Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 59] [p. 59] Steven de Jong / Fersen Ympotint de leafste fan syn dreamen hinget 3 diminsionael yn in forgulde list hy hat har krusige yn 'e keamer net ien mei oan har komme hy docht de gerdinen ticht en knibbelet foar har (alle militairen stean stram yn 'e hâlding) hy smeket om genede dan snijt er har greate tean iepen en sûget har bloed hy kin lykwols gjin byt krije de saek is sa útdroege hy faget it swit fan 'e holle bûtendoar rint de generael mei 'n enorme potinsje [pagina 60] [p. 60] Bernekrústocht eksploazje yn 'e semantyk alle wurden falle fan har stokje de bern kinne de âlden net mear fine en slute har op yn it gemeentehûs se boartsje heiteke en memmeke leave heit en mem 't is hjir oe sa gesellich de evolúsje hat de poppen wjukjes jown de K.L.M. kin moarn wol ynpakke de minister kin om ús yn in tohûs foar âlden fan dagen hi hi lekker biljerte leave heit en mem ik hâld sa fan hinke ik tink dat hja in ingel is froukje is in beest se byt en klaut sa dochs wol in leaf poeske alle jonges bin gek op har 't is in mónster fámke ik tink dat hinke in ingel is ingels binne sa gefaerlik ik wol moarn mei froukje trouwe wy trouwe moarn allegear yn it gemeentehûs 't wurdt great feest hinke sil harsels mei bensine oerjitte en yn 'e brân stekke ingeltsjes hearre yn 'e himel thús 't is hjir in greate rotsoai mar oe sa gesellich Vorige Volgende