Fabryk
(1995)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermdKarakterOp dit plak neam ik in pear algemiene yndrukken fan it boek, sa't se by my boppe komme. Op oare plakken yn dizze ynlieding komme oare aspekten nei foaren, en soms - by de resepsje - ek wol gelikense yndrukken fan oaren. It mei lykwols net lykje dat dêrmei alles fan it boek sels mar oantsjut is. Dat hoecht ek net, want ynkoarten ferskynt in yngeande analize fan de hân fan Babs Gezelle Meerburg yn har dissertaasje, dêr't ik graach nei ferwiis. Fabryk makket in ambivalinte yndruk. De ik-figuer dy't it ferhaal fertelt, is in neuroat. Hy stekt oanienwei sigaretten op, laket faak en altyd op mominten dat der neat te laitsjen is, fertiist yn prakkesaasjes oer himsels, hat in morbide oandacht foar ûngemakken en kwellingen, fielt him opsletten, is bang foar kastraasje en lijt oan twangobsessy. Wat oars as de ik-figuer is net belangryk. Der wurdt troch de auteur gjin ôfstan ta him nommen, irony of humor ûntbrekt. Sa is it in leadswier boek. Mar krekt dêrtroch kin it boek wat komysk krije, want | |
[pagina 153]
| |
der binne problemen en preokkupaasjes by, lykas dy mei de tsjerke en de Jehova's tsjûgen, dy't wat al te folle bepaald lykje te wêzen troch it komôf fan de ik om alhiel serieus nommen te wurden, teminsten troch lêzers mei in net-kristlike eftergrûn. Safier as de noch oan te heljen Heere Heeresma giet, dy't sels yn ôfwaaid praat it komyske sjocht, kin ik net sûnder mear gean. Foar my dogge de frij konvinsjonele opfettingen oer tsjerke en maatskippij oars net as botse mei de troch de skriuwer serieus nommen pretinsjes fan de ik-figuer. It komyske leit der lykwols soms ek mei sin boppe-op. By de waarnimmingen fan de ik-figuer soe men as lêzer noch besykje kinne it treurige oerhearskje te litten, mar dat slagget net mear yn dy passaazjes dêr't yn de styl it trochdraven ta utering komt. Boppedat kinne sênes mei de krekt neamde stereotype ideeën lykas dy oer de preek, ek lêzen wurde as uteringen fan de skriuwer syn nocht oan shockearjen. Men wit wat dat oangiet net gau wer't men mei him oan ta is. Mar it boek hâldt dochs wat healslachtichs, en dat ambivalinte sit fansels yn de skriuwer sels. Hy hat gjin hâlding út ien stik foar syn ferhaal oer. Sa is op it iene plak de ik-figuer oars net as in neuroat yn selsanalize of op drift (yn de haadstikken ien en twa en oan de ein), mar op it oare in maatskippijkritysk kommentator (yn trije en fjouwer). Ek it perspektyf op de frou fan de ik-figuer, Syts, wikselt sûnder oanwiisbere needsaak. Mar nearne sprekt de ambivalinsje dúdliker út as út in yn de útjefte weilitten stik, dêr't de skriuwer ôfstân yn nimt fan syn eigen boek en yn it bysûnder fan syn eigen ik-figuer, dy't him ûnsympatyk wurden is. It beswier dat ien net by himsels yn analize wêze kinne soe, diel ik net. En ek net dat it in fabryksarbeider is dy't sokke syklik te neamen prakkesaasjes hat. Wol in boek oansprekke, dan sil der wol in sekere herkenberheid yn | |
[pagina 154]
| |
sitte moatte, en folle sille sokke fabryksarbeiders ek yn 1963 net foarkommen hawwe, mar se hawwe der grif west en binne der miskyn noch wol. Wat oars is de suggestje dy't fan it boek útgiet, dat de problemen troch it fabryk komme. Der is mei rjocht troch guon opmurken dat de man dy ek al hie doe't er noch by de boer wurke. | |
UntsteanYntern It ûntstean fan it boek is aardich goed te folgjen trochdat it earste hânskrift bewarre is en ek de lettere stadia goed dokumintearre binne. It materiaal leit allegearre op it flmd. Riemersma hat yn dat earste hânskrift de datums en sels hieltyd it oantal oeren opskreaun dat er der oan wurke. It docht dan bliken dat it boek, ôfsjoen fan it opdrachtfers, op 26 maaie 1963 by it noch besteande begjin begongen is en frij regelmjittich ferfette is oant 3 novimber, doe't it foardere wie oant in ein yn it ien nei lêste haadstik op. Tuskentiids hie er op 14 en 15 augustus it ferhaal oanpast oan sa't it him doe blykber klearder foar eagen kommen wie te stean. Hy foege doe it stik oer de oergong fan it lân nei de fabryk yn it earste haadstik ta, en it ferhaal oer it kranteknipsel oan de ein fan it twadde haadstik, en liet wei it ferslach fan it proses tsjin de nazi Güntermann oan de ein fan it fjirde haadstik en in stik op nei de ein fan it tsiende oer dea, selsmoard en libbenskeunst. Begjin novimber wie it lykwols ho en koe er net rjocht mear fierder. Wat der dêrnei yn de printe ferzy fan it boek noch folget, binne mar in stikmannich bledsiden, mar it hat de skriuwer in soad muoite koste om syn ferhaal ôf te krijen. Hy wie yn novimber einige mei in neare tocht fan de ik-figuer nei de sciencefiksje-eftige deamasine. Dêryn kamen de tema's fan fabryk en kastraasje by elkoar. Dat stik hat | |
[pagina 155]
| |
wat fan in apoteose en it sil dêrom tenearsten faaks wol bedoeld west hawwe as beslút. Mar dat hat him dan net noaske, en dat er mei it hiele boek oan wie, blykt ek wol út wat er fan 21 oant 23 desimber der noch oan taheakke. Net allinnich dat er doe it ien nei lêste haadstik ôfmakke en it lêste haadstik der noch oan tafoege, yn dyselde dagen hat er by it ien nei lêste haadstik ek noch it al neamde stik oer syn eigen plak yn it boek en oer syn ferhâlding ta de ik-figuer makke. Dêryn seit er dat it boek him út 'e hân rûn is, en ek dat er syn nocht fan de haadfiguer ôf hat. Hy fielt him troch dy figuer tefolle bûn en mist foaral de mooglikheid ta irony. Oft it alhiel sûnder tongue-in-cheek skreaun is, doar ik net sizze. Op advys fan de karkommisje is dat stik der úteinlik net yn kommen. Ek it stik oer de deamasine, dat deroan foarôfgiet, is om deselde reden sa goed as neat fan oerbleaun. It weilitten fan it modern oandwaande en foar de lettere skriuwer sa typearjende skriuwerskommentaar hat Riemersma letter lykwols spiten. Ut de tiid dat er mei wat Minskrotten, rotminsken wurde soe al net mear oer in romanfiguer mar oer himsels skreau, is in brief oan M.K. Scholten bewarre (fan 23 april 1965), dêr't er him yn ôffreget oft er dat haadstik dochs net opnimme moatten hie. It wurdt efter dizze neibeskouwing foar it earst útjûn.
Ekstern Neffens eigen ferklearring waard Riemersma ynspirearre troch it essay ‘Modern proaza’ fan Jo Smit yn De Tsjerne fan 1960. In kearnsin yn dat beswarrend skreaune stik oer de moderne skriuwer is: ‘Hy siket net de feilige distânsje fan de âlde yllusionist, mar hy wol ús mei bihelje yn syn eksperiminten, omt er roait op de moraliteit.’ En dy moraliteit hâldt dan yn it besef fan frijheid, dat it bysûndere fan de minske is. Taak fan de skriuwer is it om de lêzer it ge- | |
[pagina 156]
| |
foel te jaan dat it om syn eigen libben giet, dat er sels ta in oardiel of posysjebepaling komme moat. Ek yn it skeppend wurk fan Smit moat Riemersma trouwens (lykas Hessel Miedema) fûn hawwe wat him oanspriek: it absurdistyske en surrealistyske. It motyf fan it boek is neffens Riemersma de striid tusken minske en masine, dat him persoanlik al lang dwaande holden hie en dêr't er yn syn tsjinsttiid al ris in koart ferhaal oer skreaun hie. Dat gong oer de ‘deamasine.’ Fierder begong er oan Fabryk mei it idee om in sosjale roman te skriuwen. Op healwei murk er lykwols dat it gjin sosjale, mar in psychologyske roman waard.
Fryslân: de Beweging fan 1959 Doe't Riemersma oan syn publikaasjes te sjen yn 1959 besletten hawwe moat om Frysk skriuwer te wurden, libbe de Fryske literatuer as in hart. Men kin sels wol sizze dat 1959 in nij begjin yn de Fryske literatuer west hat. It nei de oarloch wer sterk oplibbe besef dat literatuer maatskiplik legitimearre wurde moast, wie doe noch altyd aktueel, mar it krige in persoanlike fundearring en net langer in kollektive. It wie de tiid fan de fertaalde bestsellers en de pockets, fan it befrijende eksistinsjalisme mei Françoise Sagan en Camus. Dat eksistinsjalisme fjurre ek yn Fryslân de fersule hokjesgeast earst noch even oan en liet him doe himsels opbaarne. It wienen benammen Lolle Nauta en Jo Smit dy't wat fan it nije filosofysk elan yn de Fryske literatuer brochten. Smit en Nauta wienen as learlingen fan Helmuth Plessner - yn de earste jierren nei de oarloch heechlearaar filosofy yn Grins - beide sterk ynteressearre yn fraachstikken oer de aard fan de minsklike erfaring oangeande himsels en de bûtenwrâld. De antwurden sirkelje om de útkomsten fan it eksistensjalistysk tinken fan dy tiid hinne dat de minske frij is en yn de wrâld | |
[pagina 157]
| |
smiten. Syn taak leit yn de mienskip fuort om him hinne. Fan grut belang foar it slagjen fan wat men de Beweging fan 1959 neame kinne soe, wie it feit dat Anne Wadman him op 'e nij mei de hiele hûd by de Fryske literatuer joech. Sa skreau er by de iepening fan de Fryske Boekewike dat jiers oan de lêzers fan it Sneeker Nieuwsblad: ‘De Fryske skriuwers... wolle wol Nederlânners wêze, mar gjin Hollânners, net om't hja hwat op Hollânners tsjin hawwe, mar om't der neat gjin skande yn stiket om Fries te bliuwen.’ Op de iepening fan de Boekewike sels ferklearre er dat it no einliks wat wurde moast. De Fryske roman wie neffens him wol op wei om út syn inge grinzen te brekken, mar kaam dochs net oan it peil fan foar de oarloch ta. Der moasten mear en better romans útkomme. ‘Dat sil nedich wêze om fan it Fryske folk in lêzend, tinkend en libjend folk to meitsjen, sadat it lang om let loskomt fan syn minderweardichheitskrampen.’ Ridlikgau soe bliken dwaan dat er sels de hûd derop sette. Dat moast ek wol, want as it tal leden fan De Fryske Bibleteek in graadmjitter wêze mei, dan wie 1958 in djiptepunt. Binnen fjouwer jier hie er neist oare dingen in eigen tydskrift útjûn, in bondel ferhalen en twa romans. Lolle Nauta hold by gelegenheid fan deselde Boekewike as redakteur fan it literêre programma fan de rono in pear kauseryen oer literatuer en engaazjemint, dy't it oare jiers yn De Tsjerne publisearre waarden. Sy stienen der ek net allinnich foar. It aktuele, kommentariearjende moanneblêd De Strikel (1958), dêr't Freark Dam him yn ûntjaan koe, hie yn it earste jier fan syn bestean al sjen litten hoe hurd oft it tradisjonele en wat al te frijbliuwende blêd It Heitelân oan ferfanging ta west hie. It literêre tydskrift De Tsjerne stie noch altyd as in beaken foar literatuer fan in beskaat nivo, mar tagelyk soarge Hessel Miedema yn it jonge konkurrearjende tyd | |
[pagina 158]
| |
skrift Quatrebras dat jiers foar in artistike trochbraak. Sa koe elk dy't doe literêre niget hie, yn it Frysk de romte fine, likegoed oft er no skriuwer wurde woe of lêzer wie. Lykas Riemersma oppenearren har doe oare belangrike skriuwers, as Bauke de Jong, Homme Eernstma en Rink van der Velde. En ek yn in fermidden as it kfj, dêr't Riemersma diel fan útmakke, wie in protte belangstelling foar literatuer, spesjaal ek foar Fryske. Efterôf besjoen kin men sizze dat it ek wier slagge om de Fryske literatuer ynteressant te meitsjen. Fiif jier letter wie se út har isolemint weihelle. Sa'n tiid hie der sûnt 1915-1919 net wer west, en hat der sûnt ek noch net wer west. En Riemersma hat dêr net in lyts bytsje ta bydroegen. Giet men no mear yn it bysûnder nei wer't Riemersma yn it Frysk troch ynspirearre waard, dan soe ik it omtinken foar Dostojewsky neame wolle. Op 'e fraach hokker skriuwers yndruk op him makke hienen, ferklearre er yn 1964: ‘Louis Paul Boon, Harry Mulisch en Dostojewsky, fan de lêste: Schuld en Boete.’ Yn dat rychje is Dostojewsky fansels wol wat apart. It sil gjin tafal wêze dat just Smit en Nauta fier mei Dostojewsky rûnen. Beide neame se him yn har al oanhelle stikken út 1960. It wienen ek net allinnich Smit en foaral Nauta dy't yn Fryslân Dostojewsky nei foaren hellen. Miskyn hat Riemersma syn niget oan Skuld en boete ek wol te krijen hân mei de foarkar fan E.B. Folkertsma. Foar Folkertsma hie neist de Bibel Dostojewsky altyd sa'n bytsje it literêr gewisse west. Ek syn oardiel telde om 1960 hinne noch foargoed mei. Yn Nederlân wie Dostojewsky foaral populêr yn en fuort nei de Earste Wrâldoarloch. Neffens Hugo Brandt Corstius is trouwens Meneer Visser's hellevaart (1936) fan Vestdijk ek in fariant op Skuld en boete. Mar ek Wadman moat net fergetten wurde. Dy syn roman Fioele en faem hie Riemersma tige bewûndere om it | |
[pagina 159]
| |
tinkerige, mar it is net dêrom dat Wadman by Fabryk meispilet, al wurdt dêr ek wakker yn prakkesearre. Syn ynfloed giet folle fierder, want men soe wol sizze kinne dat Fabryk sjoen wurde kin as it boek fan in debutant dy't mei de grutste skriuwer fan syn tiid en taalgebiet rivalisearre. Wadman hie dernei stribbe om los te kommen fan syn gepsychologisear, sa't Lolle Nauta dat yn 1957 yn in persoanlike plakbepaling foar him oer klear en dúdlik as it beswier fan syn proaza synjalearre hie, mar Riemersma stelde yn in besprek fan De oerwinning fan Bjinse Houtsma (1962) fêst dat him dat net slagge wie. Wylst er midden yn Fabryk siet, kaam De smearlappen fan Wadman út, dat fuort in bestseller waard. Oan him droech er doe syn eigen boek op. Hy hie noch even twivele oft it net Jo Smit wurde moast, en sa komt it dat it manuskript dat er nei de karmasters fan dfb stjoerde, oan Smit opdroegen is. Underwilens wie er al dwaande mei in twadde roman, dy't neffens eigen sizzen in parody op De smearlappen wurde moast. Dat er mei Wadman rivalisearre, is dêrmei wol dúdlik, mar wêr ûntliende er it lef oan om dat te dwaan? Hy moat field hawwe dat er mei wat nijs en wat gruts kaam, en ik nim oan dat er dêrby fertroud hat op syn mjitten mei Skuld en boete fan Dostojewsky. Gjin Fryske literatuer, noch Nederlânske wie him ta foarbyld as it derop oan kaam, mar it grutste fan it grutte. Ut de wat isolearre posysje fan in Frysk skriuwer wei moat er stribbe hawwe nei universelens. Universelens yn dy sin, dat de anonime haadfiguer wat eksimplarysk hat, soenen D.A. Tamminga en Jo Smit yn har besprekken letter ek yn it boek herkenne.
Literêre ynfloeden By alle autobiografyske eleminten dy't der yn it boek sit- | |
[pagina 160]
| |
te, moat de ynfloed fan oare literatuer net ûnderskat wurde. Wol is dúdlik dat Fabryk it wurk is fan in skriuwer dy't in eigen toan hat, mar dêrom binne der noch wol motiven en passaazjes dy't net frij komme fan har oarsprong. Sa trof my in pear kear in oerienkomst mei wurk fan Vestdijk. Dat wie yn it sande haadstik mei De kellner en de levenden yn de dream fan de tolve minsken, en yn it achtste mei Terug tot Ina Damman yn it fertriet om it segarebantsje dat de ik ha kinnen hie, mar dat foar altyd ûnberikber bliuwe soe, en yn de twa soarten famkes. Op in pear belangrike ferbannen gean ik hjirûnder neier yn. Hjir neam ik allinnich noch de bewuste ferwizings nei Gysbert Japix, Eeltsje Halbertsma en Tjitte Piebenga yn de sitaten boppe de haadstikken. Oft de oerienkomst yn motyf tusken de deamasine en it pinigingsapparaat yn it ferhaal ‘Yn 'e strafkoloanje’ fan Kaffka tafal is, falt net samar te sizzen. Ek al nimme skuld en eangst in grut plak by Kaffka yn (lykas yn Fabryk), oerhearskje docht er yn alle gefallen net. Dan soe Fabryk ommers unheimisch fan sfear west hawwe moatte, en dat is it net.
Boon en Mulisch Tjitte Piebenga hat fuort by ferskinen yn algemiene termen synjalearre hoe't yn de hallusinaasjes en de wat hy neamt ‘grutte sênes’ yn de twadde helte fan it boek de eksaltearre styl en it surrealisme werom te finen binne fan boeken as Het zwarte licht (1956) en Het stenen bruidsbed (1959) fan Mulisch. Oare as dizze globale oerienkomsten binne der ek net sasear, mar dy binne dan ek wol hiel sterk. Mear yn it bysûnder is miskyn noch it jiskelân dêr't de ik op 't lêst bedarret, te ynterpretearjen as in fariant fan it ferwoeste Dresden, dêr't Corinth, de haadfiguer fan Het stenen bruidsbed, syn nachtmerjes hat. Sigaretten | |
[pagina 161]
| |
(Dushkind) en laitsjen, dy't sa faak yn Fabryk foarkomme dat it suver leitmotiven binne, nimme ek in opfallend plak yn Het stenen bruidsbed yn (dêr binne it Lucky Strikes). Ek spilet by beide in kranteberjocht oer de nazi's in rol, mar it ferhaal oer Güntermann yn haadstik 4 dat út âlde kranten en in kranteknipsel komt, is yn alle gefallen grif ynspirearre op in oar boek fan Mulisch, De zaak 40/61 (1962). Oan it sadistysk karakter fan it stik sa't dat yn it boek stiet, soe men dat net sa gau mear sjen, mar it blykt wol út it hânskrift, dêr't hiele stikken oer it proses sels yn steane. Sybren Sybrandy hat yndertiid opmurken hoe't Fabryk yn bepaalde opsichten op Menuet (1955) fan Louis Paul Boon liket. Hy neamt it omtinken foar kranteberjochten oer wreedheden, en soe dêr yn Fabryk de koppen fan de haadstikken by neamd hawwe kinne, omdat dy lykas de kranteberjochten yn Menuet in trochrinnend kommentaar fan sitaten op it eigentlike ferhaal binne. Hy wiist fierder op it gelikense motyf fan it trochhakjen fan in wjirm, en fansels op guon oerienkomsten tusken de beide haadfigueren. Dat is by Boon ek in arbeider mei ientoanich wurk yn in fabryk, dy't him kapot prakkesearret en tusken de minsken net thúsfielt. Der binne noch wol mear oerienkomsten. By Boon hjit de (like nofteren) frou fan de ik konsekwint ‘mijn vrouw’, by Riemersma lykwols docht it perspektyf op de frou ûnfêst oan - noris is it ‘myn frou’, dan wer Syts, krekt as is it net goed trochtocht en sûnder mear oernommen. Ek by Boon binne de ‘oaren’ wis, twivelje net: ‘Zij hadden gelijk, en ik had ongelijk.’ En by Boon giet de ik ek nei tsjerke ‘en zat er zwijgend de man aan te kijken die zich daar vooraan gek aanstelde,’ en ek dêr falt ien yn it fabryk fan ‘de ijzeren overloop naar beneden.’ Mar by al dy oerienkomsten kin men dochs net sizze dat Fabryk op de iene of oare wize ôfhinklik is fan | |
[pagina 162]
| |
Menuet. It is gjin neifolging en ek gjin tsjinûntwerp. Menuet hat grutte yndruk op Riemersma makke en him by it skriuwen mear as ienris troch de holle spile, sa moat it hast wol west hawwe.
Dostojewsky en Camus Ien fan de opfallendste eleminten yn Fabryk is it idee fan de ik-figuer om in died te stellen en dêrmei de oerflakkich tinkende oaren de eagen te iepenjen. Dat wurdt in obsesje foar him, dêr't er yn fertiist en yn neare wanen en dreamen geastlik oan kapot giet. Dêrmei docht Fabryk sterk tinken oan de roman Skuld en boete fan Dostojewsky. Haadfiguer is dêr de studint Raskolnikow. Dy syn faam is in selde soarte fan taflecht as Syts. Ek hy hat bange dreamen en fynt syn ûndergong, al komt er - oars as de ik yn Fabryk - yn in epilooch der (echt) wer boppe-op. En ek yn Skuld en boete wurdt in soad redenearre, al is it dêre net allinnich troch de haadfiguer. Sa komt dêr in beskôging yn foar oer de opfetting fan sosjalisten dat de minsken folslein yn 'e macht fan de omstannichheden libje, en hoe't dy dêrom miene dat se har mei in sosjaal systeem goed en gelokkich meitsje kinne, sûnder dat se rekken hâlde mei it (yndividuele) libben. Se kweke sa allinnich mar it libbenleaze, willeaze, slappe, dat net yn opstân komme kin (diel 1, haadstik 5 yn de fertaling fan de Prismapocket-útjefte út 1959). Dat is in redenearring dy't jin tinken docht oan de miening fan de ik-figuer yn Fabryk oer it effekt fan it leauwen yn God. Mar wat foaral oan Skuld en boete tinken docht, is de oerienkomst yn it sintrale motyf, dat it tinken en hanneljen fan de beide haadfigueren bepaalt. Beide miene se dat in oar gewoan rjocht hat, omdat dy ‘zonder enige vraag direct zijn gang gaat’ (diel 2, haadstik 4)/ ‘om't er it sûnder euvelmoed nààm’ (bledside 7), en har probleem wurdt dan oft se sels | |
[pagina 163]
| |
it rjocht doare te nimmen. Beide sjogge dat as in testcase oft se in minske binne, en beide komme se út op deadzjen om harsels te bewizen dat se it doare. It motyf docht yn Fabryk wat forsearre oan, yn alle gefallen yn it begjin, wat de ôfhinklikheid fan Skuld en boete namste oannimliker makket. Mar behalve Skuld en boete spilet jin ek de net lang foar it ferskinen fan Fabryk yn pocketfoarm fersprate fertaling yn it Nederlânsk fan de novelle De frjemdling fan Camus troch de holle. Ek dêryn giet it om in ik-figuer dy't in died stelle moat om in nij libben begjinne te kinnen. In ferskil mei Camus is dat dêr de died in echte ‘acte gratuit’ is, omdat er neidruklik keppele wurdt oan de ynfal fan it momint. Men kin oer dy ‘acte gratuit’ it boek fan M. Raether, Der ‘Acte gratuit’. Revolte und Literatur. Hegel, Dostojewski, Nietzsche, Gide, Sartre, Camus, Beckett lêze (Heidelberg 1980). Mar mienskiplik is by alle trije it besef dat der in beslissing forsearre wurde moat om út de passiviteit fan de âlde gewoante wei te brekken en dêrmei in nije en iepen situaasje te skeppen. | |
ResepsjeDer is gjin Frysk boek dat sa'n lange en sa'n fûle diskusje losmakke hat as Fabryk. It duorre lang omdat it nei trije jier wer yn it nijs kaam doe't it de Gysbert Japicxpriis krige en dat hie miskyn noch net safolle útmakke, as ûnderwilens net bliken dien hie dat Fabryk gjin ynsidint west hie, mar it begjin fan in konsekwint skriuwerskip. En dat de diskusje sa fûl wie, kaam omdat it gong om de frijheid fan literatuer yn it algemien en dy fan de Fryske yn it bysûnder. Mar dy diskusje waard boppedat noch fûleiniger, omdat de literêre krityk by alle wurdearring foar de ynset en ambysje fan de skriuwer gâns (artistike) beswieren tsjin | |
[pagina 164]
| |
it boek hie, en omdat der krityk wie op Riemersma syn plak yn de rjochtingestriid tusken de Fryske literêre tydskriften, dy't yn deselde jierren spile. Ek waard it him troch kristlike kultuerdragers oanrekkene dat er as kristlik skriuwer sok wurk levere. Sa binne der twa soarten reaksjes te ûnderskieden: guodden dy't foaral op elkoar reagearren en oaren dy't mear oer it boek sels gongen. Se krije hjirnei elk apart omtinken.
As Frysk boek Der waard al foar ferskinen wakker nei it boek útsjoen. Der sil wol bekend wurden wêze dat de karkommisje fan dfb ferdield west hie. Samlers, sa't se neamd waarden, wienen Klaas Dykstra, Jaap Noordmans en Dam Jaarsma. De lêste hie tsjin west. Fierder soe it neffens de krante in kaairoman wêze oer misstannen oan in besteand fabryk yn Fryslân en it hjitte glûpende ‘realistysk’ te wêzen, sa sels dat De smearlappen neffens de reklame fan de útjouwer der mar in bernebibel by wie. Dêr waard net by sein dat it slimste der op advys fan de karkommisje úthelle wie, mar ek dat sil by insiders wol bekend wurden wêze. Doe't it út wie, krige it fuort in soad omtinken. De Ljouwerter krante kaam in pear dagen letter mei in humoristysk stikje oer it boek as tsjinhanger fan it krekt bekroande jubileumboek ‘Dat is 't kondensfabryk’ fan drs. Kl. Tjepkema, de man dêr't insiders fan gruten dat dy syn ynfloed jilde litten hie om al te dúdlike ferwizingen nei de Kondins (ccf) derút te krijen. Neffens dat stik wie ‘De beschrijving van de fabriek en haar sfeer [...] typisch de CCF van wenteltrap tot kantine, van de plaats, waar de “heren” zitten, tot het gat in de muur, waar de busjes door komen.’ De reaksjes en besprekken wienen meast nochal saaklik | |
[pagina 165]
| |
en nuansearre, mei lof en faker noch krityk, mar der wienen ek guodden by dêr't it útdragen fan pro of kontra de haadsaak fan west liket te hawwen. Ta datsoarte prostikken soe ik de besprekken fan D.A. Tamminga (yn De Tsjerne) en Fedde Schurer (yn de Friese Koerier) rekkenje wolle, en ek it juryrapport letter fan Jo Smit. Dy kinne sjoen wurde as antisipaasje of reaksje op de útsprutsen kontra-stikken fan it Friesch Dagblad en De stim fan Fryslân, dy't it boek om syn ynhâld fersmieten. Tamminga en Schurer moatte foar de frijheid fan de literatuer opkommen wêze. Besprekker yn De stim wie ds. B. Smilde, mei wa't Riemersma net lang foartiid noch yn de redaksje sitten hie. It Deiblêd hie oars in tige wurdearjend besprek fan syn resinsinte Tiny Mulder binnen krigen, mar der waard besletten om gjin resinsje op te nimmen en dat oan de lêzers mei te dielen. Dat wie grif it wurk fan de haadredakteur sels, H. Algra, dy't - ek as senator - sûnt 1963 mei syn bestriding fan Van het Reve tsjin de bierkaai focht (sa't er it yn syn Mijn werk, mijn leven (1970) sels neamt). De skriuwer mocht dan talint hawwe, sfear jaan kinne en in libben petear skriuwe, hy hie syn talint misbrûkt: ‘Der is yn dit boek gjin sprút oan skamtegefoel to finen; foar de skriuwer binne der op dit mêd as hy skriuwt blykber gjin grinzen.’ Fansels rôp dat eksplisyt ôfwizende reaksjes by oare kranten en blêden op, dy't der ûnder mear fyntsjes op wiisden dat it Friesch Dagblad it jiers tefoaren wol De smearlappen fan Wadman resinsearre hie. It boek waard trouwens yn de measte resinsjes ferlike mei De smearlappen, dat ek stikken lêzen waard. De hiele sfear om dy beide boeken hinne befoardere de belangstelling. Dêr holpen ek de al-of-net-sabeare ferûntweardige ynstjoerde-stikkeskriuwers ta. Riemersma sels hat yn syn roman Minskrotten, rotminsken (1966) op de krityk fan ds. Smilde reagearre mei yn dy syn trant alfêst in krityk op | |
[pagina 166]
| |
Minskrotten te skriuwen. It giet foar 't neist te fier om H. Algra te sjen as de figuer dy't yn dat boek útgroeid is ta de generaal Le Vud, want dêr stiet de skriuwer neat fan by en dat soe er nei tritich jier miskyn noch wol witten hawwe. Boppedat past it wol by it groteske trochdraven dat de skriuwer sa eigen is, om sa'n machtich man te meitsjen fan de frij ûnbetsjuttende kritikus L. V(lasma), dy't yn it Friesch Dagblad de folgjende roman fan Riemersma bespriek en dat die ûnder de kop: ‘En dan kin men ek noch it Hillichste oantaeste.’ By de bekroaning mei de Gysbert Japicxpriis yn 1967 herhelle de morele diskusje him. De jury hie yn har advys oan Deputearre Steaten net ienriedich west (ien fan de trije leden woe hân hawwe dat Rink van der Velde foar De fûke de priis krigen hie), en ek Deputearre Steaten sels wienen ferdield. Dat late ta ôfwizende of krityske stânpunten fan de fraksjes fan arp, chu en kvp yn de Provinsjale Steaten. Ien fan har wurdfierders, Tsjebbe de Jong, dy't tagelyk lid fan de kommisje fan tarieding foar de priisútrikking yn it Bolserter stedhûs wie, hie yn it Bolswards Nieuwsblad de kommende útrikking in tryste dei neamd en skreaun dat it boek net yn Fryslân thúshearde, dêr't Noordmans yn de Ljouwerter krante op reagearre mei: ‘Fryslân hoecht him wier net to skamjen, dat dizze skreau út syn midden opstiigd is en ek bigryp foun hat.’ Dêrmei is meiïens in oar net strikt literêr punt yn de wurdearring fan it boek oanroerd. Dat is it ferlet dat yn Fryslân field waard oan nije, belangrike skriuwers. Ut de kritiken soe men dat net sa tinke, al komme de measte besprekkers wol even op it belang fan it boek foar de Fryske literatuer, mar it wie der dêrom noch wol. Mei Fabryk ûntstie it idee dat De smearlappen gjin ynsidint west hie, mar dat de literatuer no echt en stevich fundearre by de tiid wie. Hollân hie syn Wolkers en Cremer, Ingelân en | |
[pagina 167]
| |
de hiele ingelsklêzende wrâld syn Lady Chatterley's lover fan D.H. Lawrence (dêr't yn 1959 yn in pear moanne tiid twa miljoen eksimplaren fan ferkocht wienen doe't it útkommen wie yn de oant dan ta sa deeglike Penguinrige), mar Fryslân hie no syn Smearlappen en syn Fabryk. Sels Ek krige de diskusje oer Fabryk noch in plak yn de striid om de fernijing fan de Fryske literatuer. Dy striid spile him yn de tiid dat Fabryk útkaam ôf tusken De Tsjerne oan de iene kant en Quatrebras en Asyl oan de oare. Doe't Riemersma trije jier letter de Gysbert Japicxpriis foar it boek krige, wie der sels sprake fan in krisissituaasje. Riemersma wie mei yngong fan 1965 redaksjelid fan De Tsjerne wurden en hie yn oktober 1966 in fusy tusken de trije tydskriften keard, dat sa koe it beteare dat Steven de Jong, dy't by Quatrebras hearde, yn 1967 it tige positive rapport fan de jury fan de Gysbert Japicxpriis as in politike stunt seach. En dan moat ek noch neamd wurde dat Riemersma sels, lykas it jurylid Jo Smit dat de rede útsprutsen hie, fûn dat er eins de priis foar Minskrotten krije moatten hie, omdat dat net minder as Fabryk wie, sa't de kommissaris fan de keninginne by de priisútrikking sei, mar just better. Alles by elkoar is it wol dúdlik dat it boek in rol spile hat yn in al besteande striid en dat it minder krekt is om te sizzen dat it de geasten spjalt hat, sa't dat op de efterkant fan de fyfte útjefte dien wurdt. Yn dat ferbân moat ek tocht wurde oan de tagelyk spyljende diskusje yn Nederlân oer wurk fan Cremer, Van het Reve en Wolkers.
As boek op himsels As heal en heal eksterne saak kin sjoen wurde de sa goed as algemiene lof foar de grutte ynset fan de skriuwer en syn moed om ta it uterste te gean. Neffens de resinsint fan vn is sa'n ynset eigen oan alle romans dêr't de skriuwer | |
[pagina 168]
| |
de ûntjouwing yn besiket wer te jaan fan ien dy't sa siik wurdt dat er net mear ‘gewoan’ dwaan kin, mar yn dit gefal is de suver taastbere identifikaasje fan skriuwer en ik-figuer grif noch wol in ekstra reden foar de wurdearring. Dy identifikaasje gong safier, dat de skriuwer bang fan syn eigen skepping waard en fan syn haadfiguer ôf woe. Dat hat er beskreaun yn it stik dat hjirboppe ûnder ‘Untstean, yntern’ neamd is, en dat as taheakke hjirefter folget. Min of mear ekstern is ek te neamen it oardiel oer it elemint fan de seksualiteit yn it boek. Dat krijt net folle omtinken, mar dy't it deroer hawwe, dogge dat om te ferklearjen dat it boek just hielendal gjin probleem op dat punt is. De seks soe alhiel funksjoniel wêze. Dat lêste bestriidt Gerben Abma, mar dat betsjut net dat dy dêr dan àl in probleem yn sjocht. Wat de kritisy foar 't neist net wisten, is, sa't al neamd waard, it feit dat de skriuwer it rûchste der op fersyk fan de karkommisje út helle hat. Folle wie dat trouwens net. In tredde ding dat net tige direkt mei de wurdearring fan it boek as sadanich te meitsjen hat, is noch de frij algemiene yndruk dat it net oer it fabryk giet (guodden sizze dan ek dat de titel misliedend is), mar oer de eangsten fan in ik. Komt men dan ta in besprek fan de oardielen oer it eigentlike boek sels, dan kin yn it algemien sein wurde dat dy frij kritysk binne. Eksplisyt negatyf falt it oardiel fan Bauke de Jong en Sybe Sybesma út. De Jong fynt it boek klisjeemjittich yn opfettingen en drakerich yn symbolyk en byldspraak. Boppedat bestiet it neffens him út twa tema's, it fabryk en it kastraasjekompleks, dy't net goed ta ien gehiel wurden binne. Sybesma, dy't ek de opsetlike symbolyk neamt, fynt it ik-perspektyf net adekwaat, want de ik wurdt neffens him faak behannele as wie it in hy. Tjitte Piebenga en Lambert Mulder hawwe deselde be- | |
[pagina 169]
| |
swieren as De Jong en Sybesma. Op it probleem fan it perspektyf komt ek Tiny Mulder, as se fynt dat in pasjint syn eigen syktegefal net beskriuwe kin, en dat docht mei in justjes oar aksint Piebenga ek, dy't skriuwt: ‘bilibjen en observaesje op itselde stuit [is] yn wêzen in ûnmooglik heit.’ Ek Sybren Sybrandy tsjut op dit punt, as er leaver in bekentenisroman hawwe soe sûnder de omballingen fan in abnormale fabryksarbeider. Riemersma sels hat yn 1964 it probleem fan it perspektyf ek synjalearre. De oanfal fan de ik op de fabryk neamde er doe in mislearring: hy hie as haadfiguer in oergefoelich minske nedich, en, sa moat men begripe, dan leit it net sa foar de hân om in fabryksarbeider te nimmen. Yn 1966 neamde er it boek om dy reden dilettantysk. Sybrandy neamt lykas De Jong ek de klisjee-opfettingen fan de ik. Hy neamt dy op it stik fan seksualiteit yn it bysûnder. De Jong en Sybrandy binne beide fan betinken dat de godstsjinst klisjeemjittich behannele wurdt. Fan in boeiende konfrontaasje mei God of tsjerke is gjin sprake. De Jong hat it yn dit ferbân oer maklike effekten by it tsjerkebesyk (dy't er ek by it tillevyzjesjen waarnimt). Fierder is hast elk it der wol oer iens dat de roman gjin ferhaal of yntrige hat (‘x bij zijn werk, x op straat, x met zijn vrouw in bed, x op visite, x voor het televisiescherm’ skriuwt de vn-kritikus), al sjocht Jo Smit dan krekt yn al dy stikken op harsels in hegere symbolyske ienheid. Oer de kwaliteit fan de petearen op it fabryk rinne de mieningen út elkoar fan ferfeelsum oant (fertaald yn it Frysk) ‘Suiker fan Claus ferblikt derby’ (dat seit Heeresma). Ek it slot (dêr't Job út de Bibel fansels wol yn herkend wurdt) wurdt ûngelikens oer oardiele. Tige út elkoar rinne de mieningen op it punt fan de humor. Tiny Mulder, Smilde en G.A. Gezelle Meerburg misse dy folslein (op de haadstiktitels nei), mar Noordmans sjocht humor yn it | |
[pagina 170]
| |
tsjerkebesyk (dat oaren dus ôfwaaid fine, mar Heeresma krekt om dat ôfwaaide wer humoristysk à la De avonden fan Van het Reve). Wer oaren synjalearje sokssawat as in earnst dy't sa absurd is dat er tagelyk ridikúl of humoristysk oandocht: Bauke de Jong neamt de bittere earnst fan it petear mei de studint, Heeresma de eangst fan de ik dat syn lid ôfskuord wurde sil troch in passearjende auto, en Gerben Abma fynt sels dat de hiele kwaliteit fan it boek yn it lykwicht fan earnst en humor sit. |
|