Mei Abraham fûstkje
(1969)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermd16
| |
[pagina 104]
| |
forfalt fan master Boar, in fiis mantsje dat altyd wer yn har breiden broekje sit to fimeljen, like faek God bidt om it litte to meijen, en yn in senuwgesticht torjochte komt. Eelkje gammelt noch twa jier op in húshâldsskoalle om, bidondert en bistelt har heit, rint fuort omdat hja in greate dame yn 'e stêd wurde wol, komt via de polysje en in psychiater wer thús en makket der har wurk fan, frijende of leaver pearjende pearen to bistrunen. Dan stjert har mem, dy't nea hwat foar har bitsjut hie en troch har heit libbenslang tramtearre en yn 'e hoeke trape wie, en hja bliuwt oer by dizze heit, dy't allinne libbet foar syn genealogyske sneuperijen. Hja formakket har hwat mei mondaine klean, dy't hja op 'e souder forberget, en kriget in houliksoansiik fan in man, dy't de tûke lêzer allang as in homofyl ynskreaun hat. In jongeman fan in baggerbidriuw, dy't har allinne thús treft, bringt it ta in koarte frijerij, hommels ôfbrutsen troch de komst fan har heit. Dan bigjinne har nachtlike tochten nei de arke fan it baggerbidriuw, dêr't de fjouwer broers (de iene is troud) har om bar troch de hannen gean litte, oant hja yn forwachting rekket. De earste frijer forklearret him ré mei har to trouwen, mar har heit wegeret. It wurdt in ûngelokkich en net libbensfetber bern, dat hja forsoarget tagelyk mei de heit, dy't siik wurden is. Dan mient hja to bigripen hwat him dreau ta syn ôfwizende hâlding; hy sil in bûtenhouliks bern ha wolle, omdat dat har namme drage en dus de stambeam fuortsette sil. Dêroan, tinkt hja, wol er syn dochter opofferje, en sadwaende is hij de greatste fan alle smearlappen dy't har libben útmeitsje. Peardrift gjin erotyk Dit is in koarte gearfetting fan dit boekje, dêr't de skriuwer kâns by sjoen hat al dizze ‘smearlapperij’ yn 98 bledsiden to loegjen. In prestaesje op himsels. De flap, grif net sûnder oerliz mei de skriuwer ta stân kommen, praet fan ‘in krityske waernimming fan de minske, binammen de man-yn-leafdessaken’. Der sjocht men effen fan op. It is dus net inkeld bidoeld as sterk forhael, en komt dêrtroch yn in hiel oar ljocht to stean. Hwant it opfallende is, dat hjir fan leafdessaken amper rept wurdt. | |
[pagina 105]
| |
Men hoecht nammers net iens sa hiel skrander to wêzen om to ûntdekken dat de leafde, wol men, de erotyk, by de minske net sûnder mear itselde is as peardrift. Dy peardrift spilet hjir in baes rolle, mar fierders ûntbrekt yn dit forhael sahwat elke minsklike relaesje, en de skriuwer bisiket sels net to kommen ta in psychologyske forklearring fan de forskynsels dy't er biskriuwt. Dat dizze forienfâldige methoade ynslacht, nou, der wit de útjower fan mei to praten. In brede stream lêzers sjocht syn formoeden, dat ‘it minskdom’ meastepart út smearlappen bistiet, hjir swart op wyt bifêstige, memmen yn Ljouwert jowe, as men de ynstjûrde stikken leauwe mei, dit geskrift oan har dochters mei ta in heilsume warskôging om foar de smearlappen op har iepenst to wêzen. Hjir wurde de dingen nou ris by de namme neamd, en somlike resinsinten binne der al mei folle seilen ynflein, forbjustere troch robúste kwalifikaesjes as smearlap, fordommeling, forrekkeling, meagere ribbekast, âld doerak, om mar inkelde to neamen, dy't wol de bitroude klank fan it bûthúsforhael hawwe, al kin men net sizze dat hja de tael op bysûndere wize forrykje.
Puriteinske fury
Foar alle klearrichheit: ik haw gjin biswier tsjin rûge wurden yn 'e literatuer, as hja funksjoneel brûkt wurde. En dizze wurden meije hjir in sekere emoasje fan de ik-figuer op hwat al to tradisjonele wize ûntlade, hja drage net by ta in forklearring fan 'e karakters, hwat dochs de opjefte hjitte mei fan immen dy't in roman, sels in boereroman, skriuwt. Om in foarbyld to neamen: de lêzersrounte fan Wadman, dy't har kidelje lit troch dit barbaersk ûnfatsoen, rjochtfeardige omdat it literatuer is, freget net nei forklearringen. Hja sil immen dy't in âld frou mei in bile de harsens ynslacht om har jild master to wurden, ek sûnder bitingst in smearlap neame. Mar Dostojevsky hat him der net mei sa'n maklike kwalifikaesje ôfmakke. Hjir sprekt de stimme fan in boargerlik moaralisme, dat it net om bigripen, mar om foroardieljen, om fordommen, en tagelyk oitt gnuven to rêdden is. | |
[pagina 106]
| |
De krityk is nochal yn it spier om Wadman frij to pleitsjen fan pornografy, dat wol sizze it biskriuwen fan realistyskerotyske sitewaesjes mei it doel de sinnen to prykjen. Dit is foar my hielendal gjin frage. Hwant it leit dúdlik krekt oarsom. Yn dit boek sprekt in puritein, dy't hwat tsjin de erotyk as sadanich liket to hawwen en dy ek syn lêzers tsjin meitsje wol, troch al mar syn kamera to rjochtsjen op ôfwikings en forwurdingsforskynsels. De âlde Egyptners setten op elk feest in skelet yn 'e hoeke fan 'e seal, de midsieuwer pleatste efter elke spegel in duvel, de lêbbige njoggentjinde-ieuske boerefeint liet graech in kikkert yn 'e brij swimme. Dat is de puriteinske fury, dy't rounom oanslaggen op it libben yn syn totaliteit docht. Dêrom ûntbrekke ek de positive poalen yn dit boek. De dea-inkelde dy't der foar yn oanmerking komt, muoike Yfke, lit de skriuwer hommels dea gean, sadat hja mei rjocht in dea inkelden is. Jelte fan 'e smid, dy't as ideael foaroan yn it boek stiet, fordwynt like hurd wer. It boeijende fan dizze figuer sit foar de skriuwer dan ek yn syn ôfkuolle, net bitrutsen wêzen. Hy ljochtet Eelkje moai folslein yn oer de wittensweardichheden fan it libben, lit har sels sjen ‘hwat er hat’, mar blykt fierder gjin bilangstelling to hawwen. ‘Hy wie sels sa net’, en dan mei men riede hoe't er dan wol wie. In wraeknimming? De flap wol ús net ienfâldich oantrúnje om it boek to lêzen, mar fitert ús ek ta in andert op 'e frage nei it hoe en hwat. Der stiet, as by in priisfraech fan in waskmiddel: ‘In wraeknimming, dit boek? Miskien. Mar lit de lêzer útmeitsje hwerop en hwerom en yn hoefier mei rjocht.’ Der soe by stean kinne: en nu allemaal aan de slag. Hawar, al kin ik der gjin sentrifuge mei winne, ik wol it bisykje. It wol my wol oan dat it in wraeknimming is. Hwerop, op hwa? Effen ha ik tocht: op Ypk fan der Fear, hwaens ‘sleauwe Kobe’ as by in moderne Sabynske fammerôf by it hier út ‘Ek in minske’ sleept en tusken de smearlappen delset is, om dêr as | |
[pagina 107]
| |
‘sleauweGa naar voetnoot* Eelkje’ to kear to gean tsjin de genealogy, dy't hja as Kobe yn it earstneamde boek sa tawijd tsjinne hat. Mar de opdracht hat my dêr wer ôfbrocht. Wraek op 'e skoalmasters dan, op de baggerûndernimmers yn it miene of op de hear Roarda fan it Genealogysk Wurkforbân? Ek net - it liket hjir mear op in genitalysk wurkforbân, bûten de Akademy om. Wraek op hwa dan? Op syn lêzers en syn kritisi, dy't altyd hwat to snakken ha oer de boeken dêr't er serieus en psychologysk to wurk gien is. Nou smyt er harren dan in boek foar sûnder psychology, dêr't de sterke stikken by 't bakfol opbaggere wurde. Sa yn 'e trant fan: ‘De heer des huizes werd gesmoord met zestig el gordijnekoord, de keukenmeid een lange maagd, werd in de midden doorgezaagd.’ Sa soe it wêze kinne. As it sa is - it is mar in hypothese fan my, dan is de skriuwer slagge. Allinne is hy slagge op in wize dy't ek foar himsels net sûnder risiko bliuwt. Men kin nou ienris net sûnder risiko in stjonkbom ûntploffe litte yn in keamer dêr't men sels yn sit. F.S., dat is: Fedde Schurer yn ‘De Friese Koerier’, 9-11-1963. |
|