- Sjit nou op, it bigjint healwei achten al. Hurdfytsen achter motors!
- Gjin sin, sei Pim.
- Hwerom net?
- 'k Bin wurch.
- Hear him, sei Benny, hy is wurch.
- Ik bliuw hjir, gean jim mar.
- Spulbrekker, sei Thomas.
Hy en Benny gyngen mei de tram nei it Olimpysk Stadion. Se krigen in steanplak, koartby de balustrade yn de bocht. Dêr roun de baen hiel skeef, de fytskes flitsten ticht by har lâns. Doe't it stayerjen bigoun, floepten de ljochten oan.
- Wy moatte fuort, warskôge Benny.
- Noch eventsjes, sei Thomas. - It moaiste bigjint pas.
It knetterjen fan de motors toete yn har earen, de hite reek sloech har yn it gesicht. As de iene stayer oer de oare hinne woe en beide mannen mei de kop tusken de skouders neist inoar leine, raesden de jonges mei. En se gyngen earst fuort doe't de hûndert kilometer forriden wie.
Healwei tolven stiene se foar de jeugdherbech en skellen oan. De doar waerd net iepen makke, se seagen gjin ljocht brânnen. Se skellen nochris, lang en fûl. Der barde neat.
- Wy kinne wol by it Leger des Heils sliepe, stelde Thomas út. - Ik wit hwer't it is.
- Noch ien kear prebearje, sei Benny.
Dizkear die de baes iepen. - Foar hwat, heart hwat, sei er, moarnier alle jongessliepsealen oanfeije.
Doe't Benny by syn bêd kaem, skynde er even mei de bûslampe op Pim dy't boppe him lei. Pim slepte net, hy stoarre noch nei it plafond.
- Bist noch wekker?, lústere Benny.
Pim sei neat.
- Hast op ús wachte?
Pim knikte.
- Hwat hastou dien?
Ynienen sprongen de triennen yn Pim syn eagen.
- Hwat is der oan?, frege Benny.
- Neat! Rimpen draeide Pim him de rêch ta.
Nei Amsterdam sloech it waer om. Elke dei reinde it en se bisochten tusken de buijen troch sa folle mooglik kilometers by inoar to