Hoe't Hantsje Pik oan syn namme kommen is
De duvel bistelde him ris as feint by in skuonmakker. Dat it him om de skuonmakker syn siel to rêdden wie, hie baes skoan troch, mar hy tocht, hy moat glêd wêze as er my pakt, en hy hie der in bêste feint oan. Doe op in middei - se sieten wer to soallelapjen - sei de duvel: ‘Jonge, baes, wy moasten ris wedzje, hwa't it hurdste soallespikerje kin, jo of ik, en by elke spiker dy't wy der yn slane, moatte wy “pik” sizze, dan kinne se it ek better telle’. ‘Dat kin wol’, sei de skuonmakker. Hy hie wol yn 'e rekken dat er syn siel der mei forspylje koe, mar hy sei by himsels, it moat ek noch dat er it my ôfwint.
It gong hinne. Mar de duvel koe sa alderheislikste hurd spikerje, dêr koe baes lang net tsjin op. Lang net! Yn 't earstoan gong it mei de duvel syn ‘pik’-sizzen wol knap, mar op 't langelêst sloech er de spikers der sa hurd yn, dat hy koe it mei de mûle net mear neikomme. Hy wist amper mear hwat er sizze moast, it like der mear op dat er ‘spa-a-r’ sei as dat er ‘pik’ sei. Mar de skuonmakker sei alle kearen ‘pik’. Der wie ôfpraet, dat it tal spikers dat se slein hiene, kaem der net op oan, mar twa feinten soene turvje hoe faek oft elk ‘pik’ sei. En doe't se de útslach fêststelden, die it bliken dat baes folle faker ‘pik’ sein hie as syn feint. Dy skelde alles bymekoar, mar dat joech him neat, hy hie 't forlern.
En hwat woe nou it gefal? Der fleagen krekt in pear roeken of krieën foarby. Dy hie de duvel yndertiden sels makke en hy hie se in moai flaeikjend lûd jown. En doe't er dat flaeikjende lûd hearde, waerd er sa lilk, dat hy rôp: ‘Jim sille tonei krasse hwat ik niiskrekt sein ha!’ Sadwaende roppe de krie-eftigen nou noch altyd fan ‘spa-a-r!’ En de duvel sels hat fan dit eksploat de namme ‘Hantsje Pik’ oerhâlden.