| |
| |
| |
R.R. van der Leest / Konsert foar twa lofterhannen
Programmearre ynstruksje
1. |
Jo wolle fuortendaliks mar útein sette. Sjoch nûmer |
3 |
|
Jo wolle earst de hantlieding lêze. Sjoch nûmer |
2 |
|
Jo litte jo net stjûre, jo wolle it sels útsykje. Sjoch nûmer |
10 |
|
Jo binne de drege kant neist. Sjoch nûmer |
14 |
|
Jo sykje in gaedlik stikje om by yn 'e sliep to reitsjen. |
1 |
|
Sjoch nûmer |
17 |
|
Jo longerje op in bêdscène. Sjoch nûmer |
8 |
|
Jo witte net hwat jo wolle. Sjoch nûmer |
1 |
|
2. |
Hantlieding. |
|
|
It systeem wurket ienfâldich. Elk fragmint hat in nûmer. De lêzer docht hieltiten in kar út 'e mooglikheden dy't oan de ein fan in fragmint neamd wurde. Hy siket it korrespondearjende nûmer op en lêst fierder. Sa bipaelt er sels it forrin fan it forhael. Hwat blinder, elke lêzer is syn frijheit wurdich! |
|
3. |
Op in winterjoun sieten jo yn jou wenkeamer wylst de wyn om it hûs gûlde en de snie oer de fjilden jage. Jo hanwaermen boppe it fjûr yn de iepen hurdsté en jo fielden jo in bytsje iensum omt jo mei sok waer net nei de stêd ta koene en gjin bisite to forwachtsjen wie. Jo waerden hwat langer hwat mankeliker en dêrom seine jo oan jou butler: - Bring my hwat to drinken om myn sinnen to forsetten.
Wylst de butler de longdrink tamakke, tochten jo oan de bikoarlikens fan Mirabel, in famke dat jo noch net priuwd hiene. Jo koene der net by hwerom jou gedachten just om har draeiden, hwant safolle oaren hiene jo de lêste nachten bikoard. Mar jou forlangst waerd sa heftich dat jo de oanwêzigens fan de butler bigounen to forjitten en alhiel wei yn dreamerijen op it lêst útrôppen: - Wie se hjir mar, dan soe ik |
| |
| |
|
net sa mankelyk wêze! |
|
|
En jo wiene forbaesd jou eigen stim to hearen omt jo oars altiten jou gedachten foar josels holden. En jou butler loek de wynbrauwen op. Mar amper hiene jo jou winsk utere oft der waerd op de doar bounze troch immen dy't net wachtsje koe. Jo kamen rimpen oerein, makken sels iepen en op de drompel stie:
de fûlbigearde Mirabel, mar hwat seach se der út! |
|
Sjoch nûmer |
4 |
|
de âld túnbaes fan jou buorman. Sjoch nûmer |
5 |
|
in greate kartonnen doaze. Sjoch nûmer |
6 |
|
4. |
Har gesicht wie ynwyt, har mantel trochplakt en har learskes sopten. Se skodde de snie út har hier en frege: - Mei 'k fierder komme? |
|
En jo rôppen tagelyk bliid en forheard út: - Mar fanke, mei dit waer noch op 'en paed? |
|
En se andere monter: - Hwat koe ik oars dwaen as tajaen oan de winsk dy't dyn butler my nyskes oanbrocht hat? |
|
Jo hiene gjin witten fan sa'n bifel en boppedat stie de butler noch ûnforweechlik op syn plak. In bytsje tiishollich seine jo dêrom: - Kom der yn, lûk dyn klean út en waermje dy by it fjûr. Astou net by my kommen wiest, hie ik dy sels opsocht, sa forlangje ik nei dy! Nei't jo de butler fuortstjûrd hiene, waerme se har by jo en it fjûr. Der kaem dwaendewei read yn har wangen en de radio spile sêfte eftergrounmuzyk. Doe klonk ynienen in: |
|
gjalp. Sjoch nûmer |
7 |
|
skot. Sjoch nûmer |
9 |
|
dreun. Sjoch nûmer |
11 |
|
5. |
Sniekwalster plakte op de rânne fan syn hoed, yn syn burd en oan syn boksen. De âld baes hold de earms ta de himel spraet, syn eagen rôllen hast út de kassen en út syn toskleaze mûle kamen ûnforsteanbere, ja suver dierlike klanken. |
|
En jo seine freonlik: - Kom der yn, bêste man, en fortel my, hwerom binne jo sa oandien? |
|
De túnbaes skodholle forheftich, hy warde him om hwat to sizzen, mar oer syn lippen stroffelen inkeld rauwe lûden, wylst de bonkige wiisfinger fan syn rjochterhân hieltiten nei de |
| |
| |
|
túnfiver pripke. |
|
|
En jo krigen it skamteread op jou tsjeaken, hwant ynienen kaem jo yn it sin, de man wie stommedôf en koe him net op in oare menear uterje. En jou duffel fan de kapstôk skuorrend, setten jo him nei, troch de snie dy't hast in meter heech lei. Jou fuotten yn 'e húspantoffels waerden fuortendaliks dweiltrochwiet en fan de beammen waeiden iiskâlde slingerdrippen yn jou nekke. Mar jo setten troch en koartby de greate swarte flek fan de fiver hellen jo de túnbaes yn. Doe't jo neist him stiene, makke er ljocht mei in: |
|
bûslampe. Sjoch nûmer |
13 |
|
knypkat. Sjoch nûmer |
13 |
|
stoarmlantearne. Sjoch nûmer |
13 |
|
6. |
Jo seagen rjochts en lofts om de hoeke fan 'e doar, mar de bringer fan de doaze wie yn fjilden noch wegen to bikennen. En jo loeken oan 'e skouders en tôgen de doaze mei yn 'e hûs. Dêrby sloegen jo alhiel gjin acht op it teiwetter dat in dobbe fan fjouwer by fjouwer op jou Persysk tapyt fan sawn by sawn foarme. |
|
- Jow my in skjirre, seine jo oan jou butler, of né, in mês is better, hwant de touwen binne tsjok en sterk. |
|
En de butler brocht jo in mês en in skjirre. |
|
Jo fiken der fûleindich op ta, it duorre in ivichheit eart jo it lêste tou midstwa hiene en fan ûnforduldigens waerden jo suver grimmitich. Mar doe't jo einlings it lid fan de doaze iepenflappe koene, ûntsnapte in swiere sieke jou hetsich gemoed. |
|
Hwant dêr seagen jo foar jou eigen eagen de klean dy't Mirabel oan hawn hie, de lêste kear dat jo yn har neite forkearden. En doe't jo in batisten bûsdoekje borduerd mei har inytsialen ûntdutsen, wiene jo folslein oertsjûge. |
|
Wylst jo yn tinzen forsonken har djûrabele guod troch de hannen gean lieten, har hearlike lichemsrook mienden op to snuven en jo ôffregen hwer't Mirabel dan sels tahâlde koe, hearden jo ynienen in: |
|
gjalp. Sjoch nûmer |
7 |
|
skot. Sjoch nûmer |
9 |
|
dreun. Sjoch nûmer |
11 |
| |
| |
7. |
Jo stouden alderearst nei de gong ta en wurpen de doar waechwiid iepen. Mar alles hwat jo tomjitte sprong, wie tsjusternis en iiskâlde siging. Jou hân taestte nei it knopke fan it ljocht en doe't jo dat einlings en to'n lêsten foun hiene en de kristallen kroan in gouden glâns útstjerke, doe seagen jo in feech bloed oer de wite muorre. Krekt soene jo alhiel oerremus wurde, dêr bigoun jou middelfinger to prykjen en ta jou net geringe gerêststelling die bliken, jo hiene josels by it taesten nei it knopke oan in spiker biseard. Jo wynden it bûsdoekje fan Mirabel om jou bluodrige finger, bisochten ek de lampe op'e donkere oerrin oan to knippen, mar de stop sloech troch en jo stiene wer yn folsleine tsjusternis. Mei dochs wol trilderige hannen stutsen jo in trije-earmige sulveren ljochter oan en rounen hoeden doch bislist de treppen op. |
|
Jo wurpen ien foar ien de doarren iepen, oeral founen jo neat as kjeld en starichoan woeks yn jo de wissichheit it lûd dat jo heard hiene, wie in produkt fan jou oerspannen senuwen. Forromme swaeiden jo de lêste doar, dy fan jou ûnoansjenlikste gastkeamer, iepen. De ljochter foei út jou hannen, jitris stiene jo yn it tsjuster, mar yn in flits hiene jo al op it útfanhûzersbêd sjoen: |
|
de butler. Sjoch nûmer |
8 |
|
Mirabel. Sjoch nûmer |
12 |
|
de butler en Mirabel. Sjoch nûmer |
14 |
|
8. |
Jo formannen josels, stutsen de ljochter wer oan en by it flakkerjend skynsel kamen jo in pear stappen tichterby. |
|
De butler lei stiif efteroer, syn oars al ynwite hûd wie nou noch witer en dêrby trochskinend; jo seagen de reade suerstofrike en blauwe suerstofearme ieren yn syn holle. Hy lei deastil, allinne de grouwe knikkert klopte yn syn meagere hals en hy wie bikobbele mei glinsterich swit. |
|
En jo bûgden jo oer him hinne en lústeren oan syn ear: - Siz my, trouwe tsjinstman, hokker krupsje smyt dy rêchlings op it minste fan myn útfanhûzersbêdden? |
|
De butler loek syn mûlshoeken yn in amper to merkbiten mar o sa tankbere glimk, draeide syn holle hwat fansiden en lústere yn jou ear: - It is gjin krupsje, it is mar in hurrel. |
|
- Kin ik hwat foar dy dwaen?, fregen jo tsjinstré. |
|
- Fuortgean, my eventsjes gewurde litte, it is sa oer, ik kom |
| |
| |
|
aenst wol ûnder, andere de biskieden man. |
|
En op 'e teannen rinnend forlieten jo de gastkeamer, lutsen de doar o sa hoeden efter jo ticht en gyngen de treppen ôf sûnder ien tré kreakje to litten. |
|
Doe't jo ûnder wiene, mienden jo it lokjend lústerjen fan Mirabel to fornimmen, mar hoe't jo ek sochten, hieltiten klonk har flewielen stimme wer op in oar plak en jo founen har net. Einlings waerd it stil om jo hinne. Bikaeid setten jo jo del neist har klean oer de flier en krigen: |
|
har suvere skearwollen sniejurk. Sjoch nûmer |
18 |
|
har sêfte siden slipke. Sjoch nûmer |
19 |
|
har stive satinen strapless. Sjoch nûmer |
20 |
|
9. |
Jo stouden op de radio ta hwant jo tochten, it skot kaem út de lûdsprekker. Alear't jo it knopke yndrukten, hearden jo ynsté fan de harkspultrilder dy't jo forwachte hiene, it Menuet fan Bocherini út it tastel kommen. Dochs drukten jo it knopke yn. Troch de folsleine stilte fornamen jo it rûzjen fan it bloed yn jou earen en doe't jo jo omdraeiden, stiene jo lykme allinne middenmank fjouwer keale muorren, oer in lege flier, ûnder in effen plafond sûnder roasetten. Mar yn de muorren wiene nei alle wichtichste wynstreken hege iepen finsters en dêrút wapperen tinne azuren gerdinen nei noard, east, west en súd. - Mirabel!, rôppen jo, Mirabel! |
|
En jou wurden waerden muzyk, klanken waeiden om jo hinne, dwarrelen del yn in meldij, jou bloed bigoun to sjongen, dêrnei jou hert en doe jou mûle, jo fielden jo oplutsen yn in greater forbân, jo stiene iepen nei alle kanten, de kosmos streamde troch jo hinne en de âld túnbaes fan jou buorman kaem der yn mei in deade hazze oer it skouder. |
|
En jo wiene: |
|
|
forhûge. Sjoch nûmer |
24 |
|
brimstich. Sjoch nûmer |
24 |
|
bliid. Sjoch nûmer |
24 |
|
lilk. Sjoch nûmer |
24 |
|
optein. Sjoch nûmer |
24 |
|
razend. Sjoch nûmer |
24 |
|
oandien. Sjoch nûmer |
24 |
|
matich oandien. Sjoch nûmer |
21 |
|
tige oandien. Sjoch nûmer |
24 |
| |
| |
|
tige matich oandien. Sjoch nûmer |
24 |
|
tige machtich oandien. Sjoch nûmer |
24 |
|
matich machtich oandien. Sjoch nûmer |
24 |
|
11. |
Sjoch nûmer 7. |
|
|
12. |
Se skattere fan it laitsjen en doe't jo de ljochter al wer lang en breed oan hiene, hikke se noch nei. |
|
- Mirabel, dou hjir?, fregen jo oerboadich. |
|
- Wylstou de bysliep útsleptest, bin ik útnaeid, forklearre se. |
|
- Mar dy gjalp of dreun dan?, woene jo witte. |
|
- Ik ha net gjalpt of dreund. Ik ha it frij naem en bin nei boppen ta roun om op it hurdste fan dyn matrassen myn lea to speakjen. |
|
- Hwerom op it hurdste?, stinden jo. Ik ha se mei kapok, fearren, eiderdouns, skúmrubber en sintétyske rizels, en dou giest útrekkene op in matras mei ségersfolling lizzen? |
|
- Better foar myn rêch, lei se út. |
|
Meiïens bigoun de wekker to ratteljen. Se drukte him yn en kaem oerein. - Myn forplichte platlizzen yn neare nacht is oer. Ast nou sa goed wêze wolst en lit my gewurde dan kin ik fierder myn twalet tameitsje. |
|
Jo knikten, al hiene jo gjin witten fan in bysliep mar wol fan in gjalp of dreun, en diskreet: |
|
gyngen jo de keamer út, loeken de doar efter jo ticht en knibbelen. En jou leine jou ear ynsté fan jou each tsjin in kaeisgat. Sjoch nûmer |
21 |
|
gyngen jo yn in hoeke stean en holden in earm foar de eagen, lyk as bern dogge dy't by weikrûpboartsjen sykje moatte en oant 110 ta telle. En jo spilen earlik. Sjoch nûmer |
22 |
|
gyngen jo op de bêdsrânne sitten en draeiden Mirabel de rêch ta. En sels yn de spegel oer jo koene jo har mei gjin mooglikheit sjen. Sjoch nûmer |
17 |
|
13. |
Yn in teigat tusken it iis dreau in holle. De greate kwinende eagen wiene heal sletten en de lytse smertlike mûle stie heal iepen. De ljochtmoanne skoude just efter in jagende wolk wei en in sulveren flues glied oer it poarperen gelaet fan de deade. |
|
- Mirabel!, tsjirmen jo, myn Mirabel! |
|
| |
| |
|
En jo setten jo del yn 'e snie en skriemden hite triennen. |
|
En in heal ûre letter kamen jo ta bisef de túnbaes stie geduerich op jou skouder to tikjen, hwant hy woe mei jou help it lyk op 'e wâl lûke. Mar jo skodhollen en brochten him oan it forstân, earst moast de plysje komme en doe joech de man jo in trochplakt papierke dat er ûnder de âlde linebeam foun hie. Jo tearden it iepen en liezen yn it kreaze karakterfêste kwike hanskrift fan Mirabel: |
|
in leafdesforklearring oan in oar. Sjoch nûmer |
15 |
|
in haetkrityk op josels. Sjoch nûmer |
16 |
|
in úttreksel út in frouljusblêd en it wie as hearden jo it Mirabel sels sizzen. Sjoch nûmer |
22 |
|
14. |
- Kom der by lizzen, noege Mirabel út, dat is wol sa noflik. |
|
- Forparte freugde is dûbele freugde, sei de butler gol. |
|
- Alles of neat, wegeren jo en jo kearden werom en kamen de treppen del en jo tochten oan de seden yn it algemien en oan de fordjerlikheit yn it bisûnder. En jo namen it bislút to bisykjen jou siel yn forduldsumens to bisitten en jo sochten treast by: |
|
har sêfte siden slipke. Sjoch nûmer |
19 |
|
har stive satinen strapless. Sjoch nûmer |
20 |
|
jou piano. Sjoch nûmer |
25 |
|
15. |
‘Leafste,
Justerjoun om 11 ûre 53 haw ik, sa't wy ôfpraet hiene, nei de ljochtmoanne sjoen. Ik tocht, ja ik fielde, op dit momint sjocht myn Oswald ek. Fan iensumheit en gelok moast ik skrieme. Hoe forlange ik nei dy! |
|
Fan 'e moarn bist net kaem. De hiele lange dei haw ik omtoarke. Ik hâld dit net langer út.
Yn libben en dea dyn slavinne,
Mirabel’
Jo tearden it brief op en seine oan de âld túnbaes: - It is wol goed, bêste man, gean mar fuort, ik rêd der fierder mei. En jo joegen him in ryksdaelder foar de muoite en mei in woune herte wâden jo nei hûs werom en: |
|
it waerd jo wyt foar de eagen. Sjoch nûmer |
17 |
|
jo namen it bislút jou libben oernei to bigjinnen. Sjoch nûmer |
3 |
|
jo sochten treast by jou piano. Sjoch nûmer |
25 |
| |
| |
16. |
‘Rotsak,
Justerjoun om 11 ûre 53 haw ik, wylst wy neat ôfpraet hiene, wer in telegram fan dy krigen. Sûnder it to lêzen haw ik it yn it fjûr smiten. Fan alteraesje en razernij moast ik skrieme. Hoe haetsje ik dy! |
|
Fan 'e moarn kaem wer in telegram. De hiele lange dei hawwe dyn hite avanses my gjin rêst litten. Ik hâld dit net langer út.
Yn libben en dea dyn slachtoffer,
Mirabel’ |
|
Jo tearden it brief op en seine oan de âld túnbaes: - It is wol goed, bêste man, gean mar fuort, ik rêd der fierder mei. En jo joegen him in goune foar de muoite en mei in woune herte wâden jo nei hûs werom en: |
|
jo namen it bislút der mei op to hâlden. |
|
|
jo bisochten Mirabel to forjitten. Sjoch nûmer |
25 |
|
jo stiene der op sels it lêste wurd to hawwen. Sjoch nûmer |
10 |
|
17. |
|
|
18. |
En sa heftich waerd jou forlangst jo mei har to forienigjen, dat jo strûpten har klean oan en biwûnderen josels. Wylst jo foar de spegel stiene, swaeide de doar iepen en mei útstutsen earms kaem de butler op jo ta. De greate blauwe ier klopte yn syn wite foarholle en bigearich rôp er út: - Einlings bin ik mei dy allinne, myn eigen Mirabel! Kom yn myn earms! Jo stouden fuort om syn klauwende hannen to ûntrinnen en bidarren sa by jou piano. Sjoch nûmer |
25 |
|
19. |
En sa heftich waerd jou forlangst jo mei har to forienigjen, dat jo strûpten har klean oan en biwûnderen josels. Wylst jo foar de spegel stiene, swaeide de doar iepen en mei útstutsen earms kaem de âld túnbaes fan jou buorman op jo ta. Syn toskleaze mûle stie yn it tsier, de hite azem sloech jo yn it gesicht en hy staette alderhanne dierlike mar net mis to bigripen lûden út. Hy draeide him om en jo stouden him nei en koartby de greate swarte flek fan de túnfiver hellen jo him yn. Jo siigden der suver hinne doe't jo seagen hwat er oanwiisde. Sjoch nûmer |
13 |
|
20. |
En sa heftich waerd jou forlangst jo mei har to forienigjen, dat jo strûpten har klean oan en biwûnderen josels. Wylst jo foar |
| |
| |
|
de spegel stiene, swaeide de doar iepen en mei útstutsen earms kaem Mirabel op jo ta. Fjûr spatte út har sliepkeamer-eagen en forbolgen biet se jo yn it gesicht: - Bliuw fan myn klean ôf, swyn! Jo stouden fuort om har klauwende neils to ûntrinnen, mar seagen dochs noch kâns ûnderwilens to freegjen: - Hwat makket dy sa grimmitich, datstou fan in ingel yn in hellefeech foroare bist? - Set dy del, skobbejak, dan sil ik it dy sizze, krieze Mirabel. En jo diene hwat se woe. Sjoch nûmer |
23 |
|
21. |
Untankbere houn! Stive jutter! Unnoazele appelkwak! Foar straf werom nei 9 en twa beurten oerslaen. |
|
22. |
- Ik gean ûnder de waerme brûs. Mei de rizelwant massearje ik myn skonken, ek de knibbels. Ik bigjin by it ankel en draei de want mei sirkelfoarmige biwegings omheech. Nei de waerme brûs nim ik in kâldenien om de bloedrin to stimulearjen. Mar ik ha in trage bloedsirkulaesje en it fel fan myn ûnderskonken kriget in blauwige kleur. Dêrom is dy kâlde brûs net genôch. Krêftich boarstelje ik de hûd mei wetter en sjippe, dêrnei spiel ik myn skonken forskate kearen mei kâld, lij en waerm wetter ôf. Dan massearje ik myn ûnderwurk mei bodylotion, fan ûnder nei boppen oer ûntspannen spieren. Myn knibbels binne droech en wreedfellich, dy massearje ik mei forwaerme mangel- en oliifoalje. Ik wriuw se ôf en smar se yn mei sitroensop. Ek myn fuotten moatte der forsoarge útsjen. Akstereagen ha ik net, wol hwat yl op de hakke. Dat biwurkje ik mei in ylfile en in stik púmstien. De neils fan de teannen knip ik rjocht ôf en fylje ik by. Ik meitsje de neilriemmen los. Unthierjen doch ik net oan, mar ik blik de hierkes, dat men kin se suver net sjen. Ik stek in stokje omwuolle mei in watsje yn trije persint wetterstofperokside en stryk dat oer myn skonken. As ik klear bin, gean ik plat op 'e rêch lizzen. Ik doch de hannen yn 'e nekke gear en hef ien skonk dat er in hoeke fan 45 graden mei de flier foarmet. Ik strek de teannen, span de knibbel en meitsje draeijende biwegings. Sawn kear hef ik de oare skonk. Ik kom oerein, doch in greate stap nei foaren en bûch troch de knibbels. Myn billen stean skram. Ik fearje sa djip as ik kin, sawn kear. Ik gean op 'e knibbels sitten, myn fuotten oansletten en útstutsen. Wylst ik myn rêch rjocht hâld, lûk ik de bûkspieren yn en kom hiel starich oerein. Ik hâld |
| |
| |
|
even bikoar en dan tige kalm, mei alle spieren ûnder bistjûr, gean ik werom nei de bigjinhâlding. Ek sawn kear. Ik meitsje 25 djippe knibbelbûgings, mei rjochte rêch en sûnder mysels to forsearjen. Ik byn myn hier goed op, hwant ik sil aenst in masker oanbringe. Sjoch nûmer |
23. |
|
23. |
Der binne crème- en pastamaskers, mar ik nim ien dy't hurd wurdt op myn gesicht. In poeijermasker dus, dêr't ik sels de brij fan tameitsje. Earst reinigje ik myn hûd, dat der komt hielendal gjin smoargens mear ôf. Dan biklopje ik it gesicht mei in watsje dompele yn lotion en lit dat op it fel opdroegje. Myn droege hûd kriget ek noch in snjitterke fiedende crème. In baeiwaskmofke meitsje ik wiet yn hânwaerm wetter. Eventsjes útknipe en tsjin it gesicht triuwe. Dan it masker opbringe, leafst mei in skjin kwastje. Der moat net in laech, mar in tinne film oer it antlit komme, ek oer de hals, fansels lit ik gatten foar mûle, noasters en eagen frij. It masker moat ik in kertier sitte litte en myn gesichtsspieren sa folle mooglik ûntspanne. Ik mei net prate, laitsje of lilk wurde, hwant as it masker brekt, geane focht en waermte forlern. |
|
En dat is nou presiis hwatstou op dyn gewisse hast. Dou koest net mei dyn tangels fan my ôfbliuwe, it masker is brutsen, focht en waermte binne forlern gien. Swyn! |
|
Mirabel en jo kearden inoar de rêch ta, sy socht treast by in nij masker en jo setten jo del by jou piano. Sjoch nûmer |
25 |
|
24. |
Mar doe 't jo it brutsen each fan de deade hazze seagen, kamen jo yn 'e bidarring en jo namen it bislút nea noch nimmer wer to wyldjeijen, itsij op dieren, itsij op fammen, jo banden Mirabel út jou gedachten en sochten treast by jou piano. Sjoch nûmer |
25 |
|
25. |
En krekt soene jo mei it stik fan Ravel bigjinne oft der waerd op de doar bounze troch immen dy't net wachtsje koe. Jo kamen rimpen oerein, makken iepen en op de drompel stiene josels. Jo namen de foarstap en jo folgen. En wylst jo togearre it Konsert Foar Twa Lofterhannen op de piano spilen, de âld túnbaes fan jou buorman de longdrinks tamakke en Oswald, jou butler, op de sofa Mirabel troch syn hannen liet gean, krigen jo in bytsje meilijen mei de hiele skepping en it measte mei josels, jou eagen waerden fochtich en jo wisten net oft jo wekker wiene of dreamden. |
|
|