him net mear as literatuerkritikus, noch as saakkundige op it agraryske fjild, hy wie inkeld noch literêr-skeppend dwaande. Hat it besef in slim fersin makke te hawwen ek oarsaak west fan syn wat nuete skriuwerij letter? Syn roman Ien wike útbuorren wâlet de mjitske walm fan bier en barmhertichheid út omheech. Der liket neat oer te wêzen fan it libbenskrêftige en moedige fan De froulju fan de fetweider.
Hoe't dat ek wêze mei, Kiestra syn krêft as skriuwer leit foar de Twadde Wrâldoarloch. Neist syn koart romantsje De froulju fan de fetweider - in ‘novelle’ neamden se yndertiid in proazastik fan sa'n omfang - moat dan benammen it ferhaal Mascotte neamd wurde, dat ferskynde yn 'e bondel Fryske Sketsen (1934), dêr't ferskillende auteurs oan meiwurke hienen.
Neist ferheljend proaza hat Kiestra ek fersen skreaun en toanielstikken.
Kiestra wie boer, komelker eins. Hy hat jierren taholden op 'e Wieren ûnder Tersoal en letter hat er wenne op Hazzebuorren by Poppenwier, in pôle krekt bûten de buorren. Allinnich de lêste jierren fan syn libben hat er te Raard ferkeard. Hy is miskien wol de suverste belicheming fan syn eigen ideaal, sa't er dat yn 'e tritiger jierren yn syn krantestikjes foarstie, in boer dy't weet hie fan syn kulturele plichten foar it Fryske folk oer. Neffens Kiestra wie de boer net allinnich yn materiële sin dejinge dy't derfoar soarge dat it folk itende bliuwe koe, mar ek yn geastlike sin: de boer wie ek de drager fan it kulturele besit fan it Fryske folk.