Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij
[pagina 93]
| |
In foärlêzing.Earde heärders en heärderessen!
Soundheid, nochtGa naar voetnoot(1), wille en nut winskje 'k jimme fen herten! Mei it my ek min of mear stram yn 't gemoet sitte, om 't ik yn disse gearkomste yn de earste opslach de pûk fen de histoarje wêze mat, myn môed wirdt stipeGa naar voetnoot(2) throch it thinkbyld dat myn heärders yet al ynskiklik njunken my binne. Stean ik hjir op in plak dêr egenlik better wittenskiplike hearen passe, ik hoopje 't dêrom alheel end al net lizze to litten. Hwêrôer ik prate scil? Nou ja! In heechachte sprekker sei hjir ienkear: ‘Er is al zoo veel geredevoerd, dat men waarlijk een stuk om den hoek is, als men weet waarover men het hebben zal.’ - Ho wier sök sizzen ek wêze mei for sprekkers út de learde wrâld, for my stiet it rommer. In dame het tweintich pear wite hoäzzen en tsien pear skoën, threttsien japonnen en âlve slingerdoeken, en hwet hja mear habbe mei, kin jimme allike min skele as my. Mar dy dame moäst donsje op in bal, en al hofolleGa naar voetnoot(3) japonnen, doeken, skoën en hoäzzen it minske habbe mochte, dy jonneGa naar voetnoot(4) wier der oars net brekGa naar voetnoot(5) as in bal-costúm. Dy selde dame joech oan in earm wyfke in âlde japon, dy omtoärkeGa naar voetnoot(6) en fen onderen feal wier, throch 't slepen op 'e groun. Dy widdou makke dêr in pakjeGa naar voetnoot(7) fen en is dêr mei yn 'e pronk, op 'e bigrafenisse, op 'e kreämbisite, op 'e merkeGa naar voetnoot(8), op 'e brilloft, en as 't mei koärten lökke kin, doar se er wol yn trouwe, seit se. Lyk as dy widdou giet it my, achte Heärders! Hwet ik jimme opdreune kin, is oars net as it bytsje Frysk, dat ús mem en de bôeren my leard habbe. Saeije de greate fûgels boppe yn 'e löft, de lytse bliuwe op 'e groun; dêr wol 'k mei sizze: prate learde hearen ôer hege onderwerpen, ik ôer lege, ta diss' tiid ta licht wol forskopt en fortrape. - Ik, - nou ja, ik doar 't mar efkes sizze, dat 's wier! Hwent wirdt er jimme nei frege as jimme thúskomme, den matte jimme sizze: ‘Hy hie 't, as 't je bljeaft! ôer’.....ik doar 't net sizze! Wolle jimme 't witte, bearGa naar voetnoot(9) den dat jimme by Japik syn keamerke steane, den kinne jimme 't heärre. It is
Oer PandiggelsGa naar voetnoot(10).
Japik praet. Nou wol ik den hjir lykme allinne myn foarlêzing ris ôereidsjeGa naar voetnoot(11). Metten scil my, hoopje 'k, net ôer 't mat komme, dy bûketGa naar voetnoot(12) er altiid sa nuver mei de koärte klôet op yn. - Hy lêst. Mocht hier immen wêze, dy net wit hwet pandiggels binne, dy mat mar ris in panne fol hjit wetter fen 'e tafel nimme en him ynbyldsje, as | |
[pagina 94]
| |
er it weibruijeGa naar voetnoot(1) wol, dat de keamersdoar wagewiid iepen stiet, howol dy gôed sletten is; den stuitet er fen sels tobekGa naar voetnoot(2); ontscjit him den de panne, den komme er throchgeans fen sels pandiggels, en poësket him den dat hjit wetter op 'e teännen dat er him barnt, (dat ik lykwolsGa naar voetnoot(3) nimmen tawinskje) den scil er syn hele libben lang wol onthâlde kinne, hwet dingen pandiggels binne. - Diggels den, hwet dy foärhinne ek wêst habbe, potten, pannen, thégûd of oars hwet, wirde by de bôeren sa dei en weiGa naar voetnoot(4) allegeärre mar pandiggels neamd, en sa scille wy er ek ôer prate. Earst ôer 't ontstean en OardGa naar voetnoot(5) ôer de gefölgen fen pandiggels, en den op 't Lêst hwet nut er út by enoar geärje. | |
I.It ontstean fen diggels bart op safolle menearen, dat it spanneGa naar voetnoot(6) scil om 't nei to kommen. De spreuk: ‘Houdt wat gy hebt!’ is siker yn in oare sin hjir ek fen toepassing. Nimmen, ho de minske oars ek trachtet nei formeardering fen syn foarwerpen, foaral ryksdaelders, sjucht graech fen in heel rút twa heale, of fen in hele trekpotGa naar voetnoot(7), môlkköm of oars sa hwet, hwa wit hofolle diggels. Dêrom neame wy it ontstean dêr fen earst mar ris ongelök. In gôede frou en in gôede faem binne bêst mei enoar yn oärder. Is de man fen honk en de bern nei skoälle, den rotteljeGa naar voetnoot(8) dy to geärre wol ris ôer 't ien en 't oar, dat de faem yn hjar wirk altomets forkearde biwegingen makket, en de frou wol warskouwjende sizze mat: ‘Tryn, pas op, meitse nin diggels!’ - ‘Né frou!’ seit Tryn, ‘hwet sei de frou, scil dy âld strampel trouwe?’ - ‘Ja wis!’ seit de frou, ‘hja binne al röppenGa naar voetnoot(9). As dy trouwe, den kinne er wol mear trouwe, net Tryn?’ - ‘Ja, dat leau 'k,’ seit Tryn. ‘Den scil er yet ek wol in brôek en in baitsje for my opdaegjen komme.’ - Onder dat praet, dat Tryn wakker haget, steapelt se de lytse pannen yn 'e greate, set se haestich en rimpen op 't thrêdde bôerdGa naar voetnoot10) fen de skûtelbank, giet yn 'e hûs en freget wer: ‘Ho âld scoe er wêze?’ - Mar de frou bigjint to kraeijen: ‘Jiek!....allegeärre diggels!’ - Nei efteren! - Ja man! In greate wynhounGa naar voetnoot(11) skynde witte wollen to habbenGa naar voetnoot(12), ho skien as Tryn hjar wirk dien hie; hy stiek syn lange bek yn de steapel pannen, dy stiene hwet ing op it bôerd en waerden oerwichtich: klets, dêr laei de bôel! Immen dy fölle mei brekkende waer omgiet, mei handich en teffens foärsichtich mei sök spil wirde: in ongelök, lykwols, sit op in lyts sté. - In ûrke hjir fen dinne roeikeGa naar voetnoot(13) en peasgeGa naar voetnoot(14) nêst jiërrenGa naar voetnoot(15) in pôep mei stiëngûd it paed lâns. De kôer wier leadichGa naar voetnoot(16) sa 't like, en dêrom scoe er ris hwet | |
[pagina 95]
| |
rêste. Hy strûpt de bân foär de foärhölle wei, swaeit syn stôk, mei 'n plat boërdtsje der op, efter him, sette dy onder de kôer om dy dêr op steune to litten, en miende him den ris hwet út to pûsten. Mar, o sei! De man wier mei de rêch nei de beamwâl stean gien, de groun wier dêr lös en böl; de stôk sakke dêr yn wei, en hie de man sêftsjes oan de kôer dêr oan ta sjoud, nou skûrde de kôer op syn bar de pôep sa rimpen throch dy beamwâl hinne, dat syn help-röppen net hôefd hie om de minsken, foär hwaens hûs er stie, nei bûten to lokjen. Dêr lei de man mei de rêch op 'e kôer yn 'e sleat. ‘Wolt mir da ût trekken!’ bea de man, en ringen hie in helpende hân him beet. Dat woe lykwol net, dêrom sei in oar: ‘Hark ris frjeunen! de draechbânnen matte earst lös.’ - Nou ja! - Earst de pôep, sjea sa! nou de kôer, sjea dêr! - Dêr stie de pôep mei de wiete krösGa naar voetnoot(1) op 't gûlen òfGa naar voetnoot(2), en dêr stie de kôer, en spuite út stikkene krûken en kannen wol fyftich strielen wetter. Do min seach dat de pôep net stikken wier, laken de omstânners; it wier net to litten, sei in faem. De pôep koe mei syn diggels opkroadsje en by de skea yet ek sahwet skande meinimme. Wolle myn heärders nou rjucht sprekke twisken de frou en Tryn, ik mei 't graech lije. ‘Onfoärsichtich,’ seit de iene. ‘In ongelök,’ seit de oare. - ‘Wat kost et skaepflees?’ rôp jiffrou Gnibbelduit throch 't rút tsjin de slachter. - ‘Fjouwer stûren,’ sei baes. - ‘Ken 't niet foor fierdehalf?’ - ‘Ho sizze jy?’ sei baes. - ‘Foor seuventien centen,’ sei ik. - ‘Fen ‘e rinten libje?’ - ‘Nou,’ sei baes, ‘jild forlieze, jiffrou, dat is oars!’ - ‘Ik sei, as baes et my foor sestien centen brenge kon, dan nam ik drie pon.’ - ‘Ho sizze jy?’ sei baes, en mei dat er him er nei jaen scoe om better heärre to kinnen, stompt er mei syn flesk-aedtsjeGa naar voetnoot(3) throch de glêzen. ‘Lompert!’ sei jiffrou, ‘dat kan je betale, hoor!’ - ‘Ho sizze jy?’ sei baes; ‘in lilk ongemak! Ho kaem it? Nou, ik scil jiffrou strak flesk bringe.’ Baes Leffert wier yet danige mâl mei syn wiif. As 't reindeGa naar voetnoot(4), scoe er him wol throchwiet reine litte om mei in twa-earige wetterpôt de tonne yn 'e hûs fol to toaijenGa naar voetnoot(5). Nou wier 't, as de jonges mienden, dat dat baes ôfleard wirde moäst. Dêrom bismarden se baes syn efterdoarsdrompel, dy hwet heech wier, mei sjippe. Baes wraggele wer mei syn wetterpôt oan de drompel ta. ‘Pas op, fal net, baes!’ sei de kûpers jonge. - ‘JouwGa naar voetnoot(6) dou dy mar ou!’ sei baes, ‘dou hôefst er net mei de noas op!’ en....bir...sei baes en dêr fôel er. - ‘Matte jy er mei de noas op, baes?’ frege dy jonge slûchslim. - ‘Hwet is 't nou?’ sei Heabelsje. - ‘Och, ik fal my út enoar,’ sei baes. ‘In ongelök! de pôt stikken!’ - ‘Baes wier der to thicht mei de noas op!’ rôp dy jonge yet ris. In oare kliberGa naar voetnoot(7) jonges stie by 't finster to gik-oanstekken, en hja fôelen hast om fen laitsen. - ‘Ho kaemst dêr ek sa bryk by?’ sei Heabeltsje. - ‘Mei de | |
[pagina 96]
| |
noas!’ rôp de kûpers jonge. - Hwet min gôed miende kin yen al nuver ta skea en skande op 'e lea komme. Baes seit, it wier in ongelök, en biklage de wetterpôt, lyk as in kommiis dy ris torflokte. Dy kommiis wier in heel oanfallichGa naar voetnoot(1) man oars; syn wiif fix kras. Mar wier it wyfke for in kear ris fen honk den moäst hy húshâlde. Nou hie er mear nocht oan iten as oan skûtelwaskjen; dérom geärre er de smoärge skûtels in hele wike op en sette dy de keamer yn 't roun. Roan 't den op 't lêst ôer de hege skoën, den strûpte er de mouwen op, en ien, twa, thrije fleagen de skûtels en pannen throch syn hannen, en 't paed nei 't kaminet en 't bêd waerd wer rom. Dat wirk hie er ienkear bisljuchteGa naar voetnoot(2), en kaem do handich throch de foärdoar mei in greate pôt mei wetter. Hy sjucht yn 't waer: ‘Heerlik weertsje van daag!’ tilt de pôt yn 'e hichte en laptGa naar voetnoot(3) him midden yn de smoärge wei. De earmen lit er sakje, en bigjint sa fûl as er kin to flokken. Hy hie 't smoärch skûtelwetter allinne mar misse wold: - glêd forsind! Mear ongelökkige diggelmeitserij wol ik mar net opneame; hwent dat waerd in wirk sonder ein. Kin min 't bynei net skiede soms, as 't ongelök of rökkeloasens, dommens of onfoärsichtigens is, to better kin min 't sjeän as 't mei opset komt. Hwet wirdt er soms út ôerdwealskens net hinne bruid? ja, mei de hjitte hölle der hinne saeid? Hwet is 't ougryslik, as in man, dy de forsoärger fen 't húsgesin, heärt to wêzen, mei de biroaide hölle thús komt, en om syn byenoärhâldend wyfke to hunenGa naar voetnoot(4) en to pleagjen, alles koärt en klien slacht. Siker! stiet min sa ris by de diggels, dy sa'n wyfke kritende op de yeskbultGa naar voetnoot(5) brocht, den komme der licht eärnstige thinkbylden yn yen op. Wol mei min den sizze: Jenever, o vloekvocht! wat zijt gij een pest!
De dorst, dien gij opwekt, wordt nimmer gelescht.
Wat teelt gij op aard niet al jammer en druk!
Wat kost gij er velen hun eeuwig geluk!
Né, de ôerdwealsce dronkene mei him formeitse mei diggelmeitsen, dy in ongelök bigiet net. Jout it lykwol - dronken of net dronken - altiid hast deilisskip of getsierGa naar voetnoot(6), omdat it skea oanbringt; ik scoe dêrthroch it oarde deel fen myn foárlêzing - de gefölgen fen diggelmeitsen - hast yn twa wirden bifetsje kinne, namelik disse: Taeije gesichten. | |
II.Jawol, taeije gesichten! Jamk kin it rotteljen fen in thépantsje it oangenaemste petearGa naar voetnoot(7) yn hirde wirden en stoefe troänjes foroarje. Flökke, tsiere, kibje, skrieme, stúnje, sjea dêr, hwet er faken op fölget. Boaden út de tsjinst; dat en folle mear yet, om de weardije fen in stoaterGa naar voetnoot(8) faek. Lykwol | |
[pagina 97]
| |
rint ik ek wol better ôf. ‘'t Is gôed dat it potskip of de panwinkel net fier ôf is,’ heärde 'k wol ris sizzen, of: ‘Dat is gôed for de glêsmakker.’ - En sök sizzen, hofolle kin 't net bybringe ta 't libbenslök? dêr de geringste dingen yn 't húslike libben faek de measte wille oanbringe. - ‘Hui la! bist dêr Japik?’ röpt Metten foär de doar. ‘Heärst my net tsjin de doar oan skoppen?’ - ‘Né, ik wier oan 't lêzen,’ seit Japik, wylst er Metten der yn lit. Metten. Nou ja, òer pandiggels! Der stean wol tweintich minsken foär de doar to harkjen. De gefölgen bist oan ta; nou scil ik dy dêr ta helpe. Japik. Och, Metten, kom moarn joun wer! Metten. Gôed! Mar ik wol dy earst hwet sizze. Ik bin, leau 'k, throch ongelök yn 'e wrâld rekke; brike settenGa naar voetnoot(1) sonder ein! - Dou witste, dat hjir to Stoppelgea bynei nin skylfisk kaem, foär dat de feart slatten en de strjitwei nei Leauwerd klear wier. Us heit bongeleGa naar voetnoot(2) jimmer fen sûr stip en skylfiskkoppen. Dêr kom ik ris by de hear Liifrêst, dy ôer fisk praette. - ‘Skelfis,’ sei de man, ‘lust je fader graech, hé Marten!’ - ‘Ja, mynhear,’ sei 'k. - ‘Jou ook, Marten?’ - ‘Nou, ik kin dy skepsels net,’ siz ik, ‘ik ha ljeäver grôttenbrijGa naar voetnoot(3).’ - ‘Welsoo! Nou, kom dan om in present fan my foor je fader.’ - ‘Bêst, mynhear,’ siz ik, ‘ik scil moarn mei de morgenstond komme.’ - Dêr nim ik yn 'e skimerjoun ús brijkomGa naar voetnoot(4), en röp by mynhear: ‘Is er hwaGa naar voetnoot(5)?’ - ‘Ja,’ sei de feint, ‘komm'je nou eerst, in de avondstond? Menheer had je met de morgenstond al ferwacht.’ - ‘Nou ja, dêr kom ik ek mei,’ siz ik. ‘Ik hab De morgenstond Heeft goud in den mond onder de earm, en De avondstond Daalt neer in 't rond is niis fen 't souderbòerd gliden mei grouwe eärten. - ‘Nou, hier heb je in dikke skelfis,’ sei de feint, ‘et komplement an je fader; die houdt fan grappen.’ - Nou talme de feint sa lang mei my om, dat it tsjuster waerd as pik. ‘Je mutte 't deksel der op houe,’ sei er, ‘hy mocht er út springe!’ - Mynhear wenne mar in hûs thrije fjouwer fen ús ôf; onder 't nei hûs gean tilde ik it deksel efkes op, en fielde ris hwet ding as 't wier; ik thochte, 't scil gjin flieGa naar voetnoot(6) wêze. ‘Och heden!’ sei ik yn my sels, ‘hwet binne dat rûge skepsels! Hwet ha dy bisten lange skerpe neils op 'e teännen!’ - Ik koe 't my net bigripe dat er libbe, hwent hy forrepte him net. Wylst ik sa oan ús foärdoar taroan, en de doar opfiere woe, dy folle yn 't kier stie, seach ik net dat er do op stie, - en dêr foel ik! - net for de earste kear! - ‘Mem!’ rôp ik, ‘kom mei ljocht! ik hab in skylfisk, oars ontkomt er my! Ik bin fallen; ik ha my biseard oan 'e mûle.’ - Dêr kamen ús heit en ús mem en ús houn alle thrije oansetten. En hwet ding mienste, dat ik fêst hâlde? - In deade kat, myn jonge! - ‘Nou, dy grap is my bötter nôchGa naar voetnoot(7),’ sei ús heit. - ‘Dy skoane brijkom stikken!’ sei ús mem. - ‘En de bek opskûrd en alheel blôed!’ sei ik. Ja man, dat wier fen dy gefölgen - dêr wierst oan ta, net Japik? - ik moäst nei ús âlde dokterom. Hy bithomkeGa naar voetnoot(8) myn mûlwirk. ‘Pas op!’ siz | |
[pagina 98]
| |
ik, ‘skûr him net fiërder op!’ - ‘Hoe is dat komen?’ frege dokter. - ‘Niis,’ sei 'k, ‘mei de morgenstond bin 'k fallen.’ - ‘'t Is nou ommers al avend, jongetje! Waarom niet aanstons te kommen? - 't Siet er freemd út!’ - ‘Hea, dokter! ik bin hjir dalik út in fjouweren hinne draefd. Jy matte bigripe, de morgenstond dat is in brijkom!’ - ‘Laat je hoofd es sien!’ sei dokter; ‘je spreke so wonderlik, heb je de harsens ok beseerd?’ - ‘Ei kom, dokter! mealt jo sels de plasseGa naar voetnoot(1)?’ - ‘Ja, kyk!’ sei dokter, en do draeide er syn âlde prûk yn 't roun. - SaunGa naar voetnoot(2) wike ha 'k in plaster op 'e waffelGa naar voetnoot(3) hawn, eär't it better wier. Dat wieren de gefölgen! - - Mar astou dyn foarlêzing oanfetteste, Japik, den mast wol sizze fen ‘Heärders!’ mar net fen ‘Heärderessen.’ Ik frege niis by baes smid: ‘Ha jy ek efkes in heak for my to lien? de loskeatGa naar voetnoot(4) is stikken.’ - ‘Jawol,’ sei baes. ‘Jaen mar ien fen dy essen!’ sei er tsjin de feint; ‘dat binne goede heaken.’ - Seistou nou fen Heärderessen, Japik! den koene de froulju miene, dat elk fen hjar in àld heak wier. - Nou, gôeden joun! Japik. Joun, Metten! Hwet hest it wer màlGa naar voetnoot(5)! | |
III.Metten bringt my hwêr ik wêze woe, ik mien by dy spreuken, dy yn somlike boärden of pannen stean. Dy spreuken, dy ik op safolle pandiggels, thichte by en fen fierens, op hiemen en lânnen, sjoen hab, binne de oanliedende oarsaken wêst, dat ik er in opstel òer makke. Ho nuttich it for de minskelike maetskippij is dat de brekkende waren oan diggels reitse, scoene de forkeapers tsjùge kenne, sawol as de minsken dy se meitse en net forbrûke. Ho skoan it in minske past om to hâlden hwet er het, scoene allike gôed dy earme stakkerts tsjûge, dy by 't brekken fen in itenspanne hjar faken mei de ôerbleaune diggels bihelpe matte, dy sels den yet wol meager foldGa naar voetnoot(6) binne. - Is lykwols de iene syn skea de oare syn brea, den past it wolstelde lju net, om ôer in lyts ongelökje sa fel to bearen. Earmen leart it foärsichtigens. KlibberjeGa naar voetnoot(7) wy allegeärre oan de wrâld en hwet dy foärtbringt, en hwet yen sa gleaunGa naar voetnoot(8) yn de eagen blinke kin, den sjugge wy faker nòch dat it brösse, brekkende waer is. Wy nimme 't just net kwea, dat elk yn syn stân en nei syn formogen him fen nedige dingen en forsiersels foársjucht: o né! Teffens miene wy frij to habben om út dy dingen, al binn' 't mar pandiggels, learing en nut to sûgen. - In mefrou het in servys sök àld, nijsgiërrichGa naar voetnoot(9), wonderbaerlik porslein, dat alle greaten, dy it biwonderje, graech hjar lêste hondert goune joegen om it to bisitten. Dat streaketGa naar voetnoot(10) dy mefrou den danich. Hja kin in disse biwondering hjar hele libben slite, hwent min seit dat yn de hele wrâld | |
[pagina 99]
| |
sök porslein net mear to krijen is, fen dy stoffe, sa biskildere en sa âld. It is ek in erf fen âlder ta âlder. Mefrou Blinker is in gôed, wolmienend minske; hja docht folle gôed oan de earmen. Jonge fammen út de lege stân nimt se oan hûs, himmelt se op, leart se seden en menearen, en makket er fammen fen dy klinke as klokken. Skoënmakkers Iebel is de lêste dy dat lök to barGa naar voetnoot(1) fôel. Iebel wier handich en skoan fen oannimmenGa naar voetnoot(2); mefrou bitroude hjar alle ding; mar mei de mûle wier Iebel throchgeans foarbarich en frij hwet rou: dat woe mar net ôfleare. - ‘Mefrou, komme jy efkes foar!’ sei se ienkear. - ‘Foei, Iebeltje! als 't mefrou belieft! mut je segge.’ - ‘Ja, dat spant om dat altiid to onthâlden. Nou, as 't mefrou biljeaft! ik hab foar dat grou blau thégûd fen 't spynGa naar voetnoot(3) reageGa naar voetnoot(4) mei 't lear.’ - ‘Och hemel!’ sei mefrou, en bistoar as in dôek. - ‘Myn ljeave minske!’ sei Iebel forwondere, ‘it is in ongelök! Wirde jy nou fûlGa naar voetnoot(5)? Ik wol jo wol graech in heal dozyn helte moäijer wer jaen, mei earkes en reade blommen. Sjoerd Wip leit hjir mei 't potskip.’ - ‘Skepsel!’ seit mefrou, en wartGa naar voetnoot(6) Iebel, dy hjar helpe wol, ôf. - De gefölgen: Iebel út 'e hier; mefrou senuwachtich en siik, - en earme fammen kinne by mefrou nin plak mear krije. - Dat it mefrou Blinker roude om hjar servys is allike min in wonder, as dat Iebel in ongelök bigong. Beide minskelik! - It lexum for ús is mar, dat wy net nei eare, rom en bisittingen jeije, dy ier of let yn diggels foroarje. Hwet in moai sinnebyld for ús greate forwachtingen en plannen, dy faek as reek forstouwe. Wol wirdt it soms bisocht as 't ek wer steapelje wol, en sizze wy: sa wier it en sa moäst it! - krekt as mefrou, do se hjar moaije diggels gearpaste sei: ‘So sat et!’ Mar diggels bliuwe diggels of biplastere reauGa naar voetnoot(7). Do dy mefrou wer hwet op 'e hael kaem brochte in bôerefamke hjar ris bûter yn in braskôer. ‘Wat nou,’ sei mefrou, ‘boter in 'en boerebord? Waarom geen wit?’ - ‘Och mefrou, sei 't famke, ‘ús wite panne is oan diggels. Mem het koärts gûdsGa naar voetnoot(8) mei lêzenGa naar voetnoot(9) koft; dêr habbe wy sa 'n nocht oan. Sjuch, yn disse stiet: Arm en rijk Bij God gelijk. Den ha wy thús yet: Porselein en glas Dat breekt zoo ras! en: Wensch u niet rijk; Goud is maar slijk, en: Een vroom gemoed Is 't hoogste goed, en: Wie God bemint Heeft God tot vrind. O, wy habbe sa 'n bulteGa naar voetnoot(10), mefrou.’ - ‘Hoe gaet et moeder met de kleine?’ frege mefrou. ‘Hoeveel broers en susjes heb je nou wel?’ - ‘Fen elkmes seis,’ sei 't famke. - ‘O, wat 'en boterhammen daags!’ - ‘Ja,’ sei 't famke, ‘wy habbe ek in panne, dêr stiet yn: God geeft in nood Ons hulp en brood.’ - ‘Je ouders moete nog al 'en hooge huur fan de boerderij geve; 't komt seker sober om!’ - ‘It knypt wol ris hwet, mefrou! Wy habbe ek in panne dêr yn stiet: Honger maakt raauwe boonen zoet, en: Besteed uw tijd Met noeste vlijt, en: Sparen en garen, Dan kan men het klaren, en: Houdt maar aan! Het raakt gedaan. - De boerenstand Doet nut in 't land. - Weinig geld, Weinig zorg. | |
[pagina 100]
| |
En den yet ien fen Smakelik eten! mefrou!’ - ‘Wel,’ sei mefrou, ‘wat kan je fan buten opsegge!’ - ‘Ja, mefrou, en den prate heit en hjar ôer dy spreukjes, as 't wol wier is of net. Lêsten tsierdenGa naar voetnoot(1) heit en mem hast ôer Weinig geld, weinig zorg. Dat roan so heech, dat heit dreamde dy nacht, sei er, dat Piter Belle en Sytske Slof dy fyôeldonsenGa naar voetnoot(2) op houten klompen op de lege tafel, foär de kâlde hird, mei in grude strieGa naar voetnoot(3) yn 't feinster. - ‘Wel meiske,’ sei mefrou, ‘ik loof jou leere meer fan bonte borden als ik fan witte. Hier is wat foor je spreuk-opseggen! ('t Famke krige in stûr.) Moeder dag seggen, hoor!’ - Myn onderwerp, Achte Taheärders! wirdt riker. Moch immen my foär de skinen smite, dat it, ja, wol in aerdich stikje út it deistichGa naar voetnoot(4) libben is; mar lykwols hast net foldwaende for in Nutspreek: dy wol ik mei 't fölgjende tsjinje. De Maatschappij tot nut van 't Algemeen het sont hjar bistean machtich folle gôeds stichte en stichtsje wold. Hwêrtroch meast? Throch skriften for de gemiene man. Faek wier dat wol ris tröffen, mar ik think hast fen yet faker mis, for sa fierGa naar voetnoot(5) mis namelik; dat de lêsbere waer, dy fen de Maatschappij útgong, net gretich oannomd waerd. ‘Hwet habbe jy dêr?’ waerd my foär jiërren ris frege, do 'k in boek út de bibliotheek fen de Maatschappij helle hie. - ‘In ding fen 't Nut.’ - ‘Ei, is 't oars net? Stiet de brilGa naar voetnoot(6) der al foar yn?’Ga naar voetnoot(*) - Kaem dat nou fêst ek al, lyk as söks meast al komt, dat de Maatschappij gôeddwaen woe tsjin wille en thank? Of lit in minske aerd it net ta om him it ien of 't oar ta to thwingen? Of is licht yn dy soarte fen boeken de styl to drôech en ientoanich, omdat de skriuwers to folle forboun binne oan 't foärskrift? - Ik lit it allegeärre dêr. De Maatschappij, trou oan hjar bigjinsels, fart foärt, al spatte somlike fen hjar plannen en útsichten oan diggels. Priisfragen, om de minsken sedelik en stoffelik foardeel to biskikken, fölgje yet de iene op de oare. Fiks! Mar nou woe ik myn heärders wol ris freegje, as hja der wol ris om thocht habbe, ho aerdich en stil de pannen, dy de minsken brûke, hjar teffens spreuken onder de eagen bringe, dy min út de boeken net siikje wol. Sels de Bîbel is by de measten, hwet ik ris sizzen heärde: ‘of een pronkstuk, dat men zelden voorzichtig opent, of een verschoven boek.’ - Jouwe dy spreuken faek stoffe ta praten en thinken, lyk as ik it wol bywenne, den scil it nimmen mear nij dwaen, dat de prikkeGa naar voetnoot(7), hwêrmei de panskriuwer syn spreuken kladdet, fiktoarje kraeije kin ôer de pinne fen de leardeGa naar voetnoot(8), dy opfette wirdt om fölksheil to bifoärderjen. Ta forbettering fen panspreuken hab ik nea nin priisfrage sjoen, ta forbettering fen lietsjes wol dit en dat. - Wolnou, Taheärders! komt dy spreukskriuwers ek eare ta? Ommers de measte spreuken yn pannen, al is er faek in letter to folle of to min yn, binne sa, dat ien dêrfen wol in opstel wirdich is: sedeleas hab ik se nea sjoen. Eare den de pannebakker en skriuwer! | |
[pagina 101]
| |
Alle pannen, Achte Heärders! wirde ier of let diggels, alle kastielen pún. Ik wol dêrom dat thinkbyld graech beet hâlde, dat in man fen stúdsje sa omtrint utere: ‘Als de wind het stof van uwe in puin verkeerde luchtkasteelen met zich voert, en gij wanhopende omdwaalt of bezig zijt andere, nog grootere te scheppen, ik bid u, neem den Bijbel!’ Hy koe dat mei folle rjucht sizze, en yet mear fölgje litte; ik lykwol, trou oan myn onderwerp, siz: As immen yn 't hjitst fen in simmerdei nei syn wirk trapet, de rêch fol, de hannen fol, de bûsenGa naar voetnoot(1) lykwols leech, - en it gemôet sa barstende fol, dat de môed him sa nei de hakken sakket, dat hy er hast ôer ströffelt, den falt syn each op in smoärge pandiggel oan 't paed. Mei moeite lêst er dêr op: Biddend gelooven, Komt alles te boven. Sa 'n spreuk kin immen treffe as in thongerslach. Komt in minske throch syn bidriuw yn oanreitsing mei heech en leech; sawol op 't uterste fen in tôerspits as yn de leechste kelder fen in slot of kastiel: sawol by swiid klaeideGa naar voetnoot(2) minsken en kostlike meubels, as dêr de iene belle de oare slachtGa naar voetnoot(3), en in blyn hynzerGa naar voetnoot(4) nin skea oanrjuchtsje kin; as sök ien dèn dat wrâldsbirinGa naar voetnoot(5) neigiet en oerthinkt ho dat onderskie sa great is; ho hy wol graech sá en sá libje scoe en woe, en lykwol mei folle oaren just sá en sá libje mat, en dêrby opmerkt, dat min licht mear út need as út ljeafde ta God yen just sá tsjûrje lit: den falt syn each op in pandiggel mei disse spreuke: Het is geen laagheid, voor God te bukken. Né, as wy oan in weitsende Foarsienichheid leauwe, den mat al hwet ús tsjintribelt ta ús foardeel útdije. De deugd verheugt, stiet op mannich pandiggel. Hoogmoed komt voor de val. - ‘De deugd verheugt! ja, dat is sa!’ seit men op 'e rige weiGa naar voetnoot(6); as min 't by onderfining ek sa gôed wit?! Dêr woe 'k wel efkes op neithinke. As in minske deugdsum libbet docht er him sels it measte gôed; gemôetsrêst is syu lean. Lykwol is de striid soms bare swier (dat forhûget fêst net!) en forwint de deugdsume jimmer; hwet in heech nöchlik fielenGa naar voetnoot(7) is dat! En den wirdt hy dêr licht great op; kin dat wirde eär 't er 't sels wit. Alle kwea doar hy onder de eagen sjeän, en fêst scil de greate Rjuchter, thinkt er, him net ôfwîze: hy is sa heilich! - Sök ien, dy lit syn bigjinsel ris hwet farre en is sa nau net mear yn lytse dingen; dat nimt sa folle ta dat hy falt; ik wol sizze hy bigiet in ondeugd, dy al syn greate ynbylde deugd to neate makket. Al is 't yn 't each fen de wrâld sa slim net, hy fielt him forbritsen. It rjuchte birou bringt him dêr hwêr forbritsene herten en forsleine geasten oannomd wirde, en krekt as kaem er in ljochtstriel fen böppen, sa sillich fielt er him throch it gelove dat syn skild forjown is. Hwêr wier nou de heechmôed? Meast yn de deugd. Of scoe dy fal, dy ondeugd ús ek like thicht by de Hear bringe kinne, as dat wy, sa deugdsum net fallen wieren? Alteast mien ik it sa dúdlik makke to habben, dat ek de ondeugd forhûgje kin. De gefölgen fen in ondeugd, woe 'k sizze, kinne den licht better godsfrucht preekje as heechmôedige deugd. | |
[pagina 102]
| |
't Is krekt as ik er nocht oan krij, en ik wol yet ris, for de foroaring, sa'n pandiggelspreuk hinne en wer thriuwe. - ‘Beter benijd dan beklaagd!’ sei in wol binôge man tsjin syn wyfke, dy hast net forkropje koe dat er fen hjar sein waerd: ‘Ho dy lju sa yn 'e hichte kliuwe, dêr kin nimmen by. It seil wirdt mar heger en heger helle; nimmen kin dôch fiërder leäppeGa naar voetnoot(1) as syn pols lang is.’ - ‘Dat komt dat it ús sa skoan giet,’ sei de man. ‘Ik stek de hannen út, ik wit hwêr Abraham de mostert hellet, ik libje mei dy yn frede, dêr wy beide God earje en thankje.’ - Dat wyfke waerd siik, en mei koärtenGa naar voetnoot(2) deadlike minGa naar voetnoot(3); dy siikte fen 't minske dûrre sa lang, dat it al hjar wolfeart forslynde. ‘Och heden!’ seijen de lju, ‘hja wieren dêr beide oars altiid sa klôek en krîgel tsjin oan, en nou is 't allegeärre ellinde.’ - ‘Den bist net bang fen stjerren?’ frege de skriemende man oan syn wiif, do se op 't uterste lei. - ‘O, né,’ sei se. ‘Do it ús sa skoan gong, miende ik dat ik frede hie; lykwol klibbere ik alheel oan de wrâld. Nou hab ik it neatige fen alle wrâldske bisittingen field. Op dit eagenblikGa naar voetnoot(4) fiel ik allinne dy frede, dy wy yn 't oare libben wer brûke kinne.’ - Wer hie it rabbelfölkjenGa naar voetnoot(5) in oaren beet, dy 't onneikomlike skoan gong: goud en silver hwet er blonk. - ‘Hwet in onderskie!’ waerd er sein, ‘dêr leit in minske op 't stjerren, mei alles brekGa naar voetnoot(6), en hjir is 't allegeärre ôerdwealskensGa naar voetnoot(7). As ik safölle bisiet, ik scoe 't oars oanlizze!’ - Nou wier 't sa, dy binide minsken libben mei hjar ôerflôed forkeard. Dêrom sei de man, do er syn panne mei böppeneamde spreuk wer seach: ‘Ik leau it is beter beklaagd dan benijd.’ Scoe ik alle spreuken opneame, dy op pandiggels forspraet lizze, dat scoe ús forthrette: ik kip er mar inkelden út. - Leer u zelven kennen! Ken u zelven. - Nou wol ik yn koärte wirden bilidenisse dwaen ho fier as ik mei minske- en selskennisse hinne bin. It komt hjir op del: In minske is in nuverGa naar voetnoot(8) ding! - In âld man klaget yen syn need; hy het yn 't libben, seit er, oars net as forthriet. Howol dy man to bôek stiet for immen dy in dwarsbongel en ondogensk is, krijt er yen throch syn hege jiërren hast by 't hert. Syn soan, seit er, het mei in fine set him syn hûs en bisittingen onbrûk makke en sels yn bislach nomd; dêr hy yn syn fleur sa om wrötten en swalke het, en nou mat er as âld swakkelik man by freämde lju forkeare. Hy winsket dat de Hear him ringen weinimt; it libben is him ta lêst. - ‘Hwêr sjugge jy sa nei?’ freget dy man. - ‘Ik sjuch,’ siz ik, ‘nei dy pandiggel; ik bin in ljeäfhabber fen letters.’ - ‘Ja,’ seit er, ‘dêr sjuch ik ek wol ris nei.’ - Ik lês hird op: Lijdt gij smartelijk verdriet, Veracht daarom Gods liefde niet. - - Foärt dêrop forytGa naar voetnoot(9) dy man him oan greate beane en flökt him de mûle hast út enoar tsjin syn wiif, en daelk dêrop bidt er wer. - Is in minske net in nuver ding? Lit ús de diggels nou ris in greate wearde jaen. Lang, Achte Heärders! het myn holle myn bôekkas wêst, dêr thrôch scjitte my onder 't skriuwen in mannich rigels út in âld skoälbôek yn 't sin; it wier oer Columbus, de | |
[pagina 103]
| |
ontdekker fen Amerika. ‘De inboorlingen kwamen op het verdek eens schips. Een matroos liet aan eenen, die een klomp gouds in de hand hield, een koraal zien, waarop de Indiaan het goud liet vallen en haastig wegliep, meenende dat hij den matroos deerlijk gefopt had. Anderen zochten zorgvuldig de scherven van een gebroken pot op, en lieten er goudkorrels voor vallen.’ - Sadwaende binne diggels wol ris mei goud bitelle, sa 't liket. Seagen dy onbiminstreGa naar voetnoot(1) minsken gleaun tsjin dat gûd op, dat by hjar alheel onbikind wier, ek onder ús habbe pandiggels in greate wearde for de bern. Ik leau dat de bern hjar faek mei 't stikkene gûd mear formeitse, as de âlden mei 't hele; hwent binne se bûten doar dêr mei beuzich en krûpt de sinneGa naar voetnoot(2) yn 't nêst, den falt hjar, as se röppen wirde, it yn 'e hûs kommen swier, en sjugge se faek nei hjar boärtersplakGa naar voetnoot(3) om. Onthâld dat efkes! Yn mannich pandiggel stiet: Het einde is de dood op aarde. Wol wier! Licht as immen yn ús doärp in panne brekt mei dy spreuke, en smyt de diggels bûten doar, licht, sei 'k, nimt den in jonge dy op to platsje saeijenGa naar voetnoot(4); licht, faek, smyt er nei ús tsjerke en tôer; licht, einlings, komt dy diggel bûten fölle oare grêvenGa naar voetnoot(5) to lânne op de blauwe stienGa naar voetnoot(6) fen immen, dy foär in pear jier hjir myn foärlêzing oanheärde, en sels letter my frjeunlik frege: ‘Ho is 't, krije wy ek hwet Frysk fen jo?’ - Dy frjeun is ús ontfallen en kin syn plak op ús gearkomsten net wer ynnimme. - Fen de boärtsjende bern onthâlde! sei 'k niis. Ik woe, nei it wisse fen ús pannespreuk oanwiisd to habben, wol hast warskouwje, dat wy as greate minsken dêryn net berneftichGa naar voetnoot(7) wirde, dat wy net mei it boärtersgûd fen disse wrâld: jild, moaije huzen, klean of húsrie, kinde, soundheid, jonkheid, en al hwet moäis de wrâld mar habbe mei, ús tiid sa böt forboärtsje, dat ús libbenssinne yn 't nêst krûpt eär 't wy er om thinke, en ús Himelheit, as hy ús thús röpt, ús net forwyldere fynt, mar wy klear binne om mei to gean en willich to skieden fen de hele wrâld. De Heer regeert stiet yn mannich pandiggel. Ja, God regeert, geen stervelingen kunnen Hem 't bestuur ontwringen. Wy meije er ús den wol nei skikke. It mei för in fleurich selskip as dit licht fiis wêze, mar sei 'k niis dat alles pún en diggels waerd; nou woe 'k dôch yet wol ris fen fieren freegje: as ús minskelik lichem mear is as hwet diggels yn in houten bak, namelik den as wy in toärnGa naar voetnoot(8) yn 't grêf lein habhe, en er in oare slieper yn ús selde deabêd brocht wirdt. Yn 't grêf....net mear, frjeunen! Sjuch nou mar wer yn 't ljeave libben, dat wy allegeärre yet smeitse meije! Smeitse 't yet lang! Brek net folle pannen as jimme earm binne; de riken al to mets, mar nimmen mat folle pröttelje. De iene syn skea is ommers de oare syn brea! Ik wol slute mei riejaenGa naar voetnoot(9), om it diggelmeitsen foar to kommen. For earst: set net in steapel pannen op in smel bôerd, dat de hounen bynei komme kinne. To twaden: elk hwa krûk- en kandrager wirdt, mat er om thinke om net to rêsten mei de stôk op in lösse groun. Thrije: lit de slachter witte hwet er for 't flesk ha mat, of röp him yn 'e | |
[pagina 104]
| |
hûs. Fjouwer: bistrui de efterdoarsdrompel mei sân, as jimme wetterdrage. Fiif: leegje earst de skûtel-waskerspôt, en sjuch den yn 't waer. Seis: saei de brekkende waer, mei de rûzigeGa naar voetnoot(1) of hjitte hölle net ôer 't hús. Saun: Draech jimme skylfisk net yn pannen by tsjuster. Fiel earst hwêr de doar is. Acht: slaen nea mei de learen lape yn âld porslein. - Binne 't lykwols, tsjin al dy lessen oan, dôch diggels wirden hwet jimme heel hâlde woene, meitse den om in ongelök fen ien stoater net for fiif stûren forthriet, mar lês den, ek út hele pannen, de spreuken en bilibje dy! Ik, Achte Heärders! hab wakker mei diggels smiten; lykwols net om jimme sear to dwaen. Ik scil se nou allegeärre mar wer yn 'e bûse thriuwe, en ik leau, dat it my nea rouwe scil, dat ik hjir joun it wird fierd hab.
En nou winskje ik thige, dat it myn lêzers net rouwe mei, dat se 't lêzen habbe. Sit er gôeds yn, wolnou, sûch dat er út! Kwea stiket er, leau 'k, alheel net yn; to minsten winsket de skriuwer jimme oars net ta as hwet jimme bliuwend foardeel jout.
A. Boonemmer. |
|