R. van der Leest / It is net allegearre pop dat der skreaut
It Freeslik Feest
yllustraesjes: Anne de Vries
fersen: Barthle J. Laverman
Miedema Pers, Ljouwert, 1969
Yn it earste oankommen foun ik ‘It Freeslik Feest’ in meinimmend boekje. Moai modern omslach, moai ljochtjowend kleurke, moai glêd papier, moai hânsum formaet, moai leech pryske (f 3,90).
It sjocht der fan bûten en binnen nijsgjirrich út. Dat is al in wichtich pluspunt, binammen foar in Fryske bondel. Mei biskieden middels in aerdich boekje gear to stallen, is in pretaesje op himsels.
Elke side tsjûget fan in hechte gearwurking tusken yllustrator en dichter. De tekeningen binne op de fersen makke, mar se bliuwe net forsiersels sûnder mear. Se helpe mei de sfear op to roppen, jowe hjir en dêr oanfollings op de tekst, sizze soms mear as de gedichten sels.
Om my hie de dichter ek in stikmannich fersen op de tekeningen makke. Dan hie der in wikselwurking west, nou is it ienrjochtingsforkear: fan fers nei yllustraesje, de tekening ûnderstipet de tekst.
Op elke side stiet de tekening boppe en de tekst ûnder, by greatere tekeningen of teksten komt ek earst de yllustraesje en dan it fers. In pear ôfwikings fan dit fêste skema hie ik wol sa aerdich foun. Binammen op dy siden dêr't de yllustraesjes suver deselde toanwearden hawwe en hast like great binne. (siden 16-17, 22-23) De strakke fette letter dêr't de gedichten yn printe binne, is as tsjinstelling mei de rounere détailrike yllustraesjefoarm in goede kar.
Dit hwat de presintaesje oanbilanget. Om de ynhâld sels syn gerak to jaen, moat ik dochs yllustraesjes en fersen apart bisprekke. Hwant folsleine byldfersen, dêr't min in skieding tusken tekst en tekening by to lûken is, steane yn It Freeslik Feest net.
De swart-wyt yllustraesjes fyn ik treflik, allegearre, op ien nei, dy't my to gewoan en sfearleas is. (side 10) Der sit hwat Jugendstil yn alle tekeningen, mar oare eleminten jowe der just bikoaring oan. De gesichten mei har greate stoarjende eagen dogge my tinken oan ikonen.