[Bloed (vervolg)]
- Né.
- Nou wy wol. Hwat ha ik him oars op 'e donder jown, hen?
- Mmmmmm.
- Siz, tinkst der om ast Minny sjochst?
- Miskien.
- Soest it har dochs freegje?
- As ik it net forjit.
- O...., nou ja, goeije dan mar.
- Goeije, sei Rita koel.
Ele bleau noch stean. - Giest mei?, frege er oan Jaep.
Dy wifele. - Né, sei er ûnwis.
Ele sette ôf. Se seagen hoe't er starich by it wetter lâns roun, him by it stek noch ien kear omdraeide, syn mûle mei de bûsdoek dipte en de hoeke om gyng.
- Eigenwizeling, mompele Rita. Se krige syn hân wer. - Hwat dou, Jaep?
- Ja.. ah, sei er.
Se siet nou in bytsje efteroer, lynjend op de earms, har boarsten stutsen yn de blauwe loft. Ien skonk hie se oplutsen, har rôk wie hwat opstrûpt. Hy seach in stik fan de binnekant fan har bil. Jaep lei ûngemaklik op in earmtakke, syn foet slepte, mar hy wie bang dat se him los litte soe as er forskikte.
Oan de oare kant op de Noardersingel ried in bakfyts mei blommen. En in hynder-en-wein mei moalsekken. It klokken fan de hoeven en it ratteljen fan de tsjillen wie amper to hearen. It waeide hast net, it wetter lei blak.
Jaep seach nei it mael yn de kûle fan Rita har hals. Hy seach ek noch in lytserenien troch in gat yn har bloeske, op it bigjin fan har rjochterboarst, lyk boppe de ûnderjurk. It gyng op en del mei har sykheljen. As se útazeme, fordwoun it hast yn de split tusken har boarsten. It donkergriene stientsje like in feletten flamke yn to brânnen, it dine mei op har bloes. Hy seach trije glêzen knoopkes, it boppeste wie los. Jaep slokte. Syn kiel wie droech, syn piterman pripke yn it gers.
- Ik woe datstou myn broerke wiest.
Hy krige in skok fan opwining. Hy hie in hiel soad sizze wollen, mar hy sei allinne mar:
- Ja?
- Ja, sei Rita.
Nou doarst er har hân los to litten en der nofliker by sitten to