| |
| |
| |
II
| |
| |
1
Riemer is net thús. Mei syn heit op en út. Wy hiene ek net ôfpraat, net earder as jûn, mar ik moat wat dwaan, moat mei ien prate, laitsje, raze byneed. Ik brûs fan enerzjy, sels nei fan 'e moarn mei 't swimmen, doe't de trener my ôfremje moast. Do bist dy oan 't forsearjen, sei er, ophâlde, aansten krijst lêst fan 'e spieren.
Hjoed flean ik. Myn lichem is in ophise bist, it hert in tiidbom. Wêrom is myn maat net thús? Hy is dejinge mei nuvere, wylde ynfallen. Ik ha der sin oan om gekke dingen te dwaan, en no stean ik der allinne foar.
It is kâld, mar helder waar. Ik slach de skonk oer 't seal en fyts nei 't doarp. Rêstich is it dêr, fierstente rêstich. As ik by de kapper op 'e hoeke bin, falt my it each op 'e sigaretteautomaat. Oan no ta ha 'k net rookt, ek al hat Riemer my wittefaak syn pakje sjek foarhâlden. Yn in hommelse oandriuw stap ik ôf. Ik helje de beurs foar 't ljocht en tel de sinten. Ratteljend ferdwine se troch de skreef. Mei in hoart lûk ik it laadsje iepen. Ik fiel my skuldich. En opsternaat. Rimpen krij ik it pakje derút, skuor it iepen en stek in sigaret tusken de lippen. Gjin fjoer. Even ha 'k oanstriid om it rokersguod fuort te smiten, mar hjoed bin 'k net ferstannich, net nochteren en fral net dwaande mei moarn, oaremoarn, letter.
By de winkel keapje ik in fjoeroanstekker en in pakje kaugom. Veenstra, de baas fan 't spul, freget hoe't it mei my giet. Goed, sis ik, goed. Oan syn meneuvels sjoch ik dat er it him wol oan tiid docht om in praatsje te meitsjen, dus stek ik fluch de hân op, it bêste, en stap nei bûten. Dêr, mei
| |
| |
de rêch nei de wyn en in bytsje út it sicht, stek ik myn earste sigaret oan. Wylst ik ûnwennich de reek nei binnen sûch en hurd wer útblaas, betink ik wat ik dwaan sil. Om doelleas yn 'e rûnte te fytsen hat gjin sin, mar ik wol ek net thús omhingje. In frachtauto dinderet foarby, rjochting W*. tir stiet achterop in buordsje. Ik eagje it fehikel achternei. Pake Hilbrand en beppe Gelske wenje yn W*, yn fersoargingshûs Greidesicht. Alwer in stikmannich jierren. Oerdeis rêdt beppe mei de âld man, moarns en jûns helpe de susters him fan en op bêd. Wy komme der net sa faak, alteast Fardou en ik net, ha mei har lang sa'n yngeand kontakt net as mei ús oare pake en beppe.
Ik wit wat my te dwaan stiet. Mei de sigaret nonsjalant yn 'e mûlshoeke stek ik ôf. W* is mar sân kilometer fytsen, in skyteintsje.
Krapoan in healoere letter bin ik teplak. Nei it plaknammeboerd kom ik earst de notariswente fan Mr. dr. H.J.C. Seinstra foarby, en dêrnei de praktyk fan dokter Remkes, in grut en tsjuster hearehûs mei smelle gongen en lytse keamers. Ien kear ha 'k dêr binnen doarren west, doe't ús eigen dokter te kreamheinen wie, en ik mei in fûleindich bliedende sneed boppe de wynbrau holpen wurde moast. In aardige man, dy Remkes. Yn myn eagen doe al âld, mei syn griis rinkje hier om 'e fierders keale plasse, de fine tearen yn 't gesicht, de lytse tosken, gielich-brún fan 't piiproken. Hy wie ek skilich, wat my op ien of oare manier tige op 't gemak stelde. Noch fiel ik de druk fan de sêfte, mar twingende fingers op 'e foarholle. It hechtsjen gie sûnder ferdôving, mar die my net sear. Ik hâlde der in lytse groede oan oer, dy't ik altemets grutsk yn 'e spegel bewûndere.
As ik troch de Moppenbuert fyts, hear ik yn 'e fierte in
| |
| |
jûchhei; foar 't neist in doelpunt fan 'e thúsklup. Fuotbal seit my hielendal neat. Guon út ús klasse ha oars gjin praat: Feijenoord, Ajax; Cruijf, Neeskens, Van Hanegem. It sil wol. Njonken swimmen en boksen kin inkel hurdfytsen my bekoare. Dy lju moatte it allinne dwaan, allinne folbringe, ûnder alle waarsomstannichheden en op alle terreinen, fan glysterige balstientsjes yn België oant hege, keale berchtoppen yn Frankryk.
Fia de Klokstrjitte en de Hoarnen bedarje ik rjocht foar de yngong fan Greidesicht oer. In blokkedoaze mei ruten, iepen finzenis. Ik stap ôf, set de fyts yn it rak en helje de hannen troch it hier.
Der kroasket in mantsje foarby, krûme rêch, krûme skonken, krûme noas. De klep fan syn pet leit op 'e boppekant fan 'e bril. As ik him taknik en middei sis, antwurdet er net, mar stekt er de stôk omheech, as in ekwivalint foar earm, hân, finger. Foar stim.
Op dat momint begjin ik te wifkjen, foar 't earst dizze dei. Wat doch ik hjir? Kom ik foar har, of foar mysels? No't ik deroer neitink, is it ek wol wat sjenant. Ik hie se fansels folle earder en folle faker opsykje kinnen. Aansten stean ik oer de flier en seit beppe, wat dochsto hjir? Wat moat ik dan antwurdzje? Skamte bekrûpt my, mar foar't ik der oan tajaan kin set ik op 'e glêzen doarren ta en gean deryn.
Yn 'e hal hinget in boerd mei de nammen fan de bewenners en it nûmer fan harren keamer. Ik sjoch dernei, wylst ik wol wit wêr't ik wêze moat. Earste gong rjochts, nûmer fjouwer. Njonken de trep nei de boppelizzende ferdjippings sit in ploechje manlju te praten. As ik dy foarbyrin, sjogge se my op en del oan. Utsoarte fiel ik my in ynkringer, in bûtensteander dy't eins it rjocht net hat om hjir te wêzen.
| |
| |
It praat falt even stil, mar as ik de hoeke om bin jeuzelje se wer fierder. Se ha it grif oer my, dy opslûpene jonge dy't se net kenne, of wachtsje ris, ja, ik leau dat ik him dochs wolris sjoen ha, is 't net in pakesizzer fan dy en dy?
De op ien nei lêste doar. Hy stiet in bytsje oan. Ik druk op it beltsje en rin troch. Der komt gjin reaksje. Ek de doar nei de keamer stiet oan. Ik jou twa koarte tikken op it glês en triuw him fierder iepen.
Pake is der. Hy sit mei de rêch nei my ta yn 'e stoel nei bûten te sjen. Stil is it, men heart inkel it smûgjen. Ik bin der net wis fan oft er my fernaam hat, dus rop ik foar de wissichheid ‘Ha pake’, en sko yn syn eachweid.
De holle beweecht net, mar mei de eagen nimt er my op. Ut 'e linkermûlshoeke rint in glinsterjend strieltsje flibe. Op 'e tafel leit in bûsdoek. Moat ik him it kin droechfeie? Of soe er dat ferfelend fine? Ik ha 't heit wolris dwaan sjoen, in koarte draaibeweging en in streekje nei. Mar dat is heit en ik bin in snotbongel. Hastich krij 'k de bûsdoek fan 'e tafel en fei him it kin ôf. Dêrnei pak ik in stoel en gean foar him oer sitten.
‘Dêr wie ìk,’ sis ik, ‘hie pake net tocht, hin?’
De klok tikket, op 'e gong hear ik susters foarby kommen, se laitsje.
‘Dus beppe is der net. Even de gong del, tink?’ Hy sjocht wer by my lâns, nei bûten ta, de fûgels, it wiuwen fan 'e beammekrunen. It falt my op hoe read en wetterich de eagen binne, as sit er stilwei te gûlen. De lêste kear dat ik him seach wie dat lang sa slim net. Alderdom? Of soe 't mei syn euvel te krijen ha?
‘Ik pak even wat te drinken ut 'e kuolkast,’ sis ik tsjin him. As ik de doar iepenlûk, lizze dêr de twa wenstige flessen:
| |
| |
7-Up en cola. Beide sûnder koalsoer fansels, mar de toarst is grutter as myn ôfgriis. Mei de flesse 7-Up yn 'e hân rin ik nei it keukentsje, fandelje in glês út in kastke en loer om it hoekje fan 'e doar. Noch gjin beppe te sjen. Ik jit in glês fol, drink it op en jit der noch wat yn. De flesse lis ik wer teplak.
Stadichoan wurd ik ûngeduerich. De sitewaasje begjint my op 'e senuwen te wurkjen, en op 't selde stuit fiel ik de enerzjy en de sljochtens wer oanboazjen. Ik bûch my nei him ta en flústerje: ‘It giet goed mei my, pake, echt goed. Heit en mem binne optein oer myn skoallerisseltaten, hoewol't it oer 't generaal it ôfrûne healjier al minder wurden is. Fierders bin ik alle dagen oan 't swimmen. Op 'e klup bin ik ien fan 'e bêsten. Eins de bêste. Takom maitiid sil ik meidwaan oan 'e Provinsjale Kampioenskippen. Fardou sit ek op 'e swimklup. Sy is ek hartstikke goed. Heit is slim ynnaam mei ús sportive aktiviteiten, mar mem wat minder.’
‘Wat seit pake? Freonen? Ien. Better ien echten as fiif sabeare, wat seit pake? Riemer hjit er. Ik kin alles mei him beprate, fansels net sa as mei pake, mar hast likegoed. Hy leart my ek allegear dingen. Oer popmuzyk, bygelyks. Wy bin grut wurden mei klassyk, dat sil pake wol witte, mar hy hat my hearre litten dat der mear is as Beethoven en Bach. Sa leart er my ek brommerriden. Nee, ha gjin noed, gewoan by har op 't hiem. Hy hat in âld Kreidler, fan syn broer west, en dêrmei skeure wy de reed op en del. Fyn ik moai. Ik hâld fan dy benzinegeur, fan it giseljen fan 'e wyn om 'e kop. Mar ho, pake moat net tinke dat der fierders neat by sit, by Riemer. Hy lêst. Ut himsels. Goeie boeken. Sels gedichten. It gebeurt wittefaak dat er seit, moatst dit ris lêze, of dat. Mem mei Riemer ek graach lije, mar net allinne dêrom. Hy
| |
| |
is flot, ynnimlik, giet maklik mei minsken om. Hiel oars as my, as ús, moat ik miskien wol sizze. Want pake wie ek in stûfenien, in stânfries, sa't heit dat wol omskreau. It sil it laach wêze.’
‘En fammen, pake. Dêr bewûnderje ik him om. Hy hat al tûzen kear in skarrel hân, en as er it útmakket binne se net iens lulk op him. Ik begryp net hoe't er it hat. Dochs lear ik fan him, ek op dat mêd.’
Noch tichter bûch ik my nei him ta. Hy heart my, ik bin der wis fan dat er my heart. En begrypt. Ik sjoch it oan syn eagen, moksels yn in skulp fan wetter.
‘Troch syn inisjatyf ha ik al in pear kear mei in famke op stap west. Ik ha útfûn dat se my ek aardich fine, fammen. Se wolle graach mei my frije. Yn 't begjin hie 'k dêr noed mei, hoe't dat no krekt moast en sa. Hat pake dat froeger ek hân? Mar it giet fansels, je hoege der net by nei te tinken.’
‘Krekt as ferlyfd wurde. Want dat bin ik. Smoarferlyfd. It kaam my oer. Earst wist ik net wat der gebeurde, sa nuver fielde ik my. Mar doe't ik de tiid naam om it op my yn wurkje te litten, en earlik tsjin mysels te wêzen, doarde ik it te beneamen. Hielendal doe't Riemer sei dat ik nedich nei de dokter moast, om't ik neffens him net doogde.’
Ik krij in ûnbetwingbere lust om yn laitsjen út te barsten.
‘Ik dooch net, pake. Wier net. Om't ik ferlyfd bin op it himmelste en leafste fanke fan de hiele weareld. Dêrom dooch ik net. Pake begrypt net wêr't ik my sa drok oer meitsje? Mar ik bin ferlyfd op ús Fardou. Myn suster.’
No moat ik ophâlde, oerein gean en de doar achter my ticht dwaan. Mar de hikke is fan 'e daam, ik kin de wurden net keare, readgluorjende koallen op 'e tonge. En is 't hjir
| |
| |
net feilich, kin it hjir net lije, yn dit sammelplak fan geheimen, yn it bywêzen fan dizze âlde man, finzen yn syn eigen lichem?
‘Do doochst net, sei Riemer lêsten, wat skeelt dy dochs? Doe moast ik my bedimje, oars hie 'k alles derút smiten. Der binne dagen, pake, dat ik op wolken rin, dat ik mysels lokkich priizgje om't ik sljocht bin op ien dy't alle dagen tichtby is. As ik mei har praat, wurd ik gewoan weak yn 'e knibbels, wit ik amper wat ik sizze moat, slacht it hert sa fûl dat ik it idee ha dat it op 't hiem te hearren is. Mar der binne ek oare dagen, mominten dat ik folslein net mear wit hoe't it fierder moat, wêr't it hinne sil. Dan fyn ik mysels ûntaarde, in útwaaks fan 'e natuer.’
‘Ik ha it wurd ynsest yn 'e ensyklopedy opsocht, de offisjele omskriuwing foar myn ôfwiking. As in dief yn 'e nacht. Sa wit ik no dat it ek bloedskande neamd wurdt. Achter de komma stie: Geslachtsferkear tusken persoanen dy't fanwegen harren sibskip gjin houlik oangean meie. Ik kin it wol dreame. Soms doch ik dat ek, dreame. Of nee, eins mear fantasearje. Stel ik my foar hoe't it wêze sil om har lippen op mines te fielen, har oan te krûpen en te fertellen hoe sljocht ik op har bin, dat ik it net ferneare kin dat se net by my is. Sis it my, pake. Bin ik in bist? Hear ik yn in gesticht? Pake?’
De holle begjint him te tynjen. Ik tink dat er my oansjocht, mar dat is net sa, hy sjocht dwers troch my hinne. As in ûnmachtige, meunsterlike baby begjint er lûden út te stjitten, uh uh, uh uh, hieltyd driftiger, mâler. Mei de rjochterhân slacht er op 'e leuning fan 'e stoel. Flibe rint him oer 't kin, makket it boardsje fan syn oerhimd wiet. Ik wurd kjel. Wat gebeurt der?
Hastich sko ik de stoel achterút, krij him by 't skouder.
| |
| |
Pake, sis ik, kalm oan. Hy lit net blike dat er my fernimt, begjint noch lûder te stinnen, mei de hân te bûkjen. It hert slacht my yn de kiel. Is er oerstjoer fan myn bekentenis? Of soe er faker fan dizze oanfallen ha? Ik wit net wat ik dwaan moat, ha oanstriid om him trochinoar te skodzjen, te razen dat er ophâlde moat.
Nochris besykje 'k om him del te bêdzjen, mar neat fan wat ik doch kringt ta him troch. Hy stjert, tink ik wanhopich, hy giet dea dêr't ik by stean. Myn skuld. Wat no? Beppe is der net. Ik moat op in knopke drukke, om help freegje. Mar ik druk net op in knopke, sykje der net iens om, strûp inkel myn spikerjekje oan en trêdzje de keamer út, mei in kjellens dy't my de siken benimt.
Mei't ik de gongsdoar ticht doch, hear ik noch it dompe, ritmyske slaan. Sels yn 'e hal, dêr't de praters fan earder ferdwûn bin, sit it my achternei. Ienris bûten wit ik net hoe fluch oft ik fuort komme moat. Bleate, rauwe eangst hat my yn 'e besnijing, ik fyts en fyts en fyts, reitsje achter de pûst mar set troch, bang dat as ik ynhâld it nijs fan pake syn ferstjerren my ynhelje sil, fan 'e fyts slaan as in stoarmwyn en ferpletterje.
|
|