Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 18] [p. 18] [Gedichten (vervolg)] De draek ik bin de papierwurden gedachte yn ûntwerp oerlevere fan heit op soan it ramt biboun en biklaeid en alles fêstplakt mei bonkelym nei it byld fan de minske haw ik in gesicht nei it byld fan de dieren in sturt de team is noflik oan'e ribben dronkenens stiet net foar in draek kant kom ik út in hân omheech steil stean ik boppe de stêd der is gjin bod foar fierder feesten maet pakt hwat om mei âlde kranten de telegrammen hokje by my gear ik skamje my en skodzje né ik priizje stil it loas ein tou en fal wer op myn skaed werom ik wurd op'e kop krusige myn oerskot steurt de telefoan Vorige Volgende