[Yn eigen fleis (vervolg)]
‘Fordomd, ik leau dou wiest derta bysteat.’
‘Om dat to skriuwen?’
‘Dat miskien ek wol,’ sei Jouke.
‘Dy humor fan dy is net to biteljen, witst dat?’
‘Dat wit ik al to goed, mar ast my der in boarrel foar jowst bist lyk man.’
‘Dan sil ik daliks ôfrekkenje. Hospes!’
‘Wolst dan nou al nei hûs?’
Dat sei 'k ommers al. Ik wol noch oan 't wurk.’
Hy rekkene ôf en gyng de doar út. In hân omheech nei Jouke. Oné, hy wie net lilk, dy yndruk moast er net nei litte. Mar nei hûs? It wie him noch fiersto ier, en hy wist net hwat er thús útfrette moast. Better noch mar hjir of dêr in sûpke keapje en dan op bêd. Dat rottige forhael! Dy hiele yntrige wie gjin stûr wurdich. Dy forrekte Jouke hie miskien wol gelyk, men koe jin likegoed foarstelle dat dy kearel sitten gyng to janken nei al dy pech. Hwerom in moard? Mar dus wol in moard! Dat wie it sintrale, dêr moast er oan fêst hâlde. Moard, of krekter sein: deaslach. Samar: wammes-dea! De reden? Hielendal gjin reden. Fansels, dat wie ommers folle better, folle mear nei it libben. Men kin ommers net efterôf forskillende motyfkes of faktoaren optelle. It is ommers net logysk, it is in útbarsting fan geweld. Wammes!
Dy man, Hoekstra, dy wurdt snipt en seit: Ik wit net hwerom, it kaem samar oer my. Né, dat koe sa net, dan kaem er daliks ûnder doktershannen. It moast folslein oannimlik hearre, reedlik, yntelligint - net raffinearre, mar oprjocht yntelligint. De rechercheur moast sizze en de lêzers moasten sizze: Dy man hie gjin motyf, út neat docht bliken dat der hwat siet, âldsear of hwat dan ek, en dochs docht út alles bliken dat er har formoardzje moast. It is net to sizzen, net oan to wizen hwerom, mar it moast! Sa moast er it skriuwe, net neffens it boekje, mar foarby it boekje. Gjin yllústraesje fan in paragraef út it hânboek fan 'e psychiater, mar hwat nijs, hwat djippers, hwat oerminskliks, dat nea earder yn in forhael ta 'n útdrukking brocht wie, lit stean fan yn in psychologysk of filosofysk wurk. It moast sa'n forhael wêze dat de psychiaters har de holle brekke soenen. Of fordomd ja, in artikel yn in medysk tydskrift oer ‘Moard en Motyf’ nei oanlieding fan it forhael fan Braeksma.
Mar kom, nou hie er lang genôch op 'e rin west! De eare al ynhelje foar't der in wurd op papier stie. Skriuw it earst marris! It fielber,