Steven de Jong / Woekerplant
Tiny Mulder: Wite swan, swarte swan
Drachten, Laverman N.V., 1968.
Tiny Mulder hat har tredde bondeltsje publisearre (fan 'e 33 dy't wy noch fan har forwachtsje meije). ‘Wite swan, swarte swan’ hyt it. Bondeltsje? Mar leafst 68 fersen as ik my net forteld haw. It boekje sjocht der oan 'e bûtenkant bilazere út. In wite swan (rjocht op) mei swarte eftergroun, in swarte swan (op 'e kop) mei wite eftergroun. Beide yn ien sirkel (ierde? hielal? wyt ik it?). Motto: in jampot mei in toarnderke/in kraeltsje kroas. Gefolch de frage: Hokfor hopeleaze amateur hat hjir de útjefte forsoarge?
Moaije ferskes tinkt de lêzer as er it boekje yn hannen nimt. Fersen as wite swannen, fersen as swarte swannen, 68 achter mekoar. Moai presintsje foar myn kulturele beppe yn ‘avondrust’.
It earste hwat men ûnder eagen kriget is in jampot. It hat hwat mei de sike, de mar fan genêve, de giele sé to meitsjen, mar it bliuwt in jampot mei in toarnderke (hwat is dat?) in kraeltsje kroas.
As men it gehiel oersjocht krijt men in rare smaek yn 'e mûle. Hwat foar mooglikheden bin hjir forlern gien? Hoe wurdt hjir yn 'e fredesnamme in journalistike klisjéfirtuositeit foar poëzij oan sjoen?
Ja wis, der sitte wol goeije rigels tusken, sels wol ien goed fers:
Menhir
en dyselde goaden tank sein