| |
| |
| |
Oer skriuwer, boek en útjeften
De skriuwer
Dat er in fjirde druk belibje soe, hie er net ferwachte, skriuwt Waling Dykstra oan de ein fan syn ynlieding op de werútjefte fan de Rinkelbel út 1908. It wie ek wol wat bysûnders. En no ferskynt dan de achtste printing! It boek, dat al hast oardel ieu meigiet, mei dus mei rjocht klassyk hjitte. Wat kin de reden dêrfan wêze?
Lit ús begjinne mei de man. It sil wat in oare man wurde as dy't wy kenne, ien dy't noch mar goed tweintich jier âld al fan skriuwen bestien hat en ien dy't mear temperamint hie as dat oaren letter tochten, doe't se allinnich noch it byld fan de âld man foar eagen hienen. Waling Dykstra dan waard op 14 augustus 1821 berne yn Froubuorren. Doe't syn âlden yn 1824 in bakkerij yn Spannum hierden, kaam hy yn 'e hûs by syn pake en beppe fan memmekant, dy't ek bakker wienen. No en dan wie er foar langer tiid by syn âlden yn Spannum. Dy pake, dat in belêzen man wie en dy't omraak fertelle koe, hat er in soad fan leard. Dat die er ek fan de skoalmaster, A.J. van der Wal. Fan him moat er de Fryske heilingen fan de Halbertsma's krigen hawwe, dy't krekt útjûn waarden doe't hy op skoalle siet. Waling koe de rymkes tweintich jier letter noch út 'e holle. Hy koe moai tekenje en opstellen meitsje en makke as jonge ek al satiryske rymstikken. De bern songen dy dan wol de buorren lâns.
Doe't syn pake-en-dy yn 1840 de bakkerij oan kant dienen, waard er bakkersfeint by syn mem yn Spannum. Sy wie yn 1833 al widdo wurden en rêde har mei twa oare bern, Sybren en
| |
| |
Knilles, en tenearsten ek noch in mastersfeint. Alderheljen 1855 waard de bakkerij ferkocht en de húshâlding opbrutsen, mar Waling wie doe al lang foar himsels begongen. It hjit altyd dat er yn 1853 opholden is mei bakken, mar der binne oanwizings dat er al yn 1846 mei keapmanskip begongen is. Wol is er yn 1852, doe't syn earste frou en ek it jonkje fan har beiden stoarn wienen, noch in skoftlang as bakkersfeint wer by syn mem yn 'e hûs kommen, mar lang hat dat net duorre, want doe't er yn maaie 1854 nochris wer ynwenjend waard, wie er neffens it befolkingsregister ‘uitgever van boeken’. Hy kaam doe fan Tsjom.
Tagelyk mei him kaam doe ek Afke Jans de Boer fan Wjelsryp as faam by syn mem yn 'e hûs. Se skeelden hast fyftjin jier. It oare jiers moasten se trouwe, wat sa'n o-heden joech, dat Waling mei tuskenkomst grif fan syn freon Tsjibbe Gearts van der Meulen in wykmannich by ien yn Noardburgum ferkeard hat foar't it oan trouwen ta wie. Nei har trouwen fûnen se mei help fan Albartus Telting ûnderdak op in boppewent neist it Martenahûs te Frjentsjer, dêr't Telting sels wenne. Telting en hy koenen elkoar fan de Gysbert-Japix-útjefte, dy't Dykstra yn 1853 útjûn hie en dêr't Telting him (op inisjatyf fan de útjouwer foar 't neist) by holpen hie. Dêr op dat optrekje neist it Martenahûs ha se oant 1858 wenne, doe't se in hûs krigen op 'e kop fan de Dykstrjitte op it Bolwurk. Dêr ha se wenne oant se yn 1861 nei Holwert ferfearn binne. De mem ferhuze mei nei Frjentsjer, dêr't se ek stoarn is. Soe it opbrekken fan de bakkerij ek noch mei west hawwe om it ‘skandaal’?
Wat Waling syn keapmanskip krekt ynhold, is net bekend. Hy skynt mei de mar se rûn te hawwen. Boadskiprinnen hearde der ek by, sa't blykt út in oantinken fan in dochter fan Jacobus van Loon. Dy syn skoanheit Noordenbos, dy't oant syn dea yn 1848 dokter yn Wommels wie, naam Waling altyd drankjes nei Spannum foar mei. Sy hie it tachtich jier neitiid deroer hoe'n nocht har mem-en-dy altyd hienen as dat ‘slûchslimme bakkers-feintsje’ yn 'e apteek siet te wachtsjen. Dêrneist makke er ek rymstikken foar lju dy't trouden en skilderstikken. Dat die er ek
| |
| |
noch yn it earst fan syn trouwen, en miskyn letter ek noch wol. Hjir en dêr binne noch wol fan dy skoarstienstikken. Miskyn hat de keapmannerij fuort ek al suteljen mei boeken en it winnen fan yntekeners ynholden. It stiet yn alle gefallen fêst dat Dykstra yn 1846 al kontakten mei de Frjentsjerter útjouwer Bruining en dy syn sweager, de printer Telenga, hie. Fan dat yntekenjen is bekend dat it him net handich ôfgong.
Yn 1849 waard er redakteur fan De Bije-coer, it jierboekje dat Bruining mei stipe fan it Selskip 1844 útjoech, mar dêr't it doe de widdo mei sitte liet om sels mei in nij, eigen jierboekje begjinne te kinnen, Swanneblummen. H.S. Sytstra skreau it oare jiers oan T.R. Dykstra dat Waling it Selskip mear tsjin as foar wie. Dat wie in probleem, want Waling wie fuort al populêrder as it Selskip. Doe't er yn 1849 de Bije-coer oerkrige, wienen der 500 abonnees, mar in jier letter al 700, wylst Swanneblummen, dat alle Selskipsleden fergees krigen, yn 1854 (oare sifers binne net bekend) net mear as 600 abonnees hie. It ferskil yn populariteit siet him fansels yn de manier fan skriuwen, mar it kaam ek mei fan de stavering dy't er brûkte. Hy folge dy fan de Lapekoer en net fan de Iduna fan Sytstra. It duorre net lang of Waling syn stavering waard oernommen. Yn 1856 rette T.R. Dykstra, sels hertstochtlik ferdigener en brûker fan Sytstra syn stavering, útjouwer Suringar oan, Waling sines fan de Huesfrjeun te brûken. Noch mar acht jier lyn hie er mâl guod spuid oer F. (foar 't neist Eekhoff), dy't yn de Provinciale Friesche Courant opmurken hie dat de Iduna-stavering by in soad lju ‘een afkeer van het Friesch verwekt’.
Wy geane fierder mei Waling syn eigen wurk. Dat kaam ek by Bruining út, en sûnt 1850 by Ippius Fockens, doe't dy de saak fan de widdo oernommen hie. Printer bleau Telenga. Fockens wie in ûndernimmend man. ‘Aangemoedigd door de in de laatste jaren zoozeer toegenomene liefhebberij voor Friesche lectuur’, sa begong er it prospektus, sette er fuort yn 1850 noch út ein mei in nij tydskrift, De Frysce Huesfrjeun, dêr't er Dykstra de redaksje fan joech. It soe ‘enkel volkslectuur’ jaan en ‘tevens
| |
| |
goede zeden en liefde voor Frieslands aloude taal trachten aan te kweeken’. En Dykstra waard ek al gau meiwurker fan it Franeker Nieuws- en Advertentieblad. Dat wie yn 1852.
Sa waard er yn in pear jier tiid de folksskriuwer by útstek. Syn reusachtich súkses lit him goed ôflêze oan de werprintingen fan syn wurk. Al yn 1855 wienen trije fan syn boeken en boekjes mear as ienkear printe: de sangbondel Doaitse mei de Noardsce balke (1848, 1850, 1853), de ‘teltsjes yn rym en ûnrym’ It heamiel by Gealeboer (1851, 1854) en de brief op rym Oan alle jongeljue, dy to Maeije trouwe scille (1852, 1855).
Hoe koe dat sa? Fansels, it Frysk wie doe yn it opkommen, boer en boargerman woenen wat te lêzen ha. Dat ferklearret alteast in part fan syn súkses. It eigene hat ommers syn aparte bekoaring, dat wie doe ek al sa. In besprekker fan de Bije-coer smiet it yn 1854 foaral op it Frysk: ‘De Friesche taal is bij uitstek geschikt om het volksleven, met al zijne afwisselingen en nuances en daguerrotype voor te stellen; het penseel van Ostade en de Friesche taal hebben veel overeenkomst. Bovendien heeft zij eene eigenaardige tact om koddige voorvallen te verhalen, en dat op eene wijze, die zich niet laat wedergeven in eenigen tongval van de Hollandsche taal, zonder dat er het waas van naïve, droog komische voorstelling deerlijk door beschadigd wordt, - terwijl hierin veelal de meeste waarde der stukken zit, in het Friesch geschreven.’
It is fansels de fraach oft dat alhiel wier is. It Frysk wie dan wol in folkstaal, dy't minder normalisearre waard en wurden wie as it Nederlânsk, mar der sit wat fan in sirkelredenearring yn: folkslibben is folkstaal is folkslibben. It is ek net sa dat dy ferhalen allegearre sa oarspronklik Frysk wienen. Sûnder dat se it der meast by setten, is der troch de Fryske folksskriuwers hiel wat oerskreaun út Dútske folkslektuer, ek troch Waling. Sa sei er jierren letter dat er de anekdoate oer de dûmny en de boargemaster, dy't aansen noch te praat komt, út Die Spinnstube, ein Volksbuch fan W.O. von Horn hie. Dat wie in jierboekje, krekt
| |
| |
lykas De Frysce Huesfrjeun, mei anekdoaten, riedsels, skiednissen en ferhalen. De earste jiergong is fan 1846, de lêste yn alle gefallen fan nei 1883, doe't it noch altyd ûnder deselde namme ferskynde, ek al wie Von Horn sels al yn 1867 stoarn. It ûndersyk yn de Fryske folksliteratuer nei boarnen as Die Spinnstube moat suver noch begjinne. Sa binne de jiergongen 1846 en 1854 bewarre bleaun dy't Hjerre Gjerryts brûkt hat, mar Von Horn syn namme komt by Wadman net foar, en ek net by Jurjen van der Kooi, dy't by oaren nei boarnen socht hat. Klaas Dykstra neamt oan oersettingen fan him allinnich in pear fan Waling Dykstra yn de Huesfrjeun fan 1860 oant 1864. Dykstra syn Spinnstubes sille wol by it boekeguod west hawwe dat op 'e dwinger yn Nes bedarre doe't er stoarn wie.
Mar dat der hoe dan ek niget oan it eigen folkslibben wie, stiet fansels wol fêst. Dat ferklearret in part fan Waling syn súkses. Mar dat gou ek foar oaren en dochs wie it Waling dy't de herten fan it publyk wûn. Der moat dus mear west hawwe. Wat kin dat west hawwe? Mear as hokker oare Fryske skriuwer hie hy fansels in geweldige wurkkrêft. It reinde publikaasjes fan him. Uteinlik soenen it wol in hûndert wurde. Allinnich al yn de fiif jier dat er by Telenga wurke, kamen der bûten de Bije-coer en de Frysce Huesfrjeun noch in lytse tweintich boeken en boekjes fan him út, soms yn werprinting, en dêr wienen fikse romans by lykas De silveren rinkelbel, De timmerknecht van Klaverterp, De Friske Thil Ulespegel, it toanielstik In utfenhûser by de bakker en de samling foardrachten Friske winterjûnenocht.
Mar mear is der dat syn súkses ferklearje kin. Hy wist de goeie toan te treffen. Sytstra net, dy wie te geleard of ek wol wer te delbûgjend as er foar almenaklêzers skreau; Tsjibbe Gearts ek net, dy wie te wyld, en Hjerre Gjerryts ek net: dy wie belearend of wrantelich. Allinnich Eeltsje Halbertsma koe er net tsjin út, ek by syn eigen publyk miskyn net. Dy wie persoanliker, minder beskriuwend, filosofysker, koartsein: libbener, mar dy wie miskyn dochs mear foar fynpriuwers. Fine irony of eigen wurk en figueren fyntsjes mei de gek beslaan wie neat foar Waling, hy
| |
| |
hold mear fan ‘krekt echt,’ mear fan Eelke Meinerts syn Aagtje Ysbrants as fan Feike van der Ploeg syn Mayke Jakkelis.
Al yn 1851 sei er fan himsels dat er nea net folle op hân hie mei it heech sentimintele en ek net mei it mystike. ‘De natûr nei wierheid skildere, en de wierheid geastich foarsteld, dat het my altyd meast hage.’ Op him is wol fan tapassing wat Potgieter yn de Nederlânske skriuwers fan syn tiid sa tsjinstie, de kopiearlust fan it deistich libben. Dykstra jout dat deistich libben sa krekt mooglik wer. Dêr is in moai foarbyld fan te jaan. Der is in eksimplaar fan syn It frijen en trouen fen Jelbe Greidboer en Beitske Bûterblom út 1861 bewarre bleaun. By de rigels: ‘Op Leau'ter-merke-moandei-moarn/ Stie Jelbe în kleare âld linnen/ To kretôfspielen by de sleat’ hat er letter skreaun: ‘Dit is mis; kretôfspielen falt by 't simmer net foar.’ Hy hat in grutte niget oan minsken en dingen hân.
Noch in oare reden fan syn súkses. Hy stie net boppe syn lêzers., mar der midden tuskenyn. Wat it folk dwaande hold, lei er fêst en wat sy nedich hienen oan sankjes, ferhaaltsjes of berneboekjes brocht hy út. It wie har wrâld dy't er joech en har moraal dy't er ûnder wurden brocht. Dêr hearde ek de nocht oan ûnnocht by. Al fuort syn earste stikje joech in soad leedfermaak. It gong oer in útskuorde ferkearing en in foarname boeredochter te Spannum tocht dat er it op har fersjoen hie. Dat wie yn 1840. Mar soksoarte dingen hie Dykstra wol mear. Bekend is it ferhaal fan in dûmny dy't lid fan de Twadde Keamer wie en dy't der op oansjoen waard dat Dykstra him op it each hie, doe't er om 1880 hinne in anekdoate oer in dûmny en in boargemaster fertelde. De dûmny kaam op in dei de boargemaster tsjin, dy't him fernuvere oer it moaie span hynders dat dy foar de wein hie. Hy sei dêrom dat soks net nei it foarbyld fan Jezus wie, want dy ried op in ezel, wêrop't de dûmny antwurde dat dat net mear koe, omdat tsjintwurdich sa'n protte ezels boargemaster wurden wienen.
En yn 't moed taaste koe er ek, al wie er dan net sentiminteel. Mei in sankje bygelyks as: ‘Dêr yn dat tropke beammen/ Dêr stiet dy âlde toer./De protters en de dowen/Dy fleane 'er om en
| |
| |
oer.’ Ien dy't yn 1853 om de frijheid fan leauwe mei de fine menisten fan Balk nei Amearika ferhuze wie, frege goed tritich jier letter in famyljelid om him dat ferske te stjoeren. It kaam him altyd wer yn 't sin as er oan Fryslân tocht.
Dochs koe Waling by al syn súkses úteinlik net troch de tiid komme sûnder dat er in fêste betrekking hie. Sa waard er om 1856 hinne boekbiner by Telenga. Fockens hie yn 1853 krante, jierboekje en tydskrift en ek eigen útjeften al oan Telenga oerdien, mar hy bleau dochs ek útjouwer en Waling syn útjeften ferskynden noch by him. Mar begjin 1856 koe er it net mear bolwurkje en gong er nei Amearika. De boekbinerij fan Telenga wie foar op 'e souder en dêr stie de lettersettersjonge Hessel van der Zee, de lettere skriuwer fan it toanielstik De âlde jas (mei in foaropwurd fan Dykstra útjûn) foar him te sjongen doe't er syn Boeresjonger (1857) makke. Dat lieteboekje sil wol net it iennichste west hawwe dat Waling yn de baas syn tiid die. Dêr kaam spul fan. Telenga skynt wollen te hawwen dat er him foar sok wurk dan ek net mear hoegde te beteljen, want Dykstra socht yn 1858 om in oare útjouwer as baas, mar it is blykber wat oerbettere. Ideaal is it lykwols nea wurden. Yn 1860 makke er in ein oan it monopoalje fan Telenga as útjouwer fan syn wurk en it oare jiers sei er syn tsjinst op en begong er wer foar himsels, no yn Holwert.
Hy hie doe mei syn Winterjûnenocht in nije boarne fan ynkomsten fûn, dy't it him makliker makke om de stap nei in selsstannich bestean te setten. Ek sil er him doe noch foarsteld hawwe dat er in net-Frysktalich publyk berikke koe. Hy skreau syn Timmerknecht fuort yn it Nederlansk, fertaalde de Rinkelbel, en hat it om dy reden ek mei Biltsk besocht. Mar dat foel ôf, nettsjinsteande de lof foar syn Timmerknecht, in ferhaal mei in drankbestridersmoraal. It levere him yn Lectuur voor den huiskamer (1858) en Vaderlandsche letteroefeningen (1860) sels positive ferlikingen op mei Gotthelf en Auerbach! Neffens J.J. Cremer, sels in bekend folksskriuwer yn de Nederlânske literatuer, koe Dickens it op bepaalde plakken net better. Dat er net bûten Fryslân trochbriek
| |
| |
lei him ek net oan it distribúsje-apparaat fan Telenga. Dy advertearre mei De zilveren rinkelbel yn de NRC en syn útjeften leinen yn Amsterdam, Leiden en Den Haach yn de boekwinkel.
Mar dat koe er yn 1861 noch net witte. Nei Holwert dus en wer frij man! Der wie doe om Holwert en Dokkum hinne in rûnte fan yntellektuelen en foaroansteande, foarútstribjende boeren mei grutte belangstelling foar it Frysk, miskyn dat dat him dêrhinne lokke hat. It hjit yn alle gefallen wol dat hy op oantrún fan sokken de stap dien hat. Men fynt se bygelyks yn de yntekenlist op As jiemme it lije meije (1842), ien fan de Shakespeareoersettingen fan Rinse Posthumus (1842). Posthumus makke mei guodden as de Harinxma's op Tjessens en de Klaasesz'en fan Ternaard sels diel fan dat fermidden út. Modern wie er sels ûnderwilens ek wurden. Foaral ek troch syn Winterjûnenocht hie er him ûnderwilens al kenne litten as in man fan de liberale rjochting. Fan hûs út wie er otterdoks en tenearsten wie er sels útskaaid nei it befinelike. Dat wie er neffens eigen sizzen noch yn 1855, mar doe't er De timmerknecht skreau (dat útkaam yn 1858) wie er, sa't er dat útdrukte, al tusken hingjen en wierjen.
De boekhannel dy't er yn Holwert opsette, kin it net west hawwe, want dêr koe er mei de hieltyd grutter wurdende húshâlding (alve bern kamen der) net fan libje. Dat waard op 'en doer yn haadsaak in spultsje fan yn- en ferkeap fan âlde boeken en fierders fan skriuwark, almenakken en printeboekjes foar de bern. Inkeld joech er ek wolris in boek út, ek wol fan oaren.
Foar 't neist hat it fuort yn it begjin al net folle oars west. Der is in debet- en kreditboek fan Telenga oer it boekjier 1862 bewarre bleaun en dêrút blykt dat Dykstra oan boeken mar in bytsje ferkocht. Fan it krekt ferskynde twadde stik fan de Ulespegel (1862) sân en fan Mot er jenewer (1862; fan J.C Hoitsma) sels tsien, mar net mear as trije rekke er kwyt fan it earste stik fan de Ulespegel (1860) en fan In faem en in arbeidster (1861), twa fan In doas fol âlde snîpsnaren (1856; mei Tsjibbe Gearts) en It tsiende gebod (1862; fan Aartsma), ien fan Haitskemoai's klachten (1859), de Utdragers-winkel (1860), de Rinkelbel (1856), Fen de
| |
| |
Wîlp nei Leauerd (1861) en Mîn suchten en mîn sangen (1859; de beide lêsten fan Tsjibbe Gearts) en hielendal net ien fan Mink mei 't orgel (1860) en de Learen lape (1861, fan Tsjibbe Gearts). Oan de ferkeap fan dy boeken fertsjinne er in gûne ôf fiif, seis. Gâns mear brocht syn skriuwen op. Yn datselde jier krige er fan Telenga 150 g. foar de redaksje fan Bije-coer en Huesfrjeun en 82 g. 30 foar it sânde fel fan it twadde stik fan de Ulespegel.
In bytsje in fêst ynkommen krige er yn 1878, doe't er ryksskatter foar de personele belesting waard. De Winterjûnenocht hold er yn 1885 sa goed as mei op. It waard him te dreech en de smaak feroare ek. Hy koe it doe ek dwaan, omdat er dat jiers Colmjon opfolge as einredakteur fan it Friesch Woordenboek. Dat bleau er oant it yn 1911 klear wie. Underwilens hie er yn opdracht fan de Ljouwerter útjouwer Suringar yn de jierren om 1890 hinne ek noch in mansk boek Uit Frieslands Volksleven skreaun, dat tusken 1892 en 1896 yn ôfleveringen ferskynde. Hy waard dat lêste jiers as opfolger fan Van Loon ek foarsitter fan it Frysk Selskip 1844. By syn ôfgean yn 1904 waard er earefoarsitter. As foarsitter hold er in pear ferneamd wurden taspraken, dêr't er him pessimistysk yn toande oer de takomst fan it Frysk. Fierder stienen de jierren nei 1895 yn it teken fan it wykblêd Sljucht en Rjucht. Dat wist er ûnder syn lieding bûtengewoan populêr te meitsjen. Hy stoar suver noch midden yn it wurk op 15 jannewaris 1914. Syn frou wie yn 1908 al weirekke.
Hy wie dus oan it lêst ta warber, mar syn grutte tiid wie dochs al lang foarby. Wa't him as skriuwer wurdearje wol, sil nei de earste tweintich jier sjen moatte, fan 1846 oant it begjin fan de jierren sechstich. Foaral ek troch it wurk fan himsels wie der om 1860 hinne in eigen Frysktalige kultuer ûntstien. Dat hie syn foar, mar ek syn tsjin. Ferlet fan Frysk wie der by in hieltyd minder belêzen publyk. It wie in kultuer fan it plattelân en dêr moast hy no rekken mei hâlde. Sûnt dy tiid moast er skriuwe sa't fan him ferwachte waard. Eelco Verwijs, dy't net by dy kultuer hearde, sil net de iennichste west hawwe dy't it Frysk fan dy jierren
| |
| |
tsjinstie. Hy neamde yn De Gids fan 1866 it measte wat yn it Frysk útkaam ‘onbeduidende platheden’. It like him better ta dat Waling Olle Kantellen fan Frits Reuter bewurke, sa't Eeltsje Halbertsma Klaus Groth fertaald hie. Halbertsma sels hie Dykstra trouwens yn 1857 ek al skreaun dat er bûten Gysbert Japix en syn eigen wurk net folle Frysk lies. De Rinkelbel neamde Verwijs lykwols in goed skreaun ferhaal. Dykstra hellet dat yn de foarrede fan de werútjefte út 1866 oan, mar net om mei Verwijs reklame foar syn boek te meitsjen.
It waarden ek hieltyd mear samlingen fan al earder útjûn wurk dy't er útbrocht. Dêr wie er yn 1871 al mei begongen en sûnt hie er de jierren troch sokke samlingen fan âlde ferhalen en rymstikken yn boekfoarm op 'en nij útjûn, oant er yn 1901 begong mei in grutte samling yn fiif dielen, De Frysce Huesfrjeun, dêr't yn 1912 noch trije dielen Net nij, ek net wei op folgen.
Hy waard mear en mear sjoen as taalstrider en net sasear as skriuwer mear. Sels fielde er dat ek sa, sa't wol blykt út syn ferbiten ‘Mar ik sil stride’ (tsjin it ferdwinen fan de Fryske taal) en syn biedwurd: ‘Sûnder Frysk gjin Fryske seden.’ Sa't Conscience dat foar Flaanderen wie, wie Dykstra foar Frysk Fryslân de paadsljochter. It is dan ek gjin tafal dat krekt hy (en nimmen oars) in blêd makke hat foar it hulde-album dêr't Conscience mei eare waard doe't yn 1881 syn hûndertste boek útkaam. Ek dêryn drukte er him yn deselde geast út: ‘De tael is 't folk, dit wirdt aloan/Troch knappe mannen leard;/En as in folk syn tael forsmyt,/It rekket ek syn folks-aerd kwyt,/En falt tobek ta neat.’ Dat idee hie in soad fan syn frissens ferlern sûnt it yn it begjin fan de njoggentjinde ieu ûntstien wie. Doe libbe ûnder de hegerein hiel sterk it idee dat de Friezen in eigen folk wienen en dat soks alderearst oan de eigen taal te sjen wie. Mar nei 1860 wie it wat fan de taalbeweging allinnich wurden.
Dochs wie der ek yn rûnten út de hegerein fan histoarysk oriïntearre leafhawwers fan Fryslân wurdearring foar de man dy't in Frysk Fryslân mei opboud hie. It folk wie wat dat hoede wurde moast, oars soe gjin Fryslân mear bestean. Oan de
| |
| |
huldigingen nei syn dea naam dan ek it Friesch Genootschap diel. It wijde in lytse útstalling oan him. Yn 1878 wie er bûtengewoan lid wurden. Der waard mei it each op in monumint in komitee oprjochte dêr't ek suver elk yn fertsjintwurdige wie. Ek de bûtenkriten fan it Selskip net te min, want Waling hie earelid fan tritich fan dy kriten west. Sels hie er noch yn it huldekomitee foar in monumint foar Nicolaas Beets sitten, doe't er stoar. De brûnzen boarstplaat op hege graniten sokkel waard op 20 septimber 1916 foar de Beurs yn Ljouwert oer ûntbleate (no stiet it monumint by de Ynfirmery te Ljouwert, op 'e splitsing fan Noarderwei en Griene Wei). Pier Pander hie de plakerte makke en H.H. Kramer it parkje om de tinkstien hinne ûntwurpen. Van der Burg, foarsitter fan it Selskip, fierde it wurd. Ta gelegenheid fan de ûntbleating wie der de middeis in stichtlike byienkomst yn de Grutte Tsjerke, dêr'tWumkes spriek, en de jûns in feestjûn yn in útferkochte Harmonie, mei as sprekker Sjouke de Zee en de útfiering fan in sinnebyldich stik fan Schuitmaker, For Fryslâns Tael. Fuort dêrnei soenen de Jongfriezen yn him alles sjen wat har oan benyptheid yn de Fryske literatuer tsjinstie.
|
|