bommenwerper vervoert vier CBU's die in staat zijn 600.000 kogeltjes te verspreiden en elk levend wezen binnen een oppervlakte van een vierkante kilometer te doden of te verwonden.
| |||||||||||||
[pagina 16]
| |||||||||||||
Literatuer en biwegingDe fryske skriuwerij hat to lijen fan de minderheitsposysje fan it frysk sawol as fan de emansipaesjestriid foar it frysk. De fryske skriuwer/dichter wurdt fanwegen de tael, der't er him yn uteret, faek net akseptearre. Hy ûnderfynt wjerstân, tominsten as er net tofreden is mei de respons út de eigen taelgroepearring allinne. Dizze wjerstân is foar it greatste part werom to bringen op ûnkunde (de lju bihearskje de teal net) en it sosiael oansjen fan it frysk, en fierder ek op de identifikaesje mei de fryske klup. Yn de striid foar it frysk stiet it tealsysteem foarop. Dit frysksinnige elemint, dat ek trochwurket yn provinsiael hanneljen en bilied, steurt it literaire klimaet gauris, set de fryske literatuer nammers yn it to inge forbân fan de taelideology. Is foar de fryske biweging (ik bidoel net allinne de institutionearre biweging) it taelsysteem primair, foar de fryske auteur is it dat net. Foar him is it frysk mear middel dan doel. De auteur is dichter (byg.) èn frysk dichter. Dat binne twa dingen. It dichterskip is unyk en universeel. It fryske dichterskip is sosiologysk biskaet, fan it dichterskip to skieden, foroarlik sûnder dat it it dichterskip hoecht te reitsjen. De (fryske) dichter sil him net ûntwine oan de (fryske) taelstriid, foaral hwer't dy in sosiale striid is. Hy sil lykwols protestearje, hwannear't er nadere wurdt foar dy taelstriid. De dichter ynhalearret frij, sprekt mei eigen mûle, leit de kontakten dy't er nedich hat sels Foar it kultuerbilied bitsjut dit, dat de auteurs yn har kontakten mei oare taelsferen, yn har ynteraksje mei nederlânsktalige dichters, ek frij binne (Operaesje Fers/literaire kafé's/camping-jounen/broadtsje healom/Trotwaer) en dat har aktiviteiten hjiryn, as dat nedich is, finansjele stipe fortsjinje. Dat is noch net it gefal. It getoulûk tusken Ryk en Provinsje oer de subsidiearring fan de twa-talige telepoézij fan Operaesje Fers op de rêch fan in stik frije literaire en kulturele aktiviteit is symptomatysk. It nederlânsk-nasionale stiet foar it frysk-nasionale oer. Beide formoardzje sa in nije artistike kommunikaesje. Dat rekket it fleis. | |||||||||||||
[pagina 17]
| |||||||||||||
Iepen biliedWy komme nou to praten oer it kultuerbilied, de kant fan it hoe foaral. Ik bigjin wer mei in stik of hwat praktyske foarbylden.
| |||||||||||||
[pagina 18]
| |||||||||||||
Mei dizze foarbylden wol ik oantoane, dat it kultuerbilied in net sa bot demokratyske wei giet. Wy kinne hjir koart om 'e hoeke, en stelle: It subsydzje-bilied by de oerheitsynstellingen moat mei gauwens demokratisearre. De prosedueres fan oanfreegjen en bislút moatte oardere en foroardere. De subsydzjenoarmen moatte dêrby fêststeld en bikend makke wurde. De motiven fan ta- en ôfwizing moatte bikend makke wurde. De adviseurs moatte ek fan ûnderen op bineamd wurde. De forslachjowing moat sa iepen wêze, as't kin. Fierder dogge de partikuliere ynstellingen en ûndernimmingen, de stiftingen en de útjowers der goed oan har to birieden op de mogelikheden fan in sterkere partisipaesje fan de kant fan de auteurs yn har aktiviteiten. It wurdt tiid. | |||||||||||||
Nije saeklikheitWy meije forwachtsje, dat in mear iepen kultuerbilied ek de literaire diskusje op 'e nij yn biweging bringt. Yn elts gefal is dit to hoopjen. Wy hawwe forlet fan in nije saeklikheit yn de krityk sawol as yn de ynteraksje. De psychologyske ôfstân tusken de fryske skeppers en skriuwers is frij lyts. Har tal is lyts en har taelgebiet is lyts. Se hawwe har familiale, godstsjintige, politike en oare referinsje-kaders, har saeklik-materiéle bilangen en ambysjes, har soms mar min to skieden dûbelrollen, dy't mei dy bilangen en ambysjes wer gear hingje. Gjin nijs, net slim. Wol is slim, dat de minsklike relaesjes en de artistike kommunikaesje troch de sosiale ûnfrijheit, hweryn boppeneamde rollen spile (better noch: net spile) wurde, faken blokkearje en bistiivje. Dêrtroch is de fryske skriuwerij faek mar in tryste fortoaning, en fierder: der wrot in protte ûnderhûds. Ek de literaire krityk hat der fan to lijen. Oerdosearringen wurde brûkt, sawol posityf as negatyf, al nei't de relaesje is, faken ûnbiwust. Yn dizze sfear wurdt de auteur, dy't syn wurk oan publyk en kritisy tabitrout, maklik erchtinkend. Noch in takke fierder en hy antisipearret al op ûnsaeklikheit: dêr mar net, hwant dy sil wol dit en dat om dit en dat. Dêr gean je hinne! Yn de lytse sosiale rûmte fan de fryske skriuwerij lizze tûzen gefoelichheden, hûndert konflikten (âlde en nije) en in stikmannich | |||||||||||||
[pagina 19]
| |||||||||||||
dúdlike twaspjalten. Dat soe allegearre neat net slim wêze, as it om relevante literaire kwestjes gie. Dat is lykwols sa net. Mar is dêr wol iens sicht op? | |||||||||||||
KanarjesMen kin, seach ik, in kursus folgje yn it forsoargjen fan kanarjes. Soks liket my foar de fûgelders, mar foaral foar dy bistkes, in saek fan bilang. Sa krije se fan it forkearde net tofolle, fan it goede net to min. De kouwe wurdt op 'e tiid útdonge. Jo reitsje op 'e hichte fan de soarten, de rassen en de krusingen. Ja, alles leare jo. Op 't lêst kin jo sizze: ik wit hwat in kanarje is. As dat foar kanarjes kin, soe dat dan foar boekskriuwen ek net hwat wêze? Soe it hast gjin tiid wêze en biried ús op in skriuwersfakoplieding? De measten fan ús dogge ommers mar hwat. Kin de Fryske Akademy de skriuwers net ris byinoar roppe om meiinoar fan ûnderop in learprogram foar tweintich sneonen to bipraten? Dan dogge wy tominsten hwat. Mar al bart der ek neat fan soks - hwant leau mar grif dat fierwei de measten har hjirboppe forheven achtsje -, wy kinne der net foar wei en sjoch it skriuwerskip as disipline. Sa lang as wy dêrfoar tobekskrilje, dêr to loai foar binne, it de muoite net wurdich achtsje, sil it in toer wurde de disipline yn 'e skriuwerij to biwarjen. Om fan nivo mar net to praten. |