| |
| |
| |
Jo Smit / De kepers komme
R.R. van der Leest: ‘Komme dy Kepers’ Fryske Paperback; Miedema Pers 1969
Hwa' Frysk seit en wol, seit tagelyk ek taelstriid. Hwant hoe't men ek tsjinakselje mei, it is nou ienris sa dat it Frysk yn Fryslân net yn it plak stiet fan it Nederlânsk yn de rest fan it lân, mar njonken it A.B.N. bistiet as twade tael. Twade tael, ek fan dy lju dy't it as har earste tael brûkt hawwe en ek fan harren dy't it yn 'e skoalle noch in tal jierren as earste oanleard hawwe.
Mar dan komt de macht fan it Nederlânske wurd en easket it earste plak op, troch radio en t.v., troch hannel en wannel, troch boek en tydskrift en krante. Om in ein to meitsjen oan de greatste swierrichheden soe der mear Frysk ûnderwiis komme moatte, mear Frysk troch de radio, ek Fryske t.v., en binammen in Frysk deiblêd.
Underwilens is it foaral de literatuer dy't der foar soarget, dat de Fryske tael foar alderhanne utering brûkt wurdt en dat der mear fan libbet as de taelskat fan de inkeling op in bipaeld plak.
Dy literatuer hat net as wichtichste préokkupaesje de taelstriid, mar har eigen wêzen. Hja wol literatuer wêze en dêrby profitearret hja wol fan it plak njonken it Nederlânsk, al wie it inkeld mar omt' hja dêrmei konkurearje moat, dêr safolle mooglik lykop mei gean wol. Kwantitatyf binne de forhâldingen wol bare ûngelyk en liket it foar 't Frysk net sa bêst, mar it hat as bykommend foardiel dat de lytse literatuer in aerdich ôfwikseljend en fariearre karakter hawwe kin. Kin, hwant by de greatere literatuer sil gauris it tal yndividuën binnen de soarte (om it mei in byld fan oar mêd ûntliend to sizzen) nochal great wêze moatte, mar dochs hoecht it tal soarten by de greate en de lytse inoar net sa fier to ûntrinnen.
Mei it Fryske proaza bylket it net sa min op't heden. In Wadman skriuwt oare boeken as in Riemersma, in Rink van der Velde hwat oars as in Tjitte Piebenga en allegearre meiinoar hwer oars as in hiele rige oaren.
| |
| |
En nou is der Reinder R. van der Leest, mei ‘Komme dy Kepers?’, dy't ús wer in roman foarset dy't in klasse op himsels is. Mei de titel is it genre al aerdich oanjown en oars helpt de ûndertitel ús noch: ‘Draeiboek foar in b-film’.
Nou is it alhiel gjin draeiboek, mar it forhael liket wol op ien fan in guodkeape publyksfilm. ‘De persoanen en situaesjes binne oerdreaun en tagelyk elemintair,’ seit de blurk op 'e efterkant fan it boek. Sa is it ek en dêrtroch wurdt men as ienfâldich minske dochs yn 'e bisnijing nommen troch it forhael en troch dy minsken. Boppedat hat de skriuwer troch in knappe en trochtochte haedstikyndieling der foar soarge dat der spanning en feart yn it boek kaem; dat it falt net ta om it del to lizzen foar't men it út hat. Dat opfieren fan de spanning troch oan 'e ein fan it haedstik forwachting en freze op 'e lêzer oer to bringen en dan it folgjende haedstik net mei de ûntknoping to kommen, mar in oare tried út 'e tizeboel nei foaren to heljen - dy technyk is al to finen by Walter Scott en op Nederlânsk taelgebiet by Van Lennep, en wurdt noch hieltyd hantearre yn (goede) feuilletons en searjeforhalen. Fansels is it in kunstke, mar giet it yn alle kunst net om it kunstmjittige?
Kunstmjittich binne ek de nammen dy't Van der Leest oan syn sujetten meijowt. Foar hwa't der gefoel foar hat bitsjut it in útdaging to bisykjen de útgongspunten fan de auteur to rekonstruearjen, mar ek sûnder dat hat dy nomenklatuer wol in funksje, hwant fan Dynte Planteit en Nier Hinnebruijer fan Nice en Jimmy Angler, fan Kiki Rascall, fan Platfoet en fan Tobnivkin forwachtet men hwat oars as oars en by eintsjebislút dan alhiel fan Sipma, dy't mei syn deistige namme ek diel hat oan it tableau de la troupe.
‘De ûnderstream is in lichte satire op de maetskippij fan hjoed’, dielt de efterkant ús noch mei. Och, dat sil't wol, tinkt men as men it boek út hat, mar dêr is dat dan ek mei ôfdien. Né, fan oer de hikkel heljen, fan hoffenjen komt net folle tolânne binnen de kontakst fan ‘Komme dy Kepers?’ Inkeld kin men sizze dat de skriuwer him hwat froalik makket oer dy maetskippij en dy mei yn it oerdreaune fan syn forhael opnimt. It risseltaet is in amusant, in froalik boek. It is dat om't de auteur net de dupe wurdt fan syn eigen opset, net bigjint der folslein yn to leauwen, mar in amusearre distânsje hâldt. It gewelt wurdt yn dit boek gjin sadisme, om't it ommers in b-film is, de erotyk wurdt gjin hertstochtlik meilutsen wurden, likemin switterich alkoofgedoch en alwer, it wurdt gjin pornografy om't it ommers - sjoch hjirboppe.
| |
| |
In amusant, mar spannend forteld forhael, dat is it. It is fordivedaesje fan in goede soarte en it is gjin tafal dat ien fan de haedfigueren, in fordivedaesjefamke, nei alderhanne aventûren, oan 'e ein op 'e fraech hwat hja nou winliken útheefd hawwe, anderet: Net folle, wy hawwe de tiid deade.
Alle humor en alle grappigens út it boek sprekt my net like folle oan, mar ik moat tajaen dat ik nou en dan wol gnize moast. Bygelyks as Dynte, om de polysje to mislieden, beare moat dat hja foar in bifalling stiet en hja dan, as it gefaer oer is en ophâlde kin mei stinnen, ûnder de yndruk fan dat eigen stinnen forsuchet: ‘Leave frede, ik bin bliid dat ik de pil slok.’ (s.15)
Ut it skift ‘moaije forlikingen’ sitearje ik:
‘Se fielt har iensumer en wurger as de lêste âlvestêdderider tusken Barthlehiem en Dokkum’ (dy h is fan Van der Leest)
Forfrisseljen fan tael en situaesje:
‘Hy giet by Dokkum om’. (Sein fan Nier, dy't fan Ljouwert nei Appelskea giet, fia Dokkum.) of,
‘Syn sigaret wurdt wiet, hy lit him driuwe. It ding sinkt fuortdaliks. Swiere sjek.’
Dûbelsinnichheit, lyk as men dy fynt by Shakespeare of Jelle de Vries, om mar ris in pear ûngelikense greatheden to neamen, fine wy op s.49 dêr't Dynte en Jimmy op iislollys sobje en dêroer petearje, sûnder dat wy noch witte hwer't hja mei dwaende binne.
In komike situaesje, yn kombinaesje mei grappich wurdgebrûk oan de aktualiteit ûntliend, is hwannear't Dynte, forklaeid en formomme as Jimmy yn forbân mei de doping-kontrole in mieltsje dwaen moat yn in flesse en dêrfoar troch in lyts rútsje in boerefeint chartert dy't yn de greide efter it laboratorium stiet to sleatheakkeljen. ‘De feint’, stiet er dan ‘kriget de flesse oan, draeit him om en docht syn miel. - Fan de waerme miger, sei't er greatsk. 't Is noch in flinke bats ek.’
Faek wurdt it effekt inkeld troch tael en styl birikt. Dynte sjocht in jongkeardel mei in burd en dan seit it boek: ‘In burd folslein harmoanysk om 'e kaek woeksen, it moaiste burd dat se ea sjoen hat. Se wurdt der even stil fan.’
Ik ek, mar ik hâld my net stil. Hwant it negative momint yn ‘Komme dy Kepers?’ leit nou krekt op it mêd fan de tael. It boek bifettet tofolle fortaeld Hollânsk. Hiel hwat fan dy fortaelde wurden hawwe boargerrjocht krigen yn it Frysk en binne dus ek yn it Frysk Wurdboek to finen.
| |
| |
Net it ôfsûnderlike wurd is dan ek hinderlik, mar ál de frekwinsje dêr't dy wurden mei foarkomme.
Yn it Ingelsk binne sûnt 1066 gâns Frânske wurden opnommen, mar in goed, in keken Ingelsk stilist sil der op út wêze om yn syn proaza foaral wurden fan Angelsaksysk komôf op to nimmen en net iensidich in tekst mei wurden út it Frânsk gearstalle. It Frysk hat folslein legitym, him in tal wurden en útdrukkingen út it Hollânsk oaneigene, of leaver hat gâns dêrfan net bûtendoarren keare kinnen, mar de biwuste stilist sil se net brûke op plakken dêr't de mannichte fan Fryske útdrukkingen him oantsjinnet. Reinder van der Leest makket de yndruk dat er gauris de meast Hollânske foarm foar kar nimt, en tagelyk soms de Fryske foarm dy't it fierst fan it Hollânsk ôf liket to lizzen, mar op it plak net altyd hielendal doocht.
Ik sprek hjir in steil wurd en dat foeget ien dy't syn Frysk ek foar it aldergreatste part út literatuer en wurdboek hat mar heal, dat ik sil wol mei hwat fan biwiis komme moatte.
I |
Earst in tal flaters, dy't wol printflaters wêze sille:
it slagget har en haldt (s. 5), hwat stiest dêr (s. 7), ûnopfallens (s. 11), lans (ynstéfan lâns, s. 11), oermansk (y.f. oermânsk, s. 18), fan top ta tein (y.f. teil, s. 24), slútinkjes (y.f. slutinkjes, s. 25), it silt wol (s. 38), wadet (y.f. wâddet s. 40), dou hast útraest (s. 64), pricipe (s. 81), twifelje (y.f. twivelje, s. 82), komen (s. 85), se wurd (s. 89), lékwidearje (s. 103), plaetslik (y.f. pleatslik, s. 117), lúkt in revolver (s. 124).
Faeks sit sok ûnrant der noch wol mear yn, ik ha der net om socht en ik wit ek dat der noait alhiel oan to ûntkommen is. |
II |
Yn ‘har greate roune polshorloazje’ (s. 37), ‘syn krûme pypke’ (s. 119) moatte de adjektiva resp. great, roun en krûm wêze, omdat se nei in bisitlik foarnamwurd by in ûnsidich haedwurd gjin bûging ha. Oarsom moat ‘twa sangen koarsten’ (s. 45) fansels de foarm sangene bifetsje en ‘út namme fan hiel Amearika’ de foarm hiele. |
III |
It Fryske men slút de sprekker yn of wurdt alhiel op de sprekker bilutsen. Sinnen as ‘men leit forbinings’ (s. 126) doge dus net earlik, hwant hja geane út fan it Hollânske men. Dit forkeard gebrûk komt yn it boek gauris foar. Dêrfandinne ek dat it Fryske men je wurdt dêr't it dat yn it Hollânsk is. Sa yn ‘je kinne geande bliuwe’ (s. 11) dêr't wol bidoeld wêze sil ‘Men kin wol oan 'e gong bliuwe’ of sokssahwat. |
| |
| |
IV |
Konstruksjes as ‘it komt út in soart lessener’ (s. 64), ‘ynboune jiergongen Sljucht en Rjucht’ (s. 124), soe ik yn it Frysk leaver hwat langer meitsje ‘in soarte fan lessener.’
‘It kin der troch’ (s. 102) bitsjut ‘ik kin der op troch’, ‘op tiid’ (s. 122) moat wêze op 'e tiid. |
V |
In hiel ‘gedoch’ ha wy yn sinnen as: ‘de frissens docht har oplibjen’ (s. 6) ‘in lawibus dy't in katûle út 'e sparrebeam docht trûzeljen’ (s. 10) mei ek noch forkearde wurdfolchoarder, ‘doch krekt ast slim siik bist’ (s. 13) mei ek noch ast ynsté fan ofst, ‘Dynte docht de hannen op 'e rêch’ (s. 20), se docht de eagen even ticht’ (s. 32), ‘se docht it mei omtinken’ (s. 123), ‘as docht er in wintersliep’ (s. 125). |
VI |
Typysk Hollânske konstruksjes hawwe wy yn: ‘as se Hurdegaryp troch binne’ (s. 13), de man swypket himsels op (s. 18), se giet stean (s. 24), alles azemt in woldiedige rêst (s. 33), foar it lêst, der ôf (s. 37), dan set er him neist de houn del (s. 48), dan giest dêr mar sliepen (s. 52), it hûs is fan dy útsochte ûnsjoggens, dy't (s. 68), de hiele ploech komt der om hinne stean (s. 122) mar de houn hâldt syn bek net (s. 123), keamerplanten en har forsoarging (s. 125). |
VII |
Hollânsk is:....... forsekert Platfoet (s. 10). (Wis hat it Frysk forsekerje, mar dat hat mei assurânsje to meitsjen; foar úthâlde, ornearje hat en hie it Frysk útdrukkingen by de rûs.), seker (s. 14 e.o.), wé (s. 14 foar fleach), falt de tsiener yn ûnmacht (s. 32 It Frysk hat it wurd ûnmacht wol mar dat bitsjut hwat oars as biswymje), boezempeil (s. 41), oanmaning (s. 78 soe oanmoanning wêze moatte, noch leaver moanbrief), kring Ljouwert (s. 114), kletterjend applaus (s. 114), mei opset (s. 120), as de smarde bliksem (s. 129).
Foar tiid rekke (s. 8) soe ik leaver tiid winne sjen en ek foarmen as ‘N. ûntknopet de sjael’ (s. 34), ‘hy trochsiket it hiele hûs’ (s. 47), binne my to Hollânsk, like goed as wurden lykas ôfdankerke (s. 99), of in útdrukking as ‘de Amerikaen lit in wyn’ (s. 105).
It mei dan allegearre net like slim wêze, mar it makket wol dat de humor yn de prústige plysjeman, mei syn ‘dit is in spoedgefal’ skraech mear útwurking hat. |
VIII |
It Frysk hat soms in fan it Hollânsk ôfwykjende wurdoarder dy't soms wer parallel rint mei it Ingelsk. To Ingelsk liket my: ‘hy hopet syn harsens bliuwe deryn’ (s. 48), ‘de oerfallers ha |
| |
| |
|
sjoen Jo binne D. net (s. 65), ‘ik bin bang ik kin Jo net helpe’ (s. 98), ‘se sille tinke wy binne slachters’ (s. 102), ‘hy slacht syn neils yn har fel en bitreurt se binne sa koart’ (s. 118), ‘dou hiest yn 'e smizen dy oerfal wie net lwajael?’ (s. 120), ‘it spyt my neat jim ha dy deadling in kop lytser makke’ (s. 121).
Ingelsk liket my it artikel yn: ‘fielst dy net goed genôch om in auto to riden?’ (s. 7). |
IX |
Ingelsk is ek de stavering yn: ‘foardat immen in kick jaen kin’ (s. 125), nuver is de stavering ‘psigysk’ (s. 11 Is dat wier in g dy't dêr yn heard wurdt?), komputor (s. 59 e.o., mar op somlike plakken ek komputer), handikep (s. 119), roetse (s. 7). |
X |
Forkeard liket my de matras (s. 5) ynsté fan it matras, ‘moedsum komt Dynte oerein (s. 5), ‘de einfûgels roeikje forheftich’ (s. 5 It Frysk wurdboek s. 6 roeikje: zachtjes roeien), ‘oer him fleant in helikopter’ (s. 22 y.f. fljocht), ‘fleant er’ (s. 114), ‘dat ha ik wol merkbiten’ (s. 57 dêr't gewoan fornommen better op syn plak is), ‘ús nije merke’ (s. 99 dêr't merk bidoeld wurdt), ‘hoffenje him hwat’ (s. 102 dêr't bihoffenje bidoeld is), ‘ropt R. forbolgen’ (s. 103 foar lilk, nidich of in hiel soad oare synonimen, dat it Frysk hjir hat. It soe sa slim net wêze as it Frysk it wurd forbolgen net hie, mar ik ken dat wurd mei de bitsjutting tsjok - Holl. opgezwollen).
Forkeard liket my ek: ‘opjaen, ik fyn it sa noflik’ (s. 118) en ‘opjaen, warskôget Sipma’ (s. 121) dêr't wol ‘hâld op’ bidoeld wêze sil), ‘de lytsman moat it ûntjilde’ (s. 121; wol yn de útdrukking: immen lytsman meitsje), ‘se bimerkt der neat fan’ (s. 122, dêr't gewoan fornimt op syn plak is), ‘hy draeit en sjaggelt nei de oaren werom’ (s. 122 dêr't men hast út bigripe soe dat er draeijende sjaggelet, mar ùt 'e kontekst kin men opmeitsje dat er kriemt, him omdraeit en dan werom sjaggelet! ). |
XI |
Fan en ta is it Frysk de slimme kant it neist, troch de kar fan in synonym. Sa op s. 33: ‘ik bin roazich’ dêr't men mei hwat heger tinkwurk út bigrypt dat it koartsich bitsjut. In wurd as swietfierich (s. 37) is fansels pûrbêst, mar wierskynliken net botte bikend. Op dyselde side lêz ik ‘se leit der streksum by’ en ‘swift komt er op har ta’. It wurd streksum liket my in bisykjen it Hollânsk ‘voordelig’ bynei to kommen, mar it |
| |
| |
|
liket my yn dit forbân net bot slagge. Mei swift sil rêd of rimpen bidoeld wêze en, wierskynliker, in oersetting fan it Hollânske onstuimig. Neffens it wurdboek fan Waling Dykstra is ien fan de bitsjuttingen fan swift: onstuimig (van het water), op it swifte wetter farkje.
S. 47 fortelt ús oer de ‘forfeelsume stim fan in bikaeide fakbounslieder’ en op s. 58 hjit it ‘bikaeid wol er al fuortgean’. Forliking fan dizze twa plakken makket it wierskynlik dat de skriuwer útgien is fan it bigryp toloarsteld, mar ik leau net dat men it wurd bikaeid brûke mei lykas hjir bart.
Op s. 103 stiet: ‘ik bin it sêd as spein spek’, kriezet ze, ‘ik ha balen fan jim’. Dat kriezjen kin ik yn dit forbân mar min foar my krije.
Op s. 106 lêz ik: ‘se hat my forlokke’. Forliede liket my der better, om't forlokke foar myn gefoel in bipaling by him freget. |
XII |
Nuvere sinnen fyn ik ‘ik moat my earst sels biwust wurde’ (s. 7), ‘jo ha noch net antwurd op myn fragen jown’ (s. 9; jo ha noch net andere, of, jo ha noch gjin andert jown), ‘it trippeljen fan har skonken’ (s. 76; dat wylst hja op 'e groun leit en fêsthâlden wurdt), ‘op de rêch stean’ (s. 117; net op dy fan in oar, wol to forstean).
Sa is der noch wol it ien en oar. Byg. ‘hy makket in spronkje, mar hat him dochs gau wer yn 'e stokken’ (s. 9; him sil himsels wêze moatte), ‘it houtwurk is in aparte ekspedysje foar útrist’. Mei in oar tiidwurd as útrisse, hie de brûkte foarm wol wer kinnen. |
Mar genôch. De tael is it swakke punt yn ‘Komme dy Kepers?’ en ik soe der net safolle tiid oan spansearre hawwe, as ik net it gefoel hie dat Van der Leest wier wol flyt dien hat op syn tael en as ik der net fan oertsjûge wie dat syn talint better taelgebrûk fortsjinnet. Hwant Reinder van der Leest is in ambachtlik skriuwer, in boartlik skriuwer ek en hoefolle is der net by to winnen as der ek mei de tael boarte wurde kin. Net ien fan de dingen dy't ik neamd haw is op himsels deadlik (boppedat: hwa is der frij fan?) en oer somlike falt wier wol to tsieren ek, mar it is de mannichte dy't spitich is foar it wier dochs knappe boek dat Van der Leest skreaun hat.
|
|