Fabryk
(1995)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdUtjouwersskiednisNeffens in oantekening fan M.K. Scholten op it flmd soe Riemersma it manuskript earst oan útjouwerij Miedema oanbean hawwe, en soe dy der doe mei by it bestjoer fan De Fryske Bibleteek kommen wêze, mar dat kin hast net, want it boek wie pas op 23 desimber klear en moast doe ek noch bywurke wurde, en al op 27 desimber hie Riemersma mei ien fan de samlers fan dfb, Klaas Dykstra oerlein en him en in oare samler, Dam Jaarsma, in typt eksimplaar tastjoerd. Dykstra en Riemersma sels heucht ek net oars as dat der fuort kontakt tusken har west. Ik gean der dêrom fan út dat Fabryk net by in útjouwer oanbean is, mar by in boekeklub, en dat is op himsels wol bysûnder. De Fryske boekeklubs stienen doe lykwols wakker yn de belangstelling. Krekt yn dy tiid hienen se troch ledewin-aksjes mear leden as ea earder of letter. Der wienen destiids twa fan dy boekeklubs yn Fryslân, de kristlike kffb en de neutrale dfb. It ferskil tusken dy twa wie net altyd like dúdlik, want it kaam wol foar dat se wurk fan deselde auteur útjoegen, mar oer it algemien wie | |
[pagina 171]
| |
dfb dochs moderner, en seker sûnt 1962 waard de kffb as literêre klub net mear serieus nommen. Dat jiers nammentlik wie yn de krityk de balâns opmakke en de skieding tusken literatuer en lektuer eksplisyt makke. Miskyn lei it oan alle drokte om dy klubs hinne dat Riemersma earder as oan in útjouwer oan ien fan har tocht doe't er it boek ôf hie. As winner fan de Rely Jorritsmapriisfraach dy simmers, wist er fansels persoanlik fan de aktiviteiten fan dfb (hy hie noch in fraachpetear mei de foarsitter, Wouter Zwart, yn De stim hân), en fansels wist er ek, lykas elk, hoe't dfb doe libbe, mei syn moanneblêd De Strikel en syn spektakulêre ledewinst as gefolch fan de hûs-oan-hûsaksje fan Liuwe Pietersen en Zwart. Krekt yn de tiid dat syn manuskript sawat ôf wie, hold dfb trouwens in grut feest yn de Harmonie om har fjirtichjierrich bestean te fieren. Boppedat koe er ek witte dat dfb finansjeel yn steat wie om flot in Frysk boek út te bringen. Mar wat er net witten hawwe sil, wie dat dfb wol graach ris sels in boek útjaan woe, sûnder dat it har taskood waard troch útjouwers dy't der gjin brea yn seagen. It wie nammentlik net sa dat dfb mar de romte fan kar út nije manuskripten hie. Wat de Bibleteek útjoech, kaam eins altyd binnen fia in útjouwer, Laverman meast en inkeld ek Osinga. Fabryk sil dan ek grif yn dfb-fermidden wol sjoen wêze as in mooglikheid om it byld fan in ferjonge en frisse klub wier te meitsjen. Boekeklubs hienen doe ek noch in taak. It útjaan fan Fryske boeken wie yn 1963 noch in nuodlike saak. De skriuwers krigen dat jiers foar it earst in saneamd addisjoneel honorarium, mar útjouwerssubsydzje wie der doe noch net. In Fryske útjouwer koe destiids om jild nei trije ynstânsjes: Je Maintiendrai, de Fryske Akademy en it Anjerfûns, en foar literatuer kaam miskyn allinnich de earste yn 'e beneaming. Gjin niget dat útjouwers de help soch- | |
[pagina 172]
| |
ten fan boekeklubs: de kffb hie in nauwe bân mei Osinga te Bolsert, Laverman yn Drachten mei De Fryske Bibleteek. Hoe't it no kaam dat dfb foar Fabryk net by Laverman bedarre (Osinga kaam wol net yn de beneaming, yn dy syn fûns soe it net past hawwe), mar by de jonge útjouwerij Miedema te Ljouwert, is net rjocht mear nei te gean. Miedema wie yn 1962 begongen mei it útjaan fan Fryske boeken en hie fuort al in aardich fûns opboud. Miedema woe wol wat, en it wie moai dat der wer in nije útjouwerij by wie, sa sil it wol sawat sitten hawwe. Laverman skynt yn alle gefallen net frege te wêzen troch dfb. It wie trouwens ek net it earste dfb-boek fan Miedema. Miedema hold it boek yn syn fûns doe't it werprinte waard. It wie ommers syn boek, want dfb naam allinnich mar in oantal ôf. Dat wie ek fuort oan de earste útjefte al te sjen, want bûten de eksimplaren mei in dfb-fynjet en -nûmer kamen der ek guodden dêrsûnder (en foar eigen rekken fan de útjouwer) út. Mar yn 1972 rekke Miedema faillyt. De rjochten foelen doe frij en as lid fan de ûnderwilens oprjochte Koperative Utjowerij (1970) keas Riemersma der fansels foar om it dêr by ûnder te bringen. | |
Utjeften en tallen eksimplarenUnder útjeften ferstean ik hjir printingen, en dan ek noch sokke printingen dy't as sadanich oantsjut wurde. It is net maklik te sjen oft dat ek echt altyd nije printingen binne. Oan de ôfdrukken fan de letters te sjen binne de earste trije wier set, de fjirde en de fyfte lykje offset. Mooglik binne de twadde en de tredde fan deselde oplage as de earste en yn dat gefal hat de útjouwer syn reden hân om net alles as ien kear op 'e merk te bringen. De offset fan de fjirde en de fyfte giet grif ek werom op it materiaal fan | |
[pagina 173]
| |
de earste. De earste printing krige in omslach dat nei tritich jier noch modern oandocht, ek al is it dan de saaie kant neist, sa't Meerburg yndertiid al opmurk. It wie destiids wat nijs, yn seefdruk en plastifisearre. Der stiet yn it swart in jongeman op mei de rêch nei jin ta en yn read en wyt dûnset yn grutte letters it dûbeld printe wurd ‘fabryk’ skean boppe syn holle. It sil wol mei sin dien wêze dat der fierder neat mear op stiet, ek gjin skriuwersnamme dus, allinnich hiel ûnopfallend noch it fynjet fan de útjouwer. It papier dat foar de tekst brûkt waard, hat te guodkeap west, en dat is no dan ek al aardich giel wurden. It boek ferskynde yn 1964 by de Boekewike yn it begjin fan oktober en wie nei oardel wike al útferkocht. De oplage wie 2200 eksimplaren, dêr't dfb in lytse 1500 fan ôfnaam. Yn novimber folge in twadde printing, dy't ek yn in goed wike fuort wie. De tredde printing, dy't yn juny 1965 útkaam (al stiet foaryn de fjirde dat it yn jannewaris wie), rekke yn oktober 1966 útferkocht. dfb naam dêr nochris 270 fan ôf, grif foar nije leden. Yn 1965 kaam by Nijgh en Van Ditmar ek in oersetting (fan Rudi Boltendal) yn it Nederlânsk út. De totale oplage fan de earste trije Fryske printingen wie 5000. Dat wie doe foar Fryske begripen in hiele protte. Allinnich De smearlappen fan Wadman hie yn deselde tiid noch mear: sa'n 7000 yn de earste twa jier nei ferskinen. Fuort foar de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis ferskynde de fjirde yn septimber 1967. Der waard in strypke op de Frânske side by ynplakt mei - yn grutte reade letters - de wurden: ‘bikroand mei de Gysbert Japicxpriis 1967.’ De oplage is net bekend. Ein 1967 waard al de fyfte druk oankondige, mar dy soe net earder ferskine as yn 1976. Dat wie net mear by Miedema, mar by de ku. De oplage wie doe 1500. Oan de ein fan de jierren tachtich ta waarden dêr jiers sa'n hûndert fan fer- | |
[pagina 174]
| |
kocht, doe dripke it oant 1992 noch in pear jier nei mei de lêsten. Dizze sechste printing ferskynt yn in oplage fan 1000 eksimplaren. | |
TekstfersoargingDe útjeften ferskille net fan elkoar. Sels de printflaters binne oant yn de fyfte ta stean bleaun. Yn dizze sechste útjefte is fansels besocht om dy der út te krijen. Ek binne twa oare flaters ferbettere (‘ik’ yn stee fan ‘er’ yn de lêste sin fan it haadstik ‘er zit een hond...’ en ‘mastodont’ foar ‘mastadont’), mar fierder is der op de omstavering nei oars eins neat oan feroare. Bûten in pear diakrityske feroaringen (‘...’ is ‘...’ wurden, aksintuearre wurden ha ien of by twa fokaaltekens twa streekjes efteroer krigen) is it iennichste noch dat in pear foarmen lykstrutsen binne: it is hieltyd ‘woenen,’ ‘hienen’ ensafuorthinne wurden, ek as de slot-n der (inkeld) net stie; ‘heare’ is ‘hearre’ wurden, omdat dat lêste faker foarkaam, ynstee fan ‘rim,’ ‘rimje’ om deselde reden ‘rem,’ ‘remje’, en sa ek ynstee fan ‘kistje’ altyd ‘kistke’ en foar ‘keardel’ altyd ‘kearel’.
Ph.H. Breuker | |
TaheakkeHjir folget it skriuwerskommentaar dat hjirboppe ûnder ‘Untstean, yntern’ neamd wurdt. Yn it hânskrift sa't dat nei de samlers fan De Fryske Bibleteek gongen is, makket it diel út fan it ien nei lêste haadstik. Dat haadstik hjit ‘Stow away from boiler, use no hooks’ en bestiet fierder noch út de ferneatiging troch de ik fan de deamasine. Yn | |
[pagina 175]
| |
it boek is fan dat haadstik oars net oer bleaun as de lêste oardel bledside fan it ien nei lêste haadstik dêr, fan ‘Ik trille oer alle lea...’ ôf. Op dat stik folget dan yn it manuskript sûnder fierdere oergong it neikommende (omstavere) kommentaar.
Achte lêzer,
It liket my op dit stuit winsklik it ferhaal te ûnderbrekken, net te'n gerive fan jo, mar om't ik der sels ferlet fan haw myn plak yn dit boek en myn ferhâlding ta de haadfiguer fêst te stellen. Dy wizânsje mei ûngebrûklik wêze, jo moatte it mar foar leaf nimme. Ik twivelje oan dizze figuer - ‘de man fan Syts’ sil ik him mar neame. Dy twivel hat sûnt it tredde, fjirde haadstik net by my wei west, mar om't it ferhaal noch oan it begjin stie, en der jit fan alles barre koe, haw ik my doe stilholden. Yn it achtste haadstik iepenbiere hy nammers in part fan syn gefoelslibben dat my oanspriek, en syn yn 'e lytse loege-posysje yn haadstik njoggen ûnderfûn ik as wier. Ik koe my identifisear je mei de man fan Syts. Ik mis lykwols yn dit ompankoekbakjen mei it eigen ‘ik’ de irony, it ôfstân-nimmen, it objektivearjen fan it eigen gemoedslibben. De man fan Syts kin himsels net troch de eagen fan in oar sjen, dêrfandinne dat hy himsels noait ferfelend, egosintrysk of belachlik fynt. As er àl besiket himsels te sjen, dan kiest er de posysje fan in oar ik, in ik-yn-'t-kwadraat. Men kin him karakterisearje as in ik-ik-figuer, en hy docht oan wat it Ingelske jonkje neamde me-and-me-business. Neist de selsirony mist er it fermogen om te genietsjen fan de gewoane dingen fan it libben. Hy hechtet gjin wearde oan in goed bakje kofje, oan in moaiwaarpraatsje mei immen, oan in lekker mieltsje bakte jerappels. Dy tû- | |
[pagina 176]
| |
zen en ien lytse dingen, dy't bydrage ta in oar syn lok, rint de man fan Syts oan foarby. Nei syn ferhâlding ta himsels en de dingen, dy ta syn meiminsken. Syn houlik, it meast yntime moetingsplak fan minsken, liket my net botte lokkich, en by syn posysje yn de mienskip kin men wol prate fan in konflikt. De man fan Syts redusearret de mienskip ta massa, en yn syn ferbylding groeit de massa út ta in mûnster dat it ivich en erflik op him foarsjoen hat. Foar guon yndividuen kin er wol wurdearring opbringe, mar hja bliuwe likegoed eksponinten fan dyselde massa. Fan Sybesma seit er bygelyks dat it in goeie kearel is en in bêste maat, en dochs in fijân. Hjir makket er in tsjinstelling dy't ik persoanlik net nim: as er Sybesma as in fijân ûnderfynt, moat er him net sympatyk neame, dat is gjin fair-play. Dit is ien fan de punten dy't myn twivel oangeande it earlik spul fan de man fan Syts wekker roppen hawwe. De man fan Syts lit oan efterfolgingswaan, elkenien moat him altyd ha, alle minsken smeie plannen tsjin him. Hy libbet yn fijannelik gebiet en ferwachtet alle mominten oanfallen te wurden. Elk wurd en elke hanneling kin in persoanlike driging foar him ynhâlde. Dat de man fan Syts yn dizze ladene sfear net ta agressy komt, is allinne te ferklearjen út it feit, dat hy dêr gjin genôch ynhouten ta hat. Hy eamelt út en troch oer it al of net hawwen fan it rjocht - hy soe dat dan net hawwe, en oer it feit dat hy leaver ferlieze wol as oerwinne. Oan syn filosofy ken men de man: hy makket gjin kearel út. Mar oft men syn miening au serieux nimt of net - sa gek is dy ek wer net, Kristus hat ek sein dat de grutste tsjinst oan de mienskip de selsmoard is - dat makket net folle út, as de man fan Syts der sels mar frede by fynt, en dat is nèt sa. Wer sa'n ûnearlikheidsje: hy beliidt syn leauwe yn de selsmoard en wrokket ûndertusken stilwei fierder tsjin de mienskip. | |
[pagina 177]
| |
Dat er ynkonsekwint is, hat er nammers sels ek wol yn 'e rekken - hy is net sa dom as er foarjout te wêzen - en hy moddert troch yn it probleem moard of selsmoard. Syn gewisse kiest it lêste, syn driuw om te libjen it earste. En dan fynt er in grandioze oplossing: hy ropt himsels út ta Apostel Fan In Bettere Wrâld. No kin er syn agressy nei hertsbegearen útlibje ûnder it motto: foar de mienskip tsjin de mienskip. Mar is it gewisse wol oertsjûge, fret noch net earne de wjirm fan de twivel? Jawis; it is sa lestich dat men jinsels altyd troch hat, fersuchtet de man fan Syts, en hy stampt fuort in nij filosofytsje út 'e grûn om syn konsjinsje it swijen op te lizzen: De keunst fan it libben is jinsels in rêd foar eagen te draaien. Hjirmei is de wei seedlik frij, en it komt no oan op de moed om de died út te fieren. Dat it him yn normale tastân oan dy moed ûntbrekke soe, hie de man fan Syts wol yn 'e rekken en dêrom is er lang fantefoaren al begûn mei oerspand te wurden. Yn dy gemoedstastân pas slagget it him de fijân út te skeakeljen - in fijân dy't nammers allinne bestiet yn syn fantasyen, hy oerwint in drôchbyld. Wit de man fan Syts dat hy yn 'e oerspandheid flechte is, en dat hy yn dat gefal in skynoerwinning behelle hat? Hat dizze nachtmerje in suverjende wurking hân, sadat er no better mei syn evenminsken oer de wei kin? Wa is de man fan Syts? Dy fragen bespringe my, no't ik it lêste haadstik skriuwe moat.
Dizze roman is my út 'e hân rûn. De man fan Syts is in selsstannich persoan wurden dy't him ûntwikkele hat neffens syn eigen patroan. In patroan dat ik ûntwurpen hie, goed, tajûn, mar ik hie noait foarsjoen dat inkele losse opmerkings yn de begjinhaadstikken har sa ûntjaan soenen. De man fan Syts kin ik fergelykje mei in trein; ik haw him op it spoar set en him it doel wiisd. Ik hie yn 't begjin kar | |
[pagina 178]
| |
út ferskillende routes, mar letter, doe't ik begûn te twiveljen oft ik de goede route folge, wienen der gjin wiksels mear. Hie ik dan, om de byldspraak falle te litten, mei dit boek ophâlde moatten? Dat koe ik net, om't ik de man fan Syts nedich hie. Dy deamasjine dêr't hy tsjin fjochtet, is net syn fantoom, mar mines. Ik hie der wol in jier trije, fjouwer mei omrûn en ik woe it kwyt. Dêrom haw ik dit boek skreaun. Ik haw de man fan Syts skepen en him de opdracht jûn de deamasjine te ferneatigjen. It hoe en wat haw ik oan syn fantasy oerlitten. No is de opdracht útfierd en it boek ôf, ik moat allinne noch, sa't dat gebrûklik is, wat sizze oer de nije situaasje fan de haadfiguer. En hoe't dat moat, dêr sit ik mei. Dizze man hat problemen oansnijd dêr't ik gjin wei mei wit. Wa wol nammers? Soks moat men jin net te djip ynjaan, tinkt my, dêr wurdt jin de holle mâl fan. De opdracht is útfierd en de man fan Syts wachtet op my. Ik sjoch der gjin gat yn. Ik soe wol wolle dat er no wat minder briederich waard en in goede ferstânhâlding mei Syts fûn. Of dat er yn God bigûn te leauwen en fanút de opdracht fan it leauwe besocht om fan de minsken te hâlden, sa't se binne. Mar dat is net mooglik, sa'n ommeswaai kin ik noait oannimlik meitsje, dan soe ik him, om it âlde byld te ferfetsjen, op in oar spoar sette moatte. Ik kin neat foar him dwaan, ik as skepper moat him yn 'e kjeld stean litte. De ûntjouwing fan de man fan Syts rint dea yn it ik, en sa sil ik it lêste haadstik skriuwe.
Ik moat him yn 'e kjeld stean litte, sei ik, mar dat is eigentlik net wier, ik moat it net, ik wòl it, út selsbihâld. En miskien is de foarnaamste reden dat ik dit ferhaal ûnderbrutsen haw dizze, dat ik in mooglikheid ha wol om út de trein - want ik riid mei - te springen. Ik haw even stopje litten en no wol ik derút. Ik doar it net te weagjen | |
[pagina 179]
| |
mei de man fan Syts. Yn him hawwe tinzen stâl krigen, dêr't ik foar tebek skrilje. Guon fan myn eigen tinzen, yn karikatuer miskien, mar dochs myn eigen. En dêrom wol ik út dit ferhaal, ik wol net meisleept wurde yn syn fal, ik ferpof it om it slachtoffer te wurden fan myn eigen boek. Ik wit dat it lef is om my no werom te lûken, en my te distansjearjen fan de man dy't foar my de kastanjes út it fjoer helle hat, mar as it om myn eigen hachje giet, it hege wurd moat der mar út: leaver moard as selsmoard. Lit my no dit ferhaal ôfslute. |
|