Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 131] [p. 131] Geart van der Zwaag / Wetterfloed de kommissaris moat yn harns nei't húske it pylkje sjen fryslân hat it oan't wetter de stiennen man leit yn in eftertún ik bin net bygelovich mar komt dit wol goed minsken de sûnde wurdt straft sei de dûmny en de man kriget noch gelyk ik haw myn houtstek ek alris munstere men kin optheden sokke aerdige boupakketten krije ik moat net to great wy kinne ús gau rêdde ús soarte wennet hjir net wy hoege gjinien oan to heljen en de houtsjes driuwe fan harsels wol miskyn hinget der ûnderweis noch in man yn in beam as er ús swarre kin dat er nearne by heart nimme wy him mei - oars kin er forrekke wy hâlde mar op Ljouwert oan de âldehou is wer funksioneel de p.b. strânhotel stêdlju krije sicht op swarte haen dêr't fjouwer gesinnen samar weiwurden binne dat sprekt wol even oan dêr ha wy noach fan 'e súdhoek mei it hiele spul komt er delsetten dat is him yn it lânboukertier ek net trochdien dit kin gjin kant út sizze de lju fan'e nijstêd de unifoarmpetten moatte hast mar komme om de biwizen fan ûnformogen út to rikken mynhear bartstra hat gjin wiete fuotten bearn kriget wol fan 'e w.w. en de b.b. is der ommerseek noch de Ljouwerter iepent it gemael de gasten drinke har glês leech en forklomje de wyn moat om sizze se yn it leechlân Vorige Volgende