Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Jan Post / Yn sté fan in spitsûre fol auto's tille de strjitten fan it krûpend ûngedierte en to'neistenby binne de harsens fol en yn sliep dyn hannen dy't geef as kryt like broas binne fanwege har wurk: it gearstallen fan dreamen hwa't tocht hie fleane to kinnen ûntwynt him net oan it bêd, boun troch de dea. Gjin bislút. Dat is kreas, siz ik, in moaije, en tink derby net oan leafde of dea de krobbe leit op de rêch spinfuotsjend tsjin de ein gjin poat wiist nei de goeije kant. Vorige Volgende