| |
| |
| |
Josse de Haan / Poezijlaboratoria
De takomst
fan de poezij
leit yn de........ poezijlaboratoria
(mei as materiael wurden/wurdgroepen/skjirre/lympot)
Jazzmusisy sykhelje tusken in pear frasen, krekt dêr hwêrt de pauze essinsjeel is foar it lûd. Mei tael, yn sprutsen foarm, is it itselde. Komma's, haedletters, alinea's en sokssahwat binne rudiminten fan âlde opfettings en forkalke ideeën. It romtlike en dus skiedinglizzende sykheljen leit de grinzen. De tael sels leit de telepathetyske skok. Oan de dichter de taek in aerdige groepearring gear to stallen fan de oanwêzige wurden. Poézij wurdt in kollaezje fan taeleleminten. Ja, einliks sil poézij wurde hwat it wêze moat: in wurdferfbad.
| |
Kattepulfersen: de kritikus is dea, hwant poézij wie hillich, is hillich, mar sil nea wer hillich wêze meije.
Men soe der nou ris fanút gean moatte dat neat oangeande poézij hillich is, wier, of ek mar hwat om foar to striden. Poézij is foar eltsenien, yn prinsipe. Akkoard. Potensjeel sil it wol foar elk wêze, mar ik sjuch myn buorman noch net dwaende mei poézij. Hwant, minsken, jimme dy't it sa goed miene, de poézij is, woe 'k ha, fierstento eksklusyf (en dan ha 'k it each én op de produsint én op it produkt), to retoarysk en to establishminteftich. Men moat kokhalzje fan de bondels dy't útkomme (hwat foar sin hat soks yn 'e goedichheit?) en fan de gelearde kritiken op dy bondels fan ûnderskate lju. Djûr en swier lullen, omspringen mei kriptyske termen, pseudopsychologysk gedweil mei formiende of miende bidoelings fan de dichter. Oan it fers sels komt men net (dat is hillich, berne út hwat foar liif of harsens).
In dichtbondel wurdt sjoen as in lege, noch ereksjonele penis fan wurden, in toer fan ôfreagearre agressievens, geilens of sokssahwat. De kritikus krijt it net yn 'e kop en skop dat monumint om, of sjit der mei in kattepûl in gat yn. Né, it slopperwurdende gefal wurdt
| |
| |
bisjoen, bignúft, bislikke, mar boppeal biskreaun yn streamen fan wurden. Men skynt net yn 'e rekken to hawwen dat it ding sels brûkt wurde moat. Slaen him del, smyt him yn in gehaktmole, bried it gehiel en jow der in nije foarm oan: it kollaezjefers is berne, yn syn hiele hear en fear.
| |
Ingrediênten: skjirre/lympot/yntuysje/wurden/tafal.
It is dúdlik dat it kollaezjefers de kritikus nei de moanne stjûrt, hwant net hy moat it fers bistoke mei in kattepûl mar de dichter sels. De dichter sels konstruearret gjin toer om him stean to litten, mar sjit de toer oan flarden ta in ruïne, ta in kollaezje fan wurden. De kritikus soe miskien noch in funksje fine kinne yn it opromjen fan it pún, hwant it bislikjen, it bignúven en it bitaesten is ôfroun. De dichter sels sil lykas syn fakgenoaten op it saneamde ‘kunstmêd’ (skilders, etsers, grafisi, filmers en fotografen) de wurden gearstalle moatte ta in net, of al slútend gehiel. It elemint tafallichheit sil lykas yn film, fotografy, dokumintaire en byldzjende kunst dé greate rol spylje moatte. De tiid easket it.
De kollaezjemetoade, dy't al in sechtich jier lyn troch de skilders brûkt, en ynfierd wurden is, en noch altiid bgl de film ta tsjinst is, soe nou ek ris foar de tael brûkt wurde moatte. Faktoaren dy't net foarút to birekkenjen binne, sille de klam krije; de snippers fan de strjitte wurde opgroeven.
TRISTAN TZARA woe yn 1920 al in fers skriuwe troch it lûken fan de wurden út in hoed. Hy waerd sahwat ôfslachte, mar hy hie gelyk, hwant de faktor tafal yn it fers is wichtiger as it rasjonele elemint, it úttochte yn it fers. Wy sille werom moatte nei de skjirre en de fingers minsken. Poézij is it hantearjen fan de skjirre en de lympot. Ynspiraesje? De pot op. Metrum, rym en byldspraek? Koekjebakkerij. De kattepûl bringt de spontaneïteit deryn. Jow elts minske in kattepûl (fersepûl) en skjirre mei lympot, en de fersen fleane de wrâld yn.
| |
Eltse lêzer / Knipper de nije dichter: toppunt fan selskreativiteit.
Eltsenien kin knippe en sjitte. Elts kin plakke en skuorre. Jow immen in side tekst, byn him in blyndoek foar de kop en lit him
| |
| |
knippe. Eksperiminteel dwaende wêze yn de sin fan ‘hwat dwaen’. It mei fansels ek in bisteand fers wêze. Forknip it, groepearje oppenij, lit sliten klisjees fuort, en der stiet in nij fers. De lêzer wurdt de nije dichter (twadde, tredde, fierde, esf., esf.). Net stompsinnich lêze, net dwyl harkje, mar mear, knippe-sjitte-plakke. In nije diminsje ûntstiet. De wurden kinne filmysk groepearre wurde mei flashbacks en playbacks, alles tagelyk. De wurden bigjinne to lijen tusken de skjirre. Der wurdt in nije chaos berne, in anarchy fan wurden. Eltse nije lêzer knipt syn eigen fers, it toppunt fan selskreativiteit. Strukturen wurde nije strukturen mei filmyske scènes. Hwêrom wol mei ferf en net mei wurden? In domme opfetting. Krekt dizze kollaezjemetoade jowt romte foar nije strukturen, útfiningen en ûntdekkingen. Wittenskiplik fêstleine patroanen wurde tafallich ûntbleate as kleare nonsens. De fortizingstechnyk jowt gjin foarsizbere greatheden. It systeem lykas dat forgiftich fêstleit yn ús erflik bistean wurdt trochbrutsen. It tafal krijt de kâns dy't it fortsjinnet. De wurden wurde boarterseleminten fan in kubus. Knippe as in bern, sûnder fantofoaren fêststelde regels. Slaen bygelyks it boek Genesis trochinoar, fêst dat der in oare Genesis boppe wetter komt. En hwa garandearret ús dat soks nea earder bard is mei dy Genesis, esf., esf., esf.??
| |
Tafalsfaktor as anarchistysk taelmiddel.
As eksperimint yn proaza nim ik in stik tekst út it fotoboek VARIATIES fan de NVSH (side 10), yntegrael, foar in part, yn 't Nederlânsk oernommen:
‘Alleen al het zien van de vrouwelijke partner
in deze houding heeft waarschijnlijk een sterk
erotisch prikkelende uitwerking op de meeste mannen.
De grote spreiding van de benen van de vrouw brengt
mee dat de grote schaamlippen van elkaar wijken
waardoor de schedeïngang en dus ook de kleine
schaamlippen en de clitoris bloot komen.
Dat vergemakkelijkt in hoge mate het binnendringen
van de man in die gevallen waarin de schede
van de vrouw ongewoon nauw is.
Tegelijkertijd is de mogelijkheid geschapen om
schaambeen en schaambeharing van de man over
het hele clitorisgebied te wrijven...........’
| |
| |
| |
Wurkproseedee:
Boppesteande koarte taljochting by in kopulaesjefoto, saeklikdroech-ynformearjend, ha 'k earst fertikael yn twaën knipt. Sawol it lofter - as it rjochterdiel binne doe nochris yn fjouwer partsjes snijd. It resultaet wie acht stikjes tekst mei elk trije heale rigels en noch twa inkelde rigels. Hjirút ha 'k wer gaedlike stikken helle en stomwei dellein op tafel. Net njonkenelkoar mar tafallich delsmiten (horizontael) op it buro. De oerbleaune heale rigels ha 'k der tusken monteard op basis fan tafallichheit, wol sa dat eltse rigel sahwat like lang waerd. Myn klisjeemateriael bifette gjin haedletters, punten en komma's en sok spul (net relefant). Dit ûndergeskikte spul ha 'k letter wer oanbrocht foar de lêsberheit fan it gehiel, mei as resultaet;
--- Alleen al het zien. Een sterk schaambeen en schaamlippen.
Van elkaar wijken. Tegelijkertijd is (de) over het hele
clitorisgebied te wrijven waarschijnlijk. In deze houding heeft
beharing van de man mogelijkheid geschapen om. Dat vergemakkelijkt
die gevallen waarin/waardoor/ de schedeïngang ongewoon nauw is,
de schede van de vrouw en dus ook de kleine clitoris
bloot komen. De grote spreiding van de benen van de vrouw
brengt mee. (dat) De grote schaamlippen en de erotisch
prikkelende uitwerking op de meeste mannen. De vrouwelijke
partner in hoge mate het binnen dringen van de man in ---
| |
De nije tekst:
It jowne stik tekst bistie út ûnderskate wurdgroepen, dy't ek nei it knippen foar in great part yn takt bleaun binne. Dêrtroch ek, mar binammen omt dizze groepen syntaktyske gehielen binne, wie it net sa slim en groepearje de stikken oppenij. De tael is in logysk libbend fenomeen. Hwat foar de ien wichtich is en yn it bigjin lizze moat, kin troch in oar wol as ûndergeskikt foun wurde. It eksperimint hjirboppe biwiist it. De yntuysje fan de knipper (iksels yn dit gefal) hat der foar soarge dat der in nije diminsje oan de tekst jown wurden is. It anarchistyske, it fortizingjaende effekt springt derút, mei as resultaet dat de tekst nou folle ynkringender, en spanningoproppender wurden is. De tael lit har net forneuke, dy stjûrt harsels. De forbiningen moat de dichter/skriuwer lizze.
| |
| |
| |
It essinsjele ekstrakt fan de tael
As eksperimint yn poézij ha 'k nommen in fers fan Reinder van der Leest (‘boartersbûkje '69’), en wol:
‘spike
yn it bigjin fan de earste klas fan de hbs
mocht ik by frânske repetysjes
de forfoarming fan de tiidwurden avoir en être
op de billen fan myn buorfamke sjen
letter mocht ik har billen net mear sjen
mar doe stiene der ek slimmer tiidwurden op
It docht bliken dat poézij noch better as kollaezjemiddel to brúken is as proaza.
Dit is it kollaezjefers wurden:
pik se
de forfoarming fan buorfamke fan de hbs
yn it bigjin fan de repetysjes
tiidwurden op billen stiene der
net de tiidwurden avoir en être
letter mocht ik har OP de billen
Ek mei dit fers ha 'k deselde wegen folge: fordield yn acht stikken en stikjes, en dan as kollaezje ynelkoar setten. Men moat efkes opmerke dat it wurd ‘frânske’ nou in substantyf is en gjin adjektyf. Ek hjir wer spile de faktor tafol in greate rol. Ik ha bisocht de tafalsfaktor safolle mûglik út to spyljen.
Fansels binne der folle mear mooglikheden yn 't knippen en
| |
| |
skuorren: fanút de diagonalen wei, weagjende linen, piramideëftich en gean mar troch. Ek kinne wurden en wurdgroepen weilitten wurde. Nim bgl. in fers fan Achterberg, helje de sliten klisjees troch it faek lêzen derút, en skriuw de selektearre stikken oppenij op. Doch dat mei noch in part fan de fersen fan Achterberg (bgl. út ‘spel van de wilde jacht’) en set dat spul op in fel. Knip dit fel yn stikken, en der is nei de nije groepearring wer in nij fers ûntstien. Konsintraesjes fan wurden (tinkbylden, bitsjuttings) en wurdgroepen bliuwe oer: it ekstrakt as tafalsfaktor.
| |
Poezijlaboratoria
Yn wêzen is alle skriuwen in foarm fan knippen: in kollaezje fan lêzen en hearde wurden. Allinne, it moat noch mear biwust wurde. De knip/skuormetoade is útsoarte geskikt om wittenskiplike prosessen neijer to ûntsiferjen, to bistudearjen en to kritisearjen. De tael sels sprekt. Ut foargeande is nei myn bitinking dúdlik nei foaren kommen dat de dichter syn fersen yn wëzen al knippend en skuorrend meitsje moat, wol hy noch eat to sizzen ha yn dizze tiid. Mei oare wurden: wol de dichter noch mei paedwizer foar de takomst wêze, dan sil hy de wegen ynslean moatte dy't syn bruorren yn'e ‘kunst’ al sûnt jierren gien binne. It giet om it essinsjele elemint, om it ekstrakt, om de kearn. Yntuysje, taelgefoel, netmotoarysk steurd, it ûnderkennen fan wurdgroepen en oandoare om wei to litten kinne op dit stik fan saken in soad dwaen. De demokratisearring fan de poézij giet fakentiids oare wegen as men tinkt. De kollaezjemetoade sil, tocht my, hege eagen smite. Elke dichter sil syn eigen poézijlaboratorium ynrjochtsje moatte, hwant de takomst fan de tael leit op dit flak.
| |
Winsken:
1. | de jilden fan de literaire prizen biskik bar stelle foar research; |
2. | de poézijfounsen fan de útjowers yn deselde pot smite; |
3. | de prinsetún ynrjochtsje as iepen laboratorium; |
4. | yn dit wurksintrum knippe mânske skjirren oanienwei de teleksbirjochten; |
5. | fryske pommeranten groepearje de knipsels;
a. | van der mark (waerbirjocht ljouwert-denhaech) |
|
| |
| |
|
b. | de vries (akademynijs, earstekeamernijs, esf. esf. esf.) |
c. | vondeling (polityk en oandielen) |
d. | freark dam (hwat soe dy kinne?) |
e. | ten cate (vpro, newleft, kranten, iepeningen, kultuer) |
f. | poortinga (folkskunst) |
g. | jo smit (radio, tv, gemeenten) |
h. | tiny mulder (doarpsnijs, rono)
esfesfesfesfesfesfesf, hwa't net neamd is, in oare kear graech. |
|
Wis, ús poézij giet in greate takomst tomjitte.
|
|