| |
| |
| |
2
Ik begûn minder te iten. Sels sa bot dat it mem opfoel. By ferskillende gelegenheden hifke se oft der wat mei my wie. Hast wat ûnder de lea? Swierrichheden op skoalle? Miskien dyn nocht fan 't swimmen ôf en it net sizze doare?
Honger hie 'k wol, mar ik koe mysels der net ta sette om dat seurderige gefoel fuort te nimmen. It lytse bytsje dat ik naam smakke my ek net. Okkerdeis, nei myn besite oan Greidesicht, wie dúdlik wurden dat ik noait mei ien oer myn geheim prate koe. Fan pake hie 'k fierders neat mear heard, mar syn lichem hie sprutsen, de earnst fan 'e sitewaasje sjen litten.
Dagenlang wie 'k fan slach west. Nachts seach ik syn ferwyldere gesicht foar my, de bril mei it swarte montuer skean op 'e holle; it tinne, achteroer kjimd hier dat sún-tsjes dûnse op syn spastysk ferwegen. Ik hie it him fansels noait fertelle mocht, hy fertsjinne it net om de lêst fan sa'n ûnhuere wittenskip taskikt te krijen. Oeren lei ik om te wrotten, liet it wjerfarren hieltyd wer foarbykomme, stelde my alle kearen in oare ôfrin foar, yn in healslachtich besykjen myn gewisse te fermoedsoenjen mei in net-besteande realiteit.
Lang om let kaam ik ta de konklúzje dat ik ôfstân fan Fardou nimme moast. Us ferstânhâlding wie goed, faaks tè goed foar my. Ik moast mysels dêrom oanleare om har wer as myn suske te sjen, en net as samar in fanke om ferlyfd op te wurden, om as mulpunt fan broeiske fantasijen te tsjinjen.
Want dat kaam der ek noch by. Lichaamlik wie se fierder
| |
| |
ûntwikkele as de measte fammen fan har leeftyd. Alle dagen fan 'e wike seach ik har yn 'e swimklean, en de ferskillen wiene dúdlik. Har foarmen wiene dy fan in jonge frou. Mar it siet him ek yn 'e wize fan rinnen, de gebearten, hoe't se stie te harkjen as ien har wat fertelde. Se wekte op in kalme, spannende manier de yndruk dat se folwoeksen wie, wat it noch dreger makke om net ûnder har tsjoen te reitsjen.
Oer belangstelling hie se dan ek net te kleien. Benammen ús flinterslach-spesjalist, Jan-Jaap, hie it hielendal op har begrepen. Altyd hong er om har hinne, mei syn moaie praatsjes en stoere hâlden en dragen. Hy wie twa jier âlder as my, en ik koe him net útstean. Ik ferachte syn snorke, de brede skouders, it halskettinkje dêr't er de froulju tsjinoan blaze liet, sadat der I loveyou op stie te lêzen. Hoe faak hie 'k net op 't punt stien om him in dúst te jaan, te sizzen dat er omsjen moast nei fammen fan syn eigen leeftyd. Wittefaak. Mar noait dien. Want ik wie bang foar de gefolgen, bang om mysels belachlik te meitsjen, bang ek foar wat Fardou derfan sizze soe.
It wie my nammentlik net dúdlik oft se him no lije mocht of net. En dat fernuvere my net allinne, ek stiek it my. Ik koe net begripe dat se sa'n hollewaai taliet, dat se tiid oan him bestege troch nei syn ûnnoazele ferhalen te harkjen, der sels om glimke, út en troch. Neffens myn betinken wie it hielendal har type net. Wat har type wol wie, wist ik trouwens likemin. Ja, sa'nien as my. In jonge dy't derút seach as Hilbrand, dy't krektsa rûn, prate, lake; ien dy't wist mei hoefolle slaggen oft se moarns it hier boarstele, dy't har eangst foar hûnen begriep.
Oergeunst. It friet oan my as ik seach hoe't jonges op har reagearren. Mar Jan-Jaap koe der neat oan dwaan, en al dy
| |
| |
oaren ek net. Ik begriep se better as dat se oait witte soene, begriep har longerjende blikken, it bombarje dat se makken wannear't Fardou yn 'e buert wie.
Dus moast ik my fan har losmeitsje, de oandacht rjochtsje op oare dingen, oare fammen. It iene moast ik sels dwaan, it oare hie 'k myn maat foar nedich. By him fielde ik my goed, better alteast. Riemer wist my altyd ôf te lieden, te ferrassen mei nuvere ideeën en wylde ynfallen. Syn fleurich aard koe ik my oan oplûke. De lêste tiden fielde ik my dêr wolris skuldich oer, krekt as brûkte ik him; mar tagelyk wist ik dat dat net wier wie. Soks hjitte freonskip. Hy hie al langer yn 'e gaten dat my wat dwers siet, mar ôfsjoen fan in inkele kear tantsjen en wat opmerkings oer doktersbesite hie er der noait oer trochfrege. Nee, mear noch as earder behelle er my yn syn eigen weareldsje, as wist er ynstinktyf dat soks in goeie remeedzje wêze koe.
Lykas fan 'e jûnes. Sille wy meidwaan oan in dropping yn 'e Bakkefeanster bosk. It útstapke wurdt organisearre troch de cjv, in klup dêr't Riemer lid fan is. By him thús binne se tsjerks. Lykwols tink ik net dat er der dêrom alle freedtejûnen hinne reizget. Neffens my fynt er it gewoan gesellich, en nimt er it religieuze glânske op 'e keap ta. Mar hielendal wis bin 'k net, om't wy it der noait oer ha.
It is al de twadde kear dat er my as yntrodusee oan in aktiviteit fan har meidwaan lit. De earste kear wie mei in feestjûn yn it doarpshûs, ornearre as úteinsetter fan in nij seizoen. En no dizze dropping. Riemer is hiel entûsjast, om't it yn 'e mande mei in oare jongereinferiening hâlden wurdt. Wa wit hokker moaie froulju dêr allegear by binne, ropt er om 't hurdsje, der sil grif in pear by wêze dy't bang binne yn 't tsjuster. Knypeach. Sels sjoch ik it as in goeie
| |
| |
mooglikheid om de sinnen te fersetten. Boppedat hâld ik fan 'e bosk, likefolle as fan see en wetter. Wy komme der amper, mar dy seldsume kearen heuge my tige. Krekt as mei swimmen fielt it oan as thúskommen, fan teplak wêzen. Beredenearje kin 'k it net, mar it leafst soe 'k dêr fannacht allinne wêze. Oars net as de beammen, de nachtbisten, en ik.
‘Hilbrand, ik ha broadsjes smard, komsto?’ Mem. Underoan de trep. ‘Ik kom deroan.’ No ha 'k noch hieltyd net útmakke wat ik oan dwaan sil. Ik raam in stikmannich truien út 'e kast en meitsje in kar. De Noarse moat it mar wurde. In âlderwets ding, mar wol lekker waarm. Dêrnei strûp ik myn âlde Levi's oan. Mem wol my in nijenien ta ha, mar dizze sit as getten, dus sil ik besykje dat momint sa lang mooglik út te stellen.
Mei in klap slach ik de doar achter my ticht, fljoch mei trije grutte sprongen by de trep del. Mem sit skodholjend oan 'e keukenstafel te wachtsjen. Fardou is der lokkigernôch net. Heit sit lykas wenst ferskûle achter de krante.
‘Moat dat no sa mâl?’ seit se. ‘Do giest nochris dwers troch de treeën hinne!’ Ik lûk oan 'e skouders en gean sitten. Foar my lizze fjouwer broadsjes op in boardsje, twa mei tsiis en twa mei fleisguod. Ik knik har ta en begjin te iten. ‘Molke?’ freget se. ‘Graach,’ sis ik. Nei't ik it earste broadsje behimmele ha, lit heit de krante sakje.
‘Wêrom is dy jonge no al oan 't iten?’ freget er.
‘Dat ha 'k dy dochs ferteld,’ antwurdet mem snibbich, ‘moatst ek ris harkje.’
‘Ik doch mei oan in dropping,’ sis ik, ‘Riemer hat my útnoege.’
| |
| |
‘Silst wer mei de finen op stap?’ seit er snúfkjend.
‘Do moatst dy stil hâlde,’ falt mem him yn 'e mûle, ‘want do fûnst it in pear jier lyn sa ferdomd belangryk dat de bern mear ûnder de minsken komme soene. Hast dyn sin krigen, dus moatst net seure.’
‘Ik seur ek net, ik freegje allinne oft it wer mei de finen sil.’
‘Och, do mei dyn finen. Wat is no fyn? In achterlik begryp. Lykas safolle dingen.’
‘Dat kinsto maklik sizze,’ brimket er, ‘do bist yn in hiel oare omjouwing grut wurden. Ut eigen ûnderfining kin 'k dy sizze dat skynhilligens by de kristliken foar master opslacht.’
‘Dêr ha 'k oars al dy jierren neat fan fernaam,’ seit mem. Se slacht de earmen oerinoar.
‘Dat leau 'k fuortendaliks. Do fernimst noait wat.’ Hy krijt de krante fan 'e knibbels, swijt, lêst fierder. It ferwyt bliuwt tsjok tusken har yn hingjen. Oan har gesicht sjoch ik dat mem troch dy lêste opmerking fan 't sintrum is. It begruttet my om har. Ik krij it lêste broadsje fan 't board en sis, lekker. Se klearret suver op. Ik mien it. It stiet my sûnt tiden net tsjin. Dêr bin ik bliid om, seit se, en jout my in knypke yn 'e hân. Mei't ik it board fan my ôf sko, fait it my op dat se hieltyd mear grize stringen yn 't hier krijt.
As Riemer en ik in hoartsje letter troch de Aldbuorren fytse, stiet de grutte reiswein foar de yngong fan it doarpshûs te wachtsjen.
It is al aardich drok. Nei't wy ús fytsen tsjin 'e muorre set ha, foegje wy ús by de kloft op 'e stoepe. Elkenien seit hoi. Der hinget in fleurich soarte spanning. De doarren fan 'e
| |
| |
bus binne iepen, sadat de radio goed te hearren is. In pear fammen stean mei te sjongen, falsk, mar dochs ek wol wer moai. It binne Valery en Geke. Valery is de dochter fan 'e dûmny. Se wennet sûnt trijefearnsjier yn it doarp. Ik ken har amper, mar neffens Riemer is 't in wyldenien. Se rydt op in jongesbrommer, rookt as in plysje en spilet gitaar. It skynt dat alle jonges ferlyfd op har binne. No't ik har sa dwaande sjoch, kin ik my der wat by foarstelle. Se is iepen en frij, sjocht der kreas út mei har roetswarte, slûke hier en funkeljende eagen. Riemer seit dat se noch noait ferkearing hân hat.
Lukas Hupke komt út it doarpshûs setten. Hy is achttjin en op papier foarsitter fan 't stel, mar ik ha net de yndruk dat in protte om syn sizzen jouwe. Faaks komt it mei fan syn lingte dat er gjin oerwicht hat; it is mar in lyts mantsje. Boppedat hat er dat nuveraardige loopke oer him, dêr't er syn bynamme oan te tankjen hat. Hy eaget it hear oer, skrast wat op in stik papier en klapt yn 'e hannen.
‘Beste minsken, mei ik even jim' oandacht? En wol ien dy radio útsette, want oars moat ik sa raze.’
Der is net ien dy't him achtslacht. Hy wifket, springt fan 'e iene foet op 'e oare, troppet it papier yn 'e bûse en stifelet de bus yn. Feninich draait er de radio út. No keare de measten har nei him ta. ‘Hee jong,’ ropt ien, ‘dat wie Queen.’
Lukas negearret it protest, set út ein mei syn praatsje. Net roke yn 'e bus, net mei bûslampen yn ruten opskine, net lûdroftich wêze. As er klear is en de bussjauffeur ophelje sil, stoarmje wy as in keppel bizons de bus yn. Riemer ploft neist Valery del, ik kom neist Rixt te sitten.
Dy ken ik al sûnt de beukerskoalle, hoewol't se my pas opfoel doe't bliek dat se ek op 'e havo siet. Krekt as bestie
| |
| |
se earder net. Doe't wy op in stuit aardich fertroud meiinoar wiene, ha 'k har dat ferteld, en ek dat ik dat sa nuver fûn. Hielendal net nuver, sei se, do rûnst altyd mei de kop yn 'e wolken. Ik mei graach oer Rixt, se hat in droech soart humor dy't ik fermaaklik fyn.
Wylst wy ôfsette fertelt se my oer har lêste en grutste noed: pûkels. Yndie krijt se hieltyd mear fan dy gleonreade pûstkes yn 't gesicht, benammen op 'e foarholle en ûnder de eagen. Ik sis dat it wol in slach tafalt. ‘Net lige,’ seit se, ‘ik sjoch derút as in strinkjebeistrúk.’ Se bûcht har nei my ta. Witst, ik waskje my alle dagen mei seewetter. Ik ha ús heit sa gek krigen dat er twaris wyks mei de auto in jerrycan fol ophellet. Utsoarte ha 'k myn ferstân net, want as it wetter in pear dagen stiet, begjint it ûnhuerich te stjonken. Ut 'e rûgens wat in mjuks tusken de geur fan in bearput en in amerfol slyk. En dan jout it my ek noch gjin soademiter.’ Se suchtet djip. ‘It wie in tip fan muoike Gryt, dy hie der eartiids sa'n baat by hân... Bin ik no in ûnnoazele hin, of net?’
Foar't ik in taktysk antwurd formulearje kin, skoot de bus nei de kant fan 'e dyk en hâldt by it trottoir. Wy bin yn D*, yn 'e Paulus Potterstrjitte. Us reisgenoaten stean al drok tsjotterjend te wachtsjen. Suiskjend skowe de doarren iepen. Mei't se de bus ynkomme docht bliken dat in part fan beide partijen inoar al ken, fan skoalle en sa. Der wurdt wakker roppen en lake, guon jonges floitsje op 'e fingers. Ik sjoch Rixt oan. Dy glimket. Gesellich, hin? seit se. Ik knik, bin bliid dat ik meigien bin.
Nei't elkenien in sit socht hat, rize Lukas en syn kollega fan de oare groep, in frommeske mei in grutte bril en in ûnbidich brede mûle, oerein. Se sprekke tegearre de hope út dat it in noflike jûn wurde sil, en dat dizze útwikseling
| |
| |
liede sil ta in yntinsiver kontakt tusken beide ferienings. In dinderjend applaus folget op dy wurden. Dêrnei stekt Lukas de hân omheech, en ropt dat er noch in stikmannich meidielings foar ús hat. Mar foar't er dêr de kâns ta krijt, triuwt ús sjauffeur in kassettebantsje yn 'e spiler en jout de folumeknop in slinger nei rjochts. Under grutte hilariteit besiket Lukas om dêr boppe-út te kommen, mar as er fernimt dat der gjin salve oan te striken is, giet er sitten.
De reis giet fierder yn in skimerweareld. Kontoeren wurde minder skerp, by hjir en by dêr springe ljochtsjes oan. It is smûk yn 'e bus. En waarm. Ik strûp de trui út. Dêrûnder draach ik in T-shirt mei in opdruk fan Jim Morrison. Presintsje fan Riemer syn broer, dy't sljocht fan The Doors is. Hy hat Riemer oanstutsen, en dy op syn beurt my wer. Earst moast ik der wol oan wenne, mar no fyn ik it geweldich. Fral de teksten fan Morrison. Dy binne riedselachtich, ha wat fan poëzij. Bytiden kin 'k der gjin tou oan fêst knoopje, mar it fassinearret my, ik kin it hiele dagen draaie sûnder dat it my ferfeelt.
Rixt seit dat se it in moai shirt fynt. Se freget wêr't ik it wei ha, en wy prate in hiel skoft oer muzyk. Ik besykje har de tsjoen fan The Doors út te lizzen, en sy ferdútst my dat alle muzyk goed is salang't je der mar op dûnsje kin. Sûnder euvelmoed lis ik ûnder it praten in earm op har stoel. Yn dy sfear fan fertroulikens fertel ik har dat ik ek wolris gedichten lês, gewoan, foar de lol. Goh, seit se, net ien fan 'e jonges dy't ik ken docht dat. Ik lûk oan 'e skouders. Op dat stuit krijt se my by de earm, teart him om 't skouder en triuwt myn hân om har boarst.
Se komt my folslein oer 't mad. Dit is de bedoeling hielendal net. Ik befries, sit as in robot njonken har, de earm
| |
| |
krampachtich om har hinne. Wat ferwachtet se fan my? It swit brekt my út. Ik moat wat dwaan, wat sizze; de hân weromlûke en fertelle dat ik har aardich fyn, en grappich, mar dat ik fierders neat foar har fiel, yn alle gefallen net dat wat sy blykber foar my fielt.
Mar ik doch it net, hâld my stil, bliuw as in sâltsek sitten. Ik wol har net kwetse, dêr is se te leaf foar. Stil binne wy, in oaze fan stilte yn 't lawaai om ús hinne. It boarst leit as in sêfte, stevige lytse frucht yn myn hân. Healslachtich lit ik de fingers deroer dwale, streakje de rûning, fernim hoe't de spien har oprjochtet. Rixt linet no tsjin my oan. Ik lit har gewurde, stoarje rjocht foar my út nei de beklaaiïng fan 'e bank, allegear lytse meanderjende rivierkes, as in minskefel.
De bus draait it parkearterrein fan restaurant De Stripe op. Janny, de liedster fan 'e oare klup, seit dat wy yn it kafee sammelje moat, dat se ús dêr yn groepen yndiele sille. Einlings kin ik de earm weromlûke, wêrby't ik har net oan doar te sjen. Se skoot in eintsje by my wei en rekt har út. Ut 'e eachshoeken wurd ik de kurve fan it boarst gewaar. Dat ha ik beethân, befield; de alderearste kear dat my soks oerkomt. Ik wol oerein, sa fluch mooglik de bus út om de longen fol frisse lucht te sûgjen; mar tagelyk wol 'k sitten bliuwe en wachtsje oant elkenien fuort is, om it nochris te dwaan.
Spinnewebben trilje yn 'e kop as ik stean gean; behinderje wurden om dizze sitewaasje makliker te meitsjen. Mei ien hân oan it bagaazjerek wachtsje ik oant der in gatsje yn 'e rige falt, sko dertusken. Sûnder it te sjen fernim ik dat Rixt my folget, se kringt tsjin my oan.
Bûten hat it lêste deiljocht him weromlutsen yn 'e skerte fan 'e nacht. Mei wat fan ferromming snúf ik de bosklucht op. Even boartsje ik mei it idee om de wyk te spyljen, te
| |
| |
ferdwinen tusken de beammen en allinne te genietsjen fan de rêst en 'e lykmoedigens dy't dêr hearsket. Mar foar't ik dêr serieus oer neitinke kin, krijt Rixt my by de hân. Giest mei, seit se. Yn it ljocht fan 'e bus sjoch ik de útdrukking op har gesicht. Tefredenens. Mar dochs ek skrutenens. As in oaie lit ik my troch har meifiere. Sa't wy op it kafee tarinne ferachtsje ik mysels om myn sloppe hâlding, de sloppe hân dy't ik as in dea stik fleis yn harres bongelje lit.
Ik sil in died stelle moatte. Aansten tinke se dat ik ferkearing mei har ha, en dat wol ik perfoarst net. Dus moat ik har sear dwaan.
Yn 't kafee is 't waarm en gesellich. Elkenien praat en gnysket; sa te sjen is de útwikseling goed op gong kommen. Njonken de jukeboks sjoch ik Riemer stean, drok yn petear mei in groepke lju út D*. Valery is net yn 'e buert. Sûnder acht op Rixt te slaan rin ik derop ta. Riemer laket as er my gewaar wurdt, stelt my foar as syn bêste maat. Ik knik, sis Hoi, stek de hannen yn 'e bûse. Janny nimt it wurd troch oan de bel boppe de bar te lûken. Nei't it kabaal wat fuort-êbe is, en ek de lêste grapjurk Rûntsje! roppen hat, jout se oan dat wy yn seis groepen opdield wurde sille. Fansels wurde wy yn tichte weinen fuortbrocht, wêrnei't it derom giet wa't it earst op 't honk werom is. Lukas, dy't in wat ferwezen yndruk makket, heakket dêroan ta dat nei ôfrin sop en slaadsje klear stean sille. In meistimmend mompeljen lûkt troch de mannichte.
It gearstallen gebeurt út 'e losse pols, salang't der mar minsken fan beide kampen yn fertsjinwurdige binne. Om't wy mei in man of acht, njoggen by de jukeboks stean - en moai oan dy iene betingst foldogge - foarmje wy ek in groep. Wilens hat Rixt har by ús foege. Dêr ha 'k it smoar goed oer yn.
| |
| |
Us groep is de fjirde dy't fuortlaat wurdt. Bûten stiet in buske ree, mei ruten dêr't gerdyntsjes foar hingje. De achterklep stiet útnoegjend iepen. Elk foar oar strûpt deryn. Ik bin de lêste fan 't stel, kin my der amper tusken wrotte. As de doar achter my ticht slacht, fiel ik my even benaud, opsletten. Mar dat saksearret sadree't wy út ein sette. Troch it hobbeljen, earst oer in minne klinkertdyk en dêrnei foar 't neist oer sânreden, feroaret it fehikel yn in soartemint merke-attraksje. Yn 'e mande slingerje wy fan links nei rjochts, fan foarren nei achteren; as willeaze, makke skiep. Laitsjend en flokkend klampe wy ús fanneed oan elkoar fêst. De bestjoerder krijt tal ferwinskings nei de holle ta slingere, mar oan syn stikeme nokkerjen te fernimmen makket it net in soad yndruk.
Wy binne teplak. Us sjauffeur docht de klep iepen. As oansketten einen rûgelje wy derút. Mei de hannen yn 'e side stiet it pleachbist ús op te nimmen, de brún-learen hoed skoot er op 'e achterholle, mei in sloom gebeart dat oan in cowboy tinken docht. Sergio Leone. As bern miende ik dat de bosk fol yndianen siet, ree om my yn harren fermidden op te nimmen, op te lieden ta in sterk en betûft kriger. Fardou soe in squaw wurde, har lange, donkere hier yn in flecht drage, moccasins oan 'e fuotten. Hja soe ferneamd wêze fanwegen har superieure slûptechnyk.
Yn alle fantasijen spile Fardou fansels in rol. Hja wie in part fan my, sa't ik in part fan har wie. Destiids bestie der gjin takomst, en, foarsafier't ik dêr al gedachten oer hie, wiene dat dizenige foarstellings, ûngefaarlike dreamerijen dêr't wy tegearre sintraal yn stiene. Dat wie normaal. Mar wat doe normaal wie, beëangstiget my no. De fantasijen dy't ik der de lêste tiden op nei hâld, binne nachtmerjes
| |
| |
fan in paradys dêr't wy as man en frou yn tahâlde. Nachtmerjes, om't it paradyslike dêr't wy ús oan oerjouwe, trochkrongen is fan de wittenskip dat it tsjin de natuerlike oarder yn giet, dat wy dêrom oant yn 't moarch ferdoarn binne; sûndners yn 'e meast wiere betsjutting fan 't wurd. Mar ek dat spilet him yn myn kop ôf, lykas de rest. Fardou hat gjin weet fan myn fielen, de eagen dêr't ik har mei besjoch, it begear. Hoe sil ik út it paradys ferdreaun wurde, as ik der net yn reitsje?
Nei't cowboy ús gnyskjend súkses tawinske hat, en ratteljend út it sicht ferdwynt, hifket Riemer wa't allegear in bûslampe ha. Twa fammen antwurdzje troch him lyk yn 't gesicht te skinen. Ljocht genôch, ornearret er, en gicheljend wurde de foarste stappen set. De groep bestiet, mei Rixt derby, út fiif froulju en fjouwer jonges. Ta myn grutte ferlichting sjoch ik dat Rixt oan 'e praat rekket mei ien fan 'e bûslampe-fammen. Ik negearje har, derfan útgeande dat se dêrmei begrypt wat myn stimming is. Unnoazel is se net. Hoe't ien en oar him tenei ûntjaan sil, fernim ik wol. By einsluten is it ek de minste fan myn soargen.
It paad dat wy folgje is wilens oergien fan in weinspoar yn in reed, dêr't men krekt mei syn trijen njonkeninoar rinne kin. Der wurdt omraak spekulearre hokker kant wy út moatte. Albert, ien fan 'e jonges út D*, hâldt út dat wy op it lûd fan 'e auto's ôf moatte. Yndie heart men út en troch yn 'e fierte in auto riden. As wy dat oanhâlde komme wy fansels by in grutte dyk; dêrnei hoege wy oars neat te dwaan as dy te folgjen. Seit er. Nei alle gedachten hat er gelyk, mar de rest is fan betinken dat dêr neat oan is. Dwers troch de bosk is folle spannender. Wa't dat sei wit ik net mear, mar it is sa. Je ha it idee dat alles mooglik is. Om hjir te wêzen, yn
| |
| |
it tsjuster, jout in gefoel fan frijheid en ferwachting. Der soe fan alles gebeure kinne; mei ús, tusken ús, troch ús.
Al dwaande komme wy foar in kar te stean: yn it ljocht fan 'e bûslampen spjalt de reed yn twaën. Wylst de tiid fan it oerlis troch sommigen benut wurdt om in sigaret op te stekken, klinkt ynienen in gjalp tusken de stammen troch. Esther, dy't in eintsje fierder rûn is, makket ús attint op in ûntdekking dy't se dien hat: in prieel, dat as in âlde, wurge lakei oer in fiver stiet út te sjen.
It gehiel makket in serene, mankelike yndruk. Under in tsjustere himel, omsletten fan in noch tsjusterder beamte, leit de fiver as in gat yn 'e tiid; ûnferweechber, ûnfersteurber.
Dochs wat dimmen, yn'e earste oanrin, strûpe wy it prieeltsje yn. De planken fan 'e flier kreakje. Ferrotte fansels. It hiele bouwurkje is brekfallich. De sfear fan fergonklikens sprekt my oan, de pynlike romantyk fan 'e delgong. Ik stel my foar hoe't de adel hjir froeger har tiid trochbrocht, de froulju yn hoepelrok en keurslyfke, de manlju yn kostúm en mei in hege hoed op 'e holle. De konversaasje is beskaafd, de toan noflik. It is net dreech út te meitsjen wêr't de manlju it oer ha: polityk, ekonomy, it waar. By de froulju leit dat wat oars. Se drinke tee út porsleinen kopkes, mei de pink tsjep omheech; nige de holle as se harkje. Der sprekt fertroulikens út sa'n poaze, wat betsjut dat der dingen bepraat wurde dy't diskreesje freegje.
Krupsjes. Klean. De omkesizzer fan Collot d' Escury, dy't okkerdeis yntrodusearre waard op in soiree. Se gichelje as famkes, wapperje mei wite, kantene bûsdoekjes. Guon slagge teatraal de eagen omheech, lizze de hân op 't boarst.
Bûten boartsje bern. Se fuorje de einen yn 'e fiver. De
| |
| |
bistkes snetterje dat it sawat docht, en in pear komme al út it wetter setten. Dat tafriel wurdt achtslein troch in fanke fan in jier of fjirtjin, fyftjin. Hja sit oer de grûn, de rok útspraat oer de skonken. Men sjocht inkel de fuotten. Se draacht bottines. Har lange, swarte hier falt oer rêch en skouders. Se glimket. Se leit de hannen, dy't in boek beethâlde, yn 'e skurte. Se sjocht nei de kaprioalen fan 'e bern, mar tagelyk leit der in ôfwêzigens yn har blik dy't ymplisearret dat se oan oare dingen tinkt. Faaks itjinge dat se krekt lêzen hat? Unmiskenber poëzij. Shelley. Of Keats. Sa'n type is 't, in bytsje dreamerich, foarlik ek foar har leeftyd. Miskien tinkt se oan de jonge dêr't se ferlyfd op is, dy't eins njonken har sitte moatten hie. Wêrom is er der net?
‘Hee sliepkop!’
Ien fan 'e fammen út D*, ik mien dat se Aleida hjit, hat my by de earm. Se hâldt my in pakje sigaretten foar.
‘Roke?’
Ik knik, nim ien fan har oan, lit de brân deryn stekke.
‘Ik hie dy al twa kear frege, mar do seidest neat. Wat seachst dêrbûten? Geasten? Wite wiven?’
Hoeden sûch ik de reek yn 'e longen, skodholje.
‘Wite wiven fynst inkel op 'e heide.’
‘O?’
‘Hm, neffens myten en sêgen.’
‘It soe oars wol spannend wêze.’
‘Wat?’
‘Om in geast te sjen, in spoek of sa. Ik hâld fan grize. Horrorfilms. Lekker kraaie mei myn freondinnen yn 'e bioskoop. Better as dy suertsjefilms.’
Ik wit net wat ik antwurdzje moat, hâld my stil.
‘Hokker films fynsto goed?’ freget Aleida.
| |
| |
‘Suertsjefilms,’ sis ik.
Se laket. Yn 't tsjuster besykje ik har gesicht op te nimmen. Neffens my hat se in wipnoaske. Slûk hier mei in skieding yn 'e midden. Se is in kop lytser as my.
‘Droplul,’ seit se.
‘No, bedankt.’
Deun achter my hear ik Rixt har stim. Sûnder der fierder by nei te tinken lis ik in earm by Aleida om 'e mul en lûk har tsjin my oan. It is krekt as ik in luside dream ha, alles justjes oars, de minsken, de omjouwing; in dream dy't syn eigen ynderlike logika folget: ik kom mysels oer 't mad.
Se hâldt my net ôf. Dat jout moed, en sûnder wat te sizzen begjin ik mei har te frijen.
Guon klappe yn 'e hannen, floitsje. Ik hear it wol, mar it kin my neat skele; de weareld is sa grut as de binnenkant fan ús mûlen.
As wy inoar in hoart letter loslitte, ropt ien dat wy fierder moatte. Aleida en ik binne de lêsten. Der wurdt gjin acht op ús slein, want der binne wilens al mear spantsjes foarme. Rixt wurd ik net gewaar, dy sil wol foaroan rinne. De stimming is no minder bolbjirken. Der wurdt noch wol praat en lake, mar út en troch falle der heimsinnige stiltes.
Mei opsetsin bliuw ik mei Aleida wat achteroan bongeljen. Ik wol Rixt net ûnder eagen komme. Ik fiel my lef. En lullich. Mar Aleida is in ferdomd aardich en fleurich fanke. Wy tonkje om 't hurdsje, en tuskentroch fertelt se my fan alles: oer skoalle, har leafhawwerijen, wa't har bêste freondinnen binne, wat se wurde wol. Dat lêste freget se my ek. Ik prevelje dat ik it noch net wit, miskien nei it cios of sa. Mar eins soe 'k sizze moatte dat it my folslein net ynteressearret, dat dingen as oplieding en wurk yn 't neat falle by itjinge
| |
| |
dat my yn 'e besnijing hat, opfret en fertart; dat moarn en takom wike my net lokje. Ik soe har fertelle moatte fan myn fantasij oer de tiidmasine fan Wells, dat dy echt bestiet, erges op 'e weareld. Dat ik werom wol nei de tiid fan de farao's, dêr't dynastike ynsest wenst wie, in houlik tusken broer en suster sels needsaaklik achte waard.
Sjoch ús sitten, elk op in rynsk fersierde troan, yn in lang, wyt gewaad. Har hân rêst op mines. Us leafde soe hyt as de sinne wêze, skroeie as de skyn fan Ra sels.
Albert syn lûd galmet troch de bosk. Hy smyt him op as spoarsiker en paadwizer, no't de rest, op Rixt en Esther nei, nijsgjirriger oanslach fûn hat. As in dompteur moannet er ús links en rjochts, fitert ús oan, hy wol as earste binnen wêze. Earst is 't my likefolle, mar nei ferrin ha 'k der argewaasje fan. Albert is in sukkel, seit Aleida, moatst him gewoan gewurde litte. Se lûkt my fan 't paad en giet mei de rêch tsjin in beam oan stean. Kom, flústert se. Wy frije, en wilens triuwt se in hân ûnder myn trui, it T-shirt; wriuwt oer myn rêch. Mei de oare hân strykt se my oer 't krús. Ik bin rûzich yn 'e kop, oansketten fan opwining; en dizze kear wol ik mysels ferjitte, folslein opgean yn it momint, net mear neitinke.
Unhandich mar beret rop ik har it shirt út 'e broek en lis de hân op it bleate fel. Se huveret, de spieren fan 't liif spanne. Ik wrot de hân omheech, en fiel foar de twadde kear in famkesboarst. Begearich lit ik de fingers deroer dwale, ûntbleatsje de spien troch de beha wat nei ûnderen te lûken.
Fan fierrens hear ik Albert balten, hy wol oanmeitsje. Yn in refleks luk ik de hân werom, mar Aleida krijt my by de pols, twingt my nei ûnderen, yn 't krús. Se himet, seit trochgean. Ik meneuvelje mei har broek, krij him net iepen;
| |
| |
wêrnei't se de knoop sels los makket en de rits nei ûnderen skoot.
Sachte lûdsjes makket se as ik har fenusheuvel betaast, hoeden in finger tusken har fochtige lippen triuw. Toe mar, seit se, dêr, in bytsje heger, ja. Ik wit amper wat ik doch, fingerje har, oant se hommels troch de hoksen sakket en myn broek iepen ritst. It fielt as in befrijing, mar tagelyk wurd ik kjel. Wat dochsto, sis ik, wol har omheech hise, mar foar't ik dat dwaan kin nimt se my yn 'e mûle en begjint my ôf te sûgjen.
Yn seksbledsjes fan Riemer syn broer ha 'k wol sjoen dat it dien waard. En no gebeurt it my. Ik fyn it sjenant, wol dat se dermei ophâldt. Mar ik lynje mei beide hannen tsjin 'e stam, ha de eagen ta, de mûle iepen. Alles ferrifelet my: de faasje dêr't it mei gebeurt, it twingende, waarme sûgjen; myn bûtenwenstige geilens.
Al nei in pear tellen fiel ik it sied kommen, hyt en net te kearen. Mei in flugge beweging fan 'e heupen skuor ik my los, en sjit it sperma yn ferheftige, einleaze snjitten oer de klamme boskgrûn.
Triljend op 'e skonken doch ik myn broek ticht. Aleida slacht de earmen om my hinne. Ik jou har in tút, priuw mysels yn har mûle. ‘Wie it lekker?’ freget se. Ik knik, wol wat sizze; mar se krijt my by de hân en seit, no ris sjen oft wy de rest fine kin.
It blykt net dreech om 'e groep yn te heljen, eins binne se net iens sa fier út 'e roai. Nuver, foar myn gefoel binne wy oeren fuort bleaun.
Allinne Albert is grimmitich as wy opdaagjen komme.
‘Sa wurde wy noait earste,’ klaget er.
‘Dêr giet it ek net om, bêste jonge,’ seit Riemer. It fanke dat
| |
| |
tsjin him oanlinet sjit fuortendaliks op Aleida ta. Se gichelje. ‘It giet derom dat wy it gesellich ha, inoar kennen leare en sa. Wat dat oanbelanget dogge wy echt ús bêst wol’
Rûnom wurdt nokkere. Snúfkjend draait Albert him om en set de stap deryn.
As in kolonne paradearje wy fierder. Foarop de stúmkjende Albert, twa stappen dêrachter folgje Esther en Rixt, dêrnei Riemer en ik. De achterhoede wurdt foarme troch Aleida, Berber, Harm en Akkelyn.
‘Hoe is 't mei myn maat?’ seit Riemer.
‘Goed. Leau 'k.’
‘Leau 'k?’
‘Ja. Nee. Jezus, hoe sil 'k it sizze...’
‘No?’
‘Mei Aleida, niiskrekt,’ ik timperje myn lûd, ‘se hat my, no ja, se hat my ôfsûgd.’
As troch in bij stutsen keart Riemer him nei my ta.
‘Mienst net.’
‘Echt. Ik lek noch nei, alles plakt.’
‘Ferdomme man, geweldich! Of net?’
‘Ja... Witst, eins woe 'k it net, net op dy manier, it is sa...’
‘Wat? Wat is it?’
Yntym. Fulgêr. Alderferskuorrendst lekker. It hie gewoan net moatten. Net no. Net mei har. Wol mei har. Ik wie geil. Miskien wurd ik ferlyfd op har.
‘Lit mar.’
‘Nee, net lit mar! Fertel!’
‘It is... Ik tocht dat ik stjerre soe, sa lekker wie 't.’
‘Sjoch! Dat kin net oars!’ Riemer brimket tefreden. Temûk sjocht er oer 't skouder, freget: ‘En doe'st klear kaamst, hat se doe...’
| |
| |
‘Bist mâl! Nee, ik ha 'm derút lutsen en gewoan...’
Sels yn 't tsjuster fernim ik dat Riemer my fol bewûndering op stiet te nimmen. Om de oandacht ôf te lieden freegje ik hoe't it him ferrûn is.
‘Goed. Mar net sa bêst as mei dy. Bliid datst meigien bist, tink?’
Ik fertel him fan it wjerfarren mei Rixt. Hy skodhollet, mar makket der gjin grapkes oer. Hy ken har, wit dat se okee is.
‘Moatst earlik tsjin har wêze,’ seit er, ‘dat kin se wol ha.’
Ik ha noch noait sa'n frjemde jûn meimakke. It liket wol as wurd ik de lêste tiid meinaam troch in woeste stream, en kin ik my nerges oan fêstklampe. It is in neat net noflik gefoel.
Krapoan in healoere letter binne wy teplak. De ljochten fan De Stripe glânzje útnoegjend. As wy it kafee yn komme wurde wy mei in protte hún en kommentaar ûnthelle: wy binne de lêsten. Utsein Albert makket net ien fan ús groep him dêr drok om. Wy sette ús oan 't sop, wylst Lukas en Janny in praatsje ôfstekke. Se sizze elkenien tank, en jouwe oan dat wy uterlik healwei ienen yn 'e bus sitte moatte.
Nei't wy noch wat slaadsje iten ha, jouwe wy ús ûnder de minsken. Guon sitte oan 'e bar, oaren, benammen de froulju, binne oan 't dûnsjen. Tafels en stuollen stean oan 'e kant, sadat der wat romte is. De man achter de bar hat in bantsje opset. Stones, Long Tall Ernie, Suzi Quatro; lang net ûnaardich. Frjemdernôch binne de spantsjes, dy't har yn 'e bosk foarme hiene, no wer ienlingen. Riemer stiet teminsten mei in oar te praten, Harm en Akkelyn lyksa. Sels sykje ik om Rixt. Riemer hat gelyk. Ik moat gewoan earlik wêze. Ik rin in slach om 'e bar. Se stiet te praten mei in jonge út D*. Hy pakt twa glêzen fan 'e taap, jout har ien, leit
| |
| |
hoeden de earm om har hinne. Se proaste. Ik draai my om, fiel my ferromme. En in bytsje nitelich. Se is my ferrekte fluch fergetten. Wat nerges op slacht, sa'n gedachte. Mar it hiele libben slacht nerges op, dat wurdt stadichoan dúdlik.
|
|