Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 128] [p. 128] R R van der Leest / Nocturne dêr't de groed him biseart oan it wyt fan it each en de klinge fan dwêst toarret djip yn de facht dêr't de wyn him bitiist yn de strûp fan it wrâld tusken gers op de hil neist de stien oan it skot dregger is skeind troch de dregger is skeind dêr't it wylpjen foar floed by de spounsmoas forraent yn de fûgel syn skreau nei it skuorren fan flues boppe tonger biwend ûnder wolkense stjalpreinbrek swat swat is de trâns lâns it smokeljend grim tsjin de stek sûnder kil leit it sulver en rust skynt it focht dêr is fjûr om de troan ûnforsânleaze toarst dêr kleeft bloed oan de peal yn it wek fan de loft Vorige Volgende