De fruchtberens fan in ‘lullich’ fers.
(Ook Friesland had zijn zedenprocessen)
In ferske op 'e telefoan fan Operaesje Fers forline hjerst hat hwat toweibrocht: gedonder mei de PTT, forhoar fan de redaksje op it Provinsjehûs, fragen yn 'e Ljouwerter gemeenterie, en dan de nedige krantebirjochten en radiopetearen fansels.
It hâldt mar oan.
‘Tofolle eare’, hat de makker derfan - Edsard Berger - lesten mei it literaire kafé yn ‘Passepartout’ sa likernôch sein.
Ek de redaksje fan OF woe om dizze tekst net folle wurden smoarch meitsje.
It is de ‘algraïsche sector’ - uitdrukking fan Berger - dy't aksje fierde en it praet deroer op gong hâldde.
Hwat is der bard.
De redaksje fan Operaesje Fers organisearre forline simmer yn it fakansjesintrum ‘Witterzomer’ by Assen foar de gasten dêr in poézijjoun. Tsien nederlânsktalige dichters út Grinslân, Drinte, Twinte en de Achterhoek diene dêr oan mei.
Sa'n joun smyt altyt wol hwat ‘hite’ fersen op, poétyske reáksjes op yndrukken fan hjoed en juster, skerp soms mar ek boartlik, gauris momentaen en flechtich.
Edsard Berger kaem hjirmei: