kraty’; side 6 ‘La République, Une et indivisible Liberté, égalité, fraternité, God, Neerlân en Oranje, Flaptroch, flapút, flapdrol, Hegel, Marx, these, antithese, synthese’ wurde yn ien aliniaetsje biflapt.
Op side 7 komme al yn 'e earste rigeltsjes ‘in Katalaen, Kataloanje, Basken, Montserrat, de Gallegos, Andalusiërs’ oan bar. Ik moat der by sizze dat dit biswier foaral de oanrin fan it boek oanbilanget. Spitich is ek, tocht ik, dat om sa to sizzen it skriuw-prosédé al op side 8 syn eigen thematyk oanfâlt: it intrigante fan it boek is dat hwannear it geïntrigear fan de B.V.D. op it harspit nommen wurdt, dit to gau forlern giet as it tige trochsichtich ús s.n. frijheit tsjin de Spaenske ûnfrijens oer set. Der giet sa in stik spanning forlern. Dat de efterflap ús hjiroer ek al út de dream helpe wol, is in oare saek. Men lêst in fragmint op 'e efterflap ta yntroduksje om it dan wer to forjitten sûnder dat it funksjoneel wurdt foar it gehiel fan it boek. Persoanlik fyn ik it ek nea net sa goochem as biskate ‘greatlju’ as Vondeling, Zylstra en E.B.F. by eigen namme neamd wurde: soks lit gau in smaek fan biheindens en eigentiid efter dy't oan 'e pretinsje fan it skreaune forbygiet, oars hoecht de skriuwer der gjin writen op to dwaen. De titel fan it boek wurdt foar 't earst op side 13 brûkt. Marginael hat dêr de sosjael-psychologyske bitsjutting fan rânnefiguren.
Hjir en dêr wurdt de lêzer de sosjael-ekonomyske bitsjutting ‘Noch krekt rendabel’ suggerearre. Dizze dûbbele boaijem sil wol it doel fan 'e skriuwer west hawwe. Fan in oantal snypsnaerkes krijt men wolris de kribels. Ik sil der ien fan neame: it alludearjen op 'e namme fan Bot, âld-minister fan ûnderwiis, side 16, hat eartiids de S.V.B. al dien mei it biedwurd ‘Botweg’, en wol sa faek, dat men it letter net mear as rânzige slachrjemme op tafel sette moat. Dit earste haedstik is in protte fan to sizzen, en net folle goeds.
Hjirnei wurdt it boek in stik better: It petearjen forrint gâns rêstiger en dêrtroch mear logysk en linich. It bliuwt lykwols in oanienriuwen fan dialogen. Mar se binne mear útbalansearre nou. Dat hat fan gefolgen dat de almachtigens fan in heechlearaer jin moai gau dúdlik wurdt, de man syn autoritair misbegryp foaral fan de útlizzingen fan 'e w.a. As men de gong fan saken mei de brieven lêst, kin men der mei goed fatsoen net foarwei om nidich to wurden. It kwasy deftige geskil en de freeslike fortochtmakkingen, ynsinuaesjes ensfh. binne tige autentyk biskreaun. It is allinnich spitich dat ien fan de amtners fan de B.V.D., mr. Poetsharde, krekt hwat to lang oan it wurd