Paperback? Kikkert yn 'e sek!
‘As 't my net mist is de paperbackrige û.o. lânsearre om it hiele jier troch alle even moannen in boek op 'e merk to bringen en net langer, lykas wenst wurden wie, de hiele bubs útjeften op to sparjen oant de boekewike. Sadwaende soe de bilangstelling foar it Fryske boek it hiele jier troch geande holden wurde. Oan dat doel hat de paperbackrige dit jier net biantwurde,’ haw ik skreaun yn it novimber/desimber-nûmer fan De Tsjerne 1968. Datselde jildt foar 1969, der is noch gjin paperback forskynd. De hele troep sil wol wer ein septimber loskomme. Dit leit him net oan 'e skriuwers. De manuskripten fan Auck de Boer en Reinder Rienk van der Leest binne al lang lyn ynstjûrd, en neffens Poortinga is der oars ek genôch oanbod. It leit him al oan 'e útjowers. De ekskuzes binne bikend, ik haw se forline jier neamd en sil se net wer op it aljemint bringe. 't Hoecht ek net, om't al dy ekskuzes oars neat as forlechjes binne. De saek is dat de útjowers gjin earnst meitsje mei har Frysk-literaire branche. Der wurdt sein dat de útjowers net folle of neat oan 'e Fryske literatuer fortsjinje, en dat sil wol wier wêze - as skriuwers har ûren telle fortsjinje se ek neat - mar moat dat nou in reden wêze om de saken sa sloere to litten? Nimmen wurdt op 't lêst twongen om to skriuwen of út to jaen - ik bidoel dus dat men der ek mei ophâlde kin - dat fan dejinge dy't de ambysje hat oan 'e Fryske literatuer op ien of oare wize mei to dwaen mei men tawijing en akkuratens forwachtsje.
Ik haw ek miend (mar mienen is broekjeskiten, seinen wy as bern) dat yn 'e paperbackrige allinne nij wurk mei in ridlik nivo fan jongere skriuwers forskine soe. It kikkertsje soe stean foar aktuéle literatuer, it soe in soarte fan waerboarchsmerk wêze. De paperbackrige soe troch syn literaire kwaliteiten en it ynheakjen op hjoeddeiske problematyk binammen ek by de jongerein bilangstelling towekker roppe moatte foar it Fryske boek yn it algemien.
Nou, as 'k de titels neigean kin 'k net sizze dat dit nou de útrinders fan 'e hjoeddeiske literatuer binne. Dy paperbackrige is in jiskefet dêr't alles yntreaun wurdt hwat by de útjowers ynkomt. Dy't eagen hat om to lêzen kin it listke titels efteryn suver elke paperback mar bylâns gean en him in miening foarmje. As ik myn sin siz hie de helte der better net yn kinnen, dat wie it image fan 'e rige tongoede kommen. It slimste ekses is it opnimmen yn 'e rige fan 'e werprinting It heechhôf fan Reinder Brolsma, in boek dat notabene inkeld en allinne werpinte is foar âldere lêzers! Hwat seit it kikkertsje op 'e rêch fan dat boek? Kwêk-kwêk, tink.
Tr. R.