Binne jo der noch? It is yn bihandeling, oare wike falt it bislút.
Jo krije de wyks dêrop yndied birjocht: ôfwiisd. De reden stiet der net by. Jo wolle wolris hwat witte en skilje Wynsma. Dy seit: wachtsje even as jo wolle. Ik moat even achteromprate mei de siktaris fan de deputearre.
Binne jo dêr noch? Ik kin it noch net oan'e weet komme. De siktaris is net op'e hichte en de deputearre is net op syn plak. Wolle jo moarn wer even skilje?
Dei letter: de deputearre lit witte: it jild is op.
Jo bitinke dat der miskien wolris wer jild is. Faeks falt der dan wer oan to freegjen.
Jo skilje Wynsma en dy seit.......
Ensafuorthinne.
It kin fansels ek sa, dat it Provinsiael Bistjûr yn syn bilied safolle iepenheit ynbout, dat by de ôfhandeling fan de oanfragen fuort de nedige ynljochtingen jown wurde kinne.
Mar hwat sil Wynsma dan?
Miskien dat it Provinsiael Bistjûr ear't er út ein set (1 maert 1969) noch wol bikend makket hwat mei dizze nije funksje forwachte wurde mei en hoe't de foarljochting yn'e praktyk wurkje sil.
Krekt nou't it om foarljochtsjen giet soe dit yn'e reden lizze.
G.