Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 8] [p. 8] [Gedichten (vervolg)] De wei nei de hel moarn sil ik wer skriuwe net wer kroech yn kroech út of einleas geâldhoer mei freonen moarns by 't wekker wurden godfordomme wer in joun nei de knoppen lit de boel barste ik forrek it langer jan mei syn moaije smûsjes en gerard to soademiterjen lit se alline de hort op gean of gewoan masturbearje jow my mar in buordtsje gelieve niet te storen of tink oan it sikehûs of om 'e houn of donderje asjeblyft op moarn sil ik wer skriuwe ien wurd ien letter ien fers it forrekt neat hwat moarn sil ik wer skriuwe al sil de ûnderste stien boppe no teaching man will fuck me out Vorige Volgende