Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 133] [p. 133] Jemke Visser / Kleisang mei de toffels oan Ik bin hwat kwyt, Mar ik wit net hwat. Myn kluts? 't Kin wêze, Dan is it periodyk. Ik ha myn burd stean litten En myn iten. Sja... Hwat kin men al sa mear Staan litte? Né, né, leave freonen, Lit ús it biskaefd hâlde! Oars wurdt der wer wâlde Op lange teannen. Jongelingske en Diske wer op ien ein -'k Ha leaver dat se op 't oare bliuwe. Ik ha in frou In soan, Dy't op myn folle mage ombotst En wol tweintich kear deis de w.c. trochlûkt. Ik ha myn salaris, Myn forsekeringspolis, Myn televysje, Myn maagkwael -Myn frou har waskautomaet. Fordomd, neat brek! Strak noch de ‘Telegraef’, De chaos kompleet, mar ik bin braef. Mar wachtris... Myn auto stiet noch net foar de doar, Soe dat er miskien oan mankearje? Vorige Volgende