[Nummer 3]
Redaksioneel
De redaksje fan ‘Trotwaer’ wol oan op regels foar it kommen en ôfgean fan redaksjeleden. In redaksjesit sil tydlings wer ynromme wurde moatte. Lykas foarhinne sil de redaksje himsels oanfulje.
Om wer sa gau mooglik ta sa'n wize fan rekrutearjen to kommen sille de tsjintwurdige redaksjeleden har sitten eftermekoar binnen in jier wer biskikbersstelle.
Leo Popma hat om persoanlike reden alfêst bitanke.
Reinder R. van der Leest to Ynskedé is mei yngong fan 1 april 1969 bineamd ta redakteur fan ‘Trotwaer’.
Mei it each op de kontinuïteit fan it tydskrift is het sekretariaet yn hannen jown fan in net-redaksjelid. Ek mei yngong fan 1 april is dêrom bineamd ta redaksje-skriuwer de hear T.P. Kamminga to Stiens.
Kopij foar ‘Trotwaer’ moat him tonei tastjûrd wurde.
It adres is: Lege Hearewei 23, Stiens.